Tjallingafûns
It Tjallingafûns is stifte yn 1541 en hat as doel om ta yn de ivichheid by te dragen oan de soarch foar weesbern. Hjoed de dei bestiet it Tjallingafûns noch altyd. It fûns hat de rjochtsfoarm fan in stifting en is deponearre by de Keamer fan Keaphannel yn Amersfoort. Yn Ljouwert stiet oan de Huzumerleane 95 noch altyd it Tjallingaweeshûs, ek wol Tjallingastate (wenhûs), dat boud is yn 1907 en as weeshûs funksjonearre hat oant 1937.
Woartels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Tjallingafûns hat syn woartels yn de lette midsiuwen. Der wie doe in pleats of state mei lân yn Nijtsjerk, hjoed de dei Westernijtsjerk, by Marrum yn de gemeente Ferwerderadiel, dat yn besit wie fan de Zthalinga’s, it “Zthalinga-goed”. Dêr komt de namme “Tjallinga” wei. Op dizze pleats waarden doe al weesbern opfongen en fersoarge. Troch oererving is it landerij yn hannen kommen fan Sjoerd Andla en Kinsck Ropta.
De stifting fan it Tjallingafûns (1541)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1541 hat it echtpear Andla en Ropta de Tjallinga landerijen ûnderbrocht yn in fûns, dat ta doel hie om oant yn de iuwichheid de soarch foar wezen te ferankerjen. Frou Ropta hie by de stifting bepaald dat der in fjouwerkoppich fûnsbestjoer komme moast. It fûnsbestjoer hie as taak om der op ta te sjen dat de boer, dy’t de pleats en it lân pachtte, ek soarge foar de tolve oant fyftjin weesbern. Al nei tsien jier gong it mis fanwegen wanbehear en te min tafersjoch. Omdat it fûnsbesjoer faalde koe frou Ropta mei súkses it fûnsbestjoer nei hûs stjoere en in nij bestjoer oanwize. Yn har testamint hat frou Ropta doe fêstlizze litten dat de besitters fan Ropta State yn Mitselwier, de Papinga State fan Weidum en de Camstra State fan Wurdum elts rjocht ha op ien sit yn it bestjoer fan it Tjallingafûns. De statebesitters wienen famylje fan frou Ropta en har man Sjoerd Andla. Yn 1581 ferstoar frou Ropta. De nije opset wurke in skoft tige goed, mar nei it ferstjêren fan de bestjoersleden, dy’t gjin neiteam krigen, kaam it fûns ûnder behear fan fiere famylje. Dizze krigen spul en nei de Tjallinga landerijen waard net mear omsjoen. De boer naam hieltyd mear syn eigen frijheid en it tal wezen dat opfongen waard, waard hieltyd lytser, oant it moment dat de boer sels yn de state luts en it hearehûs leech stean liet. It hearehûs ferinnewearre en waard om 1700 hinne troch de boer sloopt. Op in beskaat stuit lit it provinsjebestjoer witte dat de pleats net langer as weeshûs oanmurken wurde kin, en sloech de boer oan foar lânsbelesting. De boer reagearre troch de lêste twa wezen fuort te stjoeren en stelde it lêste oerbliuwende bestjoerslid fan it Tjallingafûns, jonker W. van Sytzama, dêrfan op de hichte. It wie in djiptepunt yn it bestean fan it fûns en it wie ûnwis oft it fûns ea wer funksjonearje soe.
De famylje Buma en it Tjallingafûns (fan 1749 ôf)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonker Van Sytzama wist net wat er mei de sitewaasje oanmoast en hy besleat help te sykjen. Hy gie op besite by lânhear fan Papinga State, de hear W.F. Buma. Buma wie de âld lânhear fan Papingastate opfolge, en neffens it testamint fan frou Ropta hat de besitter fan Papinga State it rjocht om yn it bestjoer fan it Tjallingafûns sitting te nimmen. Sytzama hope dat Buma fan dit rjocht gebrûk meitsje woe. Buma akseptearre, en it Tjallingafûns begûn oan in nij haadstik yn syn bestean. Fan doe ôf oan soe it Tjallingafûns en de famylje Buma oan inoar ferbûn bliuwe. De earste stap dy’t Buma sette wie it yn kaart bringen fan de skulden en besittings fan it fûns. Ta harren grutte skrik ûntdutsen de twa bestjoersleden dat allinnich de state en inkelde lannen fan it fûns wienen. Fan de eigendom fan in protte lannen dy’t in it testamint fan frou Ropta neamd wienen, wie neat mear werom te finen. Boppedat wie der gjin pacht foar dizze lannen ynkommen en hie de boer in protte fan de opstallen yn eigendom. Om koart te gean: de kas wie leech, in protte eigendom wie fuort en it bestjoer waard konfrontearre mei in dwerse, stutige boer. It wie dreech om de boer út te keapjen, omdat de lannen fan it fûns bewierd wienen mei skulden oan de boer. Buma wie lykwols net foar ien gat te fangen en betocht in plan om stadich oan de skulden ôf te lossen en wer greep op Tjallingastate te krijen. Jonker Sytzema wie net oertsjoege, mar yn 1753 kaam de stutige boer te ferstjêren en Sytzema joech Buma grien ljocht. It jier dêrop waard Sytzema syn sûnens gau minder, en omdat er Buma it Tjallingafûns wol tabetroude, hat hy Buma by de notaris machtige om sûnder him it fûns bestjoere te meien. Alve jier letter ferstoar jonker Sytzema, en Buma stie der allinnich foar. Buma koe him der lykwols goed mei rêde, en yn 1765 waarden der wer wezen opfongen op de Tjallinga State. Earst mar twa, mar in pear jier letter wienen it der yn de regel al gau in stik as seis. Sy waarden grutbrocht tagelyk mei de bern fan de boer, en it fûns betelle it ûnderhâld fan de wezen. De lânbou florearre en it fûns hie gjin jildnoed mear. It tal wezen waard fergrutte fan seis nei tolve. In goede hûnderd jier (1875) en in oantal generaasjes Buma fierder kaam de klad der lykwols yn. In âld-boer en boerin waarden opfolge troch harren soan. Dizze soan wie grutwurden yn in gesin mei tolve weesbern. Dat hie de nedige spannings opsmiten yn it gesin en dat hie syn spoaren neilitten by de boeresoan. Hy moast net folle ha fan de weesbern. De jonge boer sette de bern swier oan it wurk, hie se yn de fodden en joech se min te iten. Der gongen praatsjes yn it doarp en op in jûn kaam de hear mr. B.Hopperus Buma persoanik del foar in ynspeksje. Wat Buma seach moat in raar gesicht west ha, want it ferhaal giet dat Buma de jonge boer mei in swipe efternei sitten hat.
It Tjallingaweeshûs ferhuzet nei Ljouwert (1877)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buma realisearre him dat der mear tafersjoch needsaaklik wie, en besleat it weeshûs te ferpleatsen nei Ljouwert. Buma wie foar in grut part fan it jier yn Huzum te finen, dêr’t er oan de Potmarge yn 1874 it bûtenhûs “Vaartzicht” bouwe litten hie. Nei lang besykjen slagge it him om in gernierwenning mei in oantal perselen grûn oan de Huzumerleane te keapjen. It wie in grut dûbeld hûs, en yn 1877 liet hy de wezen fan Nijtsjerk oerpleatse nei Huzum. Buma stelde in echtpear sûnder bern oan foar de deistige fersoarging en hold sels tafersjoch op de gong fan saken. Yn 1907 waard de âlde gernierswenning ferfongen troch it Tjallinga Weeshuis, dat der hjoed de dei noch stiet. Der waarden seis oant sân wezen opfongen. Fan 1904 oant 1920 waarden de wezen foarsoarge troch Vader en Moeder Bouma, tafersjoch en bestjoer waarden útfierd troch de opfolger fan de hear B. Hopperus Buma, de hear W.W. Hopperus Buma. De krisis fan de jierren tritich betsjutten foar de it Tjallingaweeshûs lykwols ek in krisis. In protte fermogen fan it weeshûs siet yn landerijen. Dizze smieten yn de krisis minder op en de kosten foar it weeshûs wienen somtiden grutter as de lannen opsmieten.
De ein fan wezeopfang yn eigen behear (1937)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reserves wienen op en W.W. Hopperus Buma suvere tekoarten somtiden út priveefermogen oan. Yn 1934 ferstoar W.W. Hopperus Buma en de erven moasten besunigje. Sy besluten it pân te ûntromjen en fan 1937 ôf waard it ferhierd oan boargemaster fan Ljouwerteradiel, de hear Hora Siccama. De twa lêste wezen waarden yn in boargerwenning ûnderbrocht. Besluten waard om gjin nije wezen op te nimmen oant it fermogen wer grut genôch wie om it Tjallingaweeshûs wer yn gebrûk nimme te kinnen. Oant dy tiid waard it fûns oars ynset. Der waarden subsydzjes ferliend oan húshâldens wêrfan de kostwinner fuortfallen wie. Dy methoade bliek goed te wurkjen, foar it fûns, de bern en de famylje. Yn 1951 waard dêrom it pân oan de Huzumerleane definityf ôfstietten. Neffens it fûns koenen mear bern holpen wurde troch subsydzjes te ferstrekken as it yn eigen behear opfangen fan bern yn in ynternaat.
It fûns hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stifting “Tjallinga Weeshuis” bestiet op 1 jannewaris 2009 noch altyd en hat neffens de Keamer fan Keaphannel syn sit yn Amersfoort. De lêste fûnsbestjoerder dêr’t it boek: “Vier eeuwen Tjallinga Weeshuis” fan J.F. Broos melding fan makket, is de hear J.C. Hopperus Buma te Amersfoort. J.C. Hopperus Buma is yn 1981 ferstoarn en is te hôf brocht op de famyljebegraafplak yn Weidum.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]J.F. Broos, "Vier eeuwen Tjallinga weeshuis". Fryske Akademy, Ljouwert 1982 (ISBN 90-6171-609-8)