Tibetaanske hazze
Tibetaanske hazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus oiostolus | ||||||||||||
Hodgson, 1840 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Tibetaanske hazze (wittenskiplike namme: Lepus oiostolus), ek wol de wolhazze neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Mei û.o. de (gewoane) hazze (Lepus europaeus) heart dizze soarte ta it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). De Tibetaanske hazze jout de foarkar oan bercheftige biotopen. It is in herbivoar en in solitêr libjend bist, dat foar it meastepart nachts aktyf is. De IUCN klassifisearret de Tibetaanske hazze as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske hazze is lânseigen yn hiel Tibet (dêrfandinne de namme), mar ek yn oare, oanbuorjende dielen fan Sina, wêrûnder de provinsjes Gansu, Qinghai, Sichuan en Yunnan en it suden en súdeasten fan 'e autonome regio Sinkiang-Oeigoerje. Bûten Sina komt dit bist foar yn 'e noardlike stripe fan Nepal en yn twa dielen fan Yndia: yn Ladach, it easten fan Kasjmir, yn it noardwesten, en yn Sikkim, de lytste dielsteat dy't ynklamme leit tusken Nepal en Bûtan, yn it noardeasten.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske hazze is in middelgrutte hazze mei trochinoar in lichemslingte fan 40–50 sm. De moerhazzen binne oer it algemien wat foarser en swierder as de rammen, mei in gewicht fan trochinoar 24 kg tsjin 211/2 kg foar de rammen. De snút is wat spitser as dy fan 'e measte besibbe soarten hazzen. De pels fariërret op 'e rêch fan kleur tusken brún, gielbrún en krêm. De bealch is wyt, faak mei in felbrune streek oer de midden, fan 'e kin oant de anus. De poaten binne ljochtbrún en dûnkerje ta neigeraden dat men tichter by de teannen komt. De efterein is brunich griis en de sturt is wyt of griis mei grizich swarte streken. By healwoeksen eksimplaren is it hiele lichem ljochter kleure as by folwoeksenen. Tibetaanske hazzen ferhierje mar ienris yn it jier.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It biotoop dêr't Tibetaanske hazzen foarkomme, is benammen bercheftich. Habitats binne û.o. berchgreiden, gerslân mei strewelleguod en heechleine kâlde woastinen. Se libje lykwols ek yn nullewâlden en mingde wâlden yn 'e bergen. Yn hichte is de fersprieding fan dit bist beheind ta gebieten tusken de 3.000 en 5.300 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske hazze is in skruten en solitêr libjend bist, dat inkeld kontakt mei soartgenoaten siket om te pearjen. Hoewol't it soms oerdeis waarnommen wurde kin, is it foar it meastepart in nachtdier. Oerdeis lûke Tibetaanske hazzen har yn 'e regel om te rêsten werom yn in leger, in ûndjip dobke, ferskûle yn 'e opgeande begroeiïng. As it sinneskynwaar is, sinnebaaie se bytiden ek wol op in beskut plak. It dieet fan 'e Tibetaanske hazze is herbivoar en bestiet út gerzen en krûden. De peartiid begjint yn april, en de moerhazze produsearret elts jier twa smeten fan 4–6 jongen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske hazze hat in grut ferspriedingsgebiet, mar is oer it algemien in net folle foarkommende soarte. De populaasje waard yn 2019 troch mammalogen A.T. Smith en C.H. Johnson omskreaun as "tige tin, útsein yn in pear gebieten dêr't [Tibetaanske hazzen] dúdlik de foarkar oan jouwe". Dit bist wurdt bejage om sawol fleis as pels, en guon gaadlike habitats rekket er kwyt om't dy troch minsklike aktiviteiten ynnommen of ferrinnewearre wurde. Dat hat resultearre yn in fragmintaasje fan 'e populaasje as gehiel en it ûnfermogen fan guon eksimplaren om op pleatslike skaal te migrearjen. Nettsjinsteande dat hat de Tibetaanske hazze foarearst de IUCN-status fan "net bedrige" krigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|