The Warrior's Apprentice
The Warrior's Apprentice | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1986, New York | |
oarspr. útjwr. | Baen Books | |
prizen | nom. Campbell Award 1987 | |
rige | ||
rige | The Vorkosigan Saga | |
● foarich diel | Barrayar | |
● folgjend diel | The Mountains of Mourning | |
kodearring | ||
ISBN | 0 67 16 55 876 |
The Warrior's Apprentice is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Warrior's Apprentice waard foar it earst útjûn yn 1986. It is ûnderwilens oerset yn sechstjin talen, wêrûnder it Nederlânsk.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Warrior's Apprentice wie Bujold har twadde roman, dêr't se oan begûn yn 'e hjerst fan 1983, amper seis wike nei't se har earste boek, Shards of Honor, foltôge hie en sûnder dat se al in útjouwer fûn hie. De titel fan The Warrior's Apprentice, dy't oerset wurde kin as "De Krigerslearling", is in wink nei it gedicht Der Zauberlehrling ("De Tsjoenderslearling"; yn 'e Ingelske oersetting The Sorcerer's Apprentice), fan Johann Wolfgang von Goethe, út 1797, dat giet oer de learling fan in âlde tsjoender dy't it hiele spul yn 'e bulten jaget om't er mient dat er op it mêd fan 'e tsjoenderij kundiger is as dat yn wurklikheid it gefal is.[1]
Bujold krige The Warrior's Apprentice ôf tsjin 'e hjerst fan 1984, mar se hie doe noch altyd gjin útjouwer. Se hie Shards of Honor al in pear kear weromstjoerd krigen en The Warrior's Apprentice sels waard neitiid ek twaris ôfwiisd. Doe wie it ûnderwilens de simmer fan 1985 en Bujold har âlde skoalkammeraatske Lillian Stewart Carl, sels ek in science fiction- en fantasyskriuwster, rette har doe oan om it ris by Baen Books te besykjen, dêr't sy kunde oan immen hie. Yn oktober fan dat jier kaam doe einlik it ferlossende berjocht, mei't útjouwer Jim Baen Bujold skille en sei dat er behalven The Warrior's Apprentice yn ien kear ek Shards of Honor en har trêde boek, Ethan of Athos útjaan woe, al hied er dy beide romans doe noch net iens ûnder eagen hân.[2][3]
The Warrior's Apprentice waard foar it earst útjûn yn augustus 1986, mar kaam al yn 1987, tegearre mei Shards of Honor, út yn in omnibusedysje mei as titel Test of Honor. Dat boek is al lang net mear te besetten, mar yn 1997 foarme The Warrior's Apprentice ûnderdiel fan in nije omnibus, yn 'e mande mei de roman The Vor Game en de novelle The Mountains of Mourning, ûnder de titel Young Miles. Dy is sûnt teminsten al trije kear werprinte, de trêde kears yn 2008.
The Warrior's Apprentice is skreaun yn it personele perspektyf en spilet santjin jier nei Shards of Honor. De haadpersoan derfan is foar it earst yn 'e gronology fan The Vorkosigan Saga Miles Naismith Vorkosigan, Bujold har populêrste personaazje. Oan 'e ein fan Shards of Honor, dat syn mem Cordelia Naismith as haadpersoan hat, kaam Miles te wrâld mei in stikmannich lichaamlike beheinings dy't er oprûn hie as gefolch fan in moardoanslach op syn âldelju doe't hysels noch mar in foetus yn syn memme limoer wie. Sa hat er tige by tige brekbere bonken en wurdt er nea langer as 1.45 m. Mei syn ferstân is lykwols neat mis, en dat is mar goed ek, want hy libbet op 'e militaristyske planeet Barrayar, dêr't krekt rûnom slimme foaroardielen libje tsjin lju mei oanberne krupsjes.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Warrior's Apprentice iepenet as Miles besiket om talitten te wurden ta de Barrayareeske Militêre Akademy, mar by it nimmen fan 'e hindernisbaan, as ûnderdiel fan 'e lichaamlike keuring, beide skonken brekt. Dat betsjut fansels dat er militêre tsjinst wol ûnder de skoechsoallen skriuwe kin: in blamaazje foar himsels en in teloarstelling foar syn pake, de âlde greve Piotr Vorkosigan, dy't yn syn jonge jierren de held fan 'e guerylja-oarloch tsjin 'e Cêtagandyske besetters wie. As de âldman dan koarte tiid letter komt te ferstjerren, nimt Miles it himsels nammenste mear nei. Syn âldelju stelle dan út dat er in ynterstellêre reis nei Bêta Koloanje meitsje sil, de thúsplaneet fan syn mem, om dêr syn beppe te besykjen. En sa reizget Miles mei syn liifwacht, de geastlik fragile serzjant Bothari, en Bothari syn dochter Elena (dy't mei Miles yn 'e Vorkosigan-húshâlding grutbrocht is en dêr't er temûk fereale op is) nei Bêta Koloanje.
Ienris dêre, rinne de saken al gau út 'e hân. Miles is noch net iens de romtehaven út of hy bemuoit him al mei saken dy't him neat oangeane. Hy wit in ynterstellêre piloat, Arde Mayhew, dy't him nei syn ûntslach mei in wapen yn syn troch syn wurkjouwer foar de sloop ferkochte romteskip ferskânze hat, derút te praten troch it skip foar him te keapjen de piloat sels ta in lienman fan him te meitsjen, sadat de Bêtaanske plysje him frijút gean litte moat. Dyselde deis noch rekket er belutsen by Baz Jesek, in Barrayareeske deserteur, dy't op Bêta Koloanje ûnderdûkt is en dy't er letter ek ta syn lienman makket. Dan tinkt er in manear op om winst te meitsjen mei it ferâldere romteskip dêr't er no eigner fan is, om't er oars it jild net hat en betelje de oankeap derfan. As doel fan syn earste reis kiest er Tau Verde IV út, in planeet mei twa regionale regearings dy't mei-inoar yn oarloch binne. De Pelianen hawwe de Oseraanske Hierlingefloat oannommen om in wapenblokkade yn te stellen tsjin harren fijannen, de Felisiërs. Miles lit him ynhiere troch de Felisiërs om te besykjen mei in lading wapens troch dy blokkade hinne te kommen. Mei Mayhew as piloat en Jesek as skipsmasinist set er ôf mei Bothari, Elena en harren Felisyske opdrachtjouwer.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
By de blokkade oankommen wurdt it skip trochsocht, mar de hierlingen kinne neat fine, want de wapens binne goed ferstoppe. De hierlingen beslute lykwols Elena te gizeljen oant Miles-en-dy har wer oppikke op 'e weromreis. Dat is foar Miles ûnakseptabel en hy sjocht gjin oare útwei as om serzjant Bothari los te litten op it groepke hierlingen dat de trochsiking ferrjochte hat. Dy hierlingen binne dan hiel gau oermastere, mar dêrnei binne Miles-en-dy fansels twongen om ek it skip dêr't de mannen weikomme te oerweldigjen. Lokkigernôch ferwachtet nimmen dêre swierrichheden fan 'e opfarrenden fan in âld keapfarder, dat se komme de hierlingen folslein oer it mad. De bemanning fan it hierlingeskip, de Ariel, wurdt útskeakele mei ferdôvers en opsletten yn it rom, wylst Miles-en-dy besit nimme fan harren skip.
Miles nimt dan út 'e gong wei ien fan 'e hommelse besluten dy't him sa eigen binne, en wit kaptein Auson en earste stjoerman Bel Thorne, in hermafrodyt dat ôfkomstich is fan Bêta Koloanje, derfan te oertsjûgjen dat hy en syn maten in ynspeksjetiim binne fan in oare hierlingefloat, de Frije Dendarii Hierlingen (neamd nei in berchtme op Barrayar), dat stjoerd is om sawol wapens nei de Felisiërs te slûkjen, as om te rekrutearjen ûnder de konkurrinsje. Mei't er net it risiko rinne wol dat syn heit, de minister-presidint fan Barrayar, yn opspraak rekket en er sadwaande syn efternamme net brûke kin, is dit it punt wêrop't Miles syn alter ego "admiraal Naismith" optinkt. Mei in hiel ferskaat oan suggestjes, bedragerij, planute leagens en oare wipwap kriget er earst Auson en Thorne en dan mei harren stipe de bemanning fan 'e Ariel safier dat se oerrinne fan 'e Oseranen nei de Dendarii.
As Miles mei syn beide skippen by it romtestasjon oankomt dêr't de wapens ôflevere wurde moatte, blykt dat lykwols ûnderwilens yn Peliaanske hannen fallen te wêzen. Miles beslút it te weroverjen en lit dêrby Bel Thorne (by wize fan evaluaasje fan it taktysk ynsjoch fan in rekrút) it grutste part fan it wurk opknappe. Behalven it romtestasjon wurdt der ek noch in twadde Oseraansk skip bútmakke, mar de kaptein dêrfan, de ierdling Ky Tung, dy't in stik snoader is as Auson en Thorne, wit te ûntkommen. Nei't der noch in Peliaanske oanfal ôfslein is, komme de Felisiërs einlik om harren wapens op te heljen, mar dan blykt dat se allinne mar betelje kinne yn harren eigen faluta (de millifenig), dy't bûten Tau Verde neat mear wurdich is. As de Felisiërs dan de Dendarii, dêr't se ûnderwilens hiel wat oer heard hawwe fan 'e bemanning fan 'e Ariel, ynhiere wolle om 'e blokkade te brekken, is Miles troch de kosten dy't er al makke hat, min of mear twongen om in nij kontrakt mei harren oan te gean, wêrby't er betelling yn Bêtaanske dollars spesifisearret.
Miles hat gjin idee hoe't er it brekken fan 'e blokkade klearspylje sil mei sa'n bytsje troepen, mar dan keart Ky Tung werom en fersiket om him oanslute te meien by de Dendarii, nei't er troch syn befelhawwer, admiraal Oser, misjegene is fanwegen it ferlies fan syn skip. Fan 'e planeet komme ek fersterkings, hierlingen en eks-soldaten fan bûten it sinnestelsel dy't hjir troch de blokkade fêstkommen binne te sitten. Under harren is in froulike Escobareeske âld-ofsier dy't tsjinne hat yn 'e oarloch mei Barrayar (sjoch: Shards of Honor). Har namme is Elena Visconti en sy blykt de mem te wêzen fan Elena Bothari; hja is as kriichfinzene troch de geastlik labile serzjant Bothari, doe't dy ûnder ynfloed stie fan 'e sadistyske admiraal Vorrutyer, ferkrêfte. No werkent se Bothari en wreket har troch him dea te sjitten. Foar Miles, dy't oant dan ta altiten rekkenje kinnen hat op Bothari syn kwasy-heitige stipe, is dat in krúsjaal kearpunt yn syn libben.
Hy beseft dat er dizze hiele sitewaasje allinne mar oan himsels te witen hat en dat weaget swier op syn skouders. Hy lit it yn him omgean om út te naaien, mar beslút úteinlik om syn ferantwurdlikheid te nimmen. Om 'e blokkade te brekken, soarget er derfoar dat de twawyklikse betellings fan 'e Pelianen oan 'e Oseraanske Hierlingen net mear arrivearje, troch se ûnderweis te ûnderskeppen of te ferneatigjen. Der ûntstiet dan ûnienichheid tusken de Pelianen en harren hierlingen, en as se net mear betelle wurde, spylje de earste hierlingen al rillegau fan ruten. Uteinlik komt admiraal Oser mei alle skippen dy't er noch hat by it romtestasjon opdaagjen en fersiket om him by de Dendarii oanslute te meien. Sa hat Miles oan syn kontrakt foldien (de blokkade is opheft) en no beskikt er mei-iens oer in float fan njoggentjin skippen.
Mar dat smyt wer oare swierrichheden op, want nettsjinsteande al syn foarsoarchsmaatregels om soks krekt foar te kommen, hawwe geroften oer syn eksploaten (of alteast oer de eksploaten fan immen dy't in opmerklik soad op him liket) Barrayar berikt. Fijannen fan syn heit sjogge der in tarieding ta in steatsgreep yn (hokfoar oare reden soe de soan fan 'e minister-presidint hawwe kinne om in priveeleger gear te stallen?) en hawwe in arrestaasjebefel tsjin him útfeardige. Lju dy't sels de macht nei harren talûke wolle en him, syn heit en syn neef Ivan kwyt sjen moatte te reitsjen om dat te berikken, hawwe derfoar soarge dat dat arrestaasjebefel him nea berikte, sadat Miles, him ûnbewust fan alle trelit op Barrayar, fleurich fierder gie op 'e ynsleine wei. It soe wurke hawwe, as Ivan, dy't meistjoerd wie op it sabotearre koeriersskip, net troch syn sleauwens op Bêta Koloanje letterlik de boat mist hie en dêrnei op eigen gelegenheid fierder reizge wie nei Tau Verde. Nei't Miles út Ivan syn ferhaal opmakke hat wat der oan 'e hân is, draacht er it befel oer de Dendarii oer oan 'e kundige Ky Tung, en reizget dan sels halje-trawalje nei hûs. Miles en Ivan komme krekt op 'e tiid op Barrayar oan om alle beskuldigings te ûntkrêftsjen, en as Miles dan yn it iepenbier suggerearret dat er bewize kin wa't efter de sabotaazje op it koeriersskip sit, falt de gearspanning útinoar yn lju dy't mei de finger nei inoar begjinne te wizen.
Neitiid wurdt Miles, dy't blykber net los fertroud is, fan hegerhân dochs noch de Militêre Akademy ynloadse (dêr't er trouwens syn ynstrukteurs ferrast mei kennis dy't er yn 'e echte oarlochssitewaasje by Tau Verde opdien hat). En de Dendarii wurde werklassifisearre ta ûnderdiel fan 'e Barrayareeske Ryksstriidkrêften, ressortearjend ûnder de geheime tsjinst ImpSec. Al wurdt it net needsaaklik achte om 'e Dendarii sels dêroer yn te ljochtsjen.
Oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Japansk (Senshi Shigan), fert. Ayako Ogiso, 1991;
- Spaansk (El Aprendiz de Guerrero), fert. Paola Tizzano, 1991;
- Dútsk (Der Kadett), fert. Edda Petri, 1993;
- Italjaansk (L'Apprendista), fert. Raffaela Ciampa, 1993;
- Bulgaarsk (Naemnicite na Dendarii), fert. Veselin Laptev, 1995;
- Russysk (Učenik Voina), fert. T. Čerjezova, Sjergjej Roj en S. Kurdjukov, 1995;
- Litousk (Kario Mokinys), fert. Nomeda Berkuvienė, 1996;
- Frânsk (L'Apprentissage du Guerrier), fert. Geneviève Blattmann, 1997;
- Italjaansk (L'Apprendista Ammiraglio), fert. Viviana Viviani, 1998;
- Kroätysk (Pripavnik za Ratnika), fert. Mihaela Velina, 1998;
- Poalsk (Uczeń Wojownika), fert. Marcin Szczerbic, 1998;
- Nederlânsk (De Jonge Krijger), fert. Josephine Ruitenberg, 2000;
- Tsjechysk (Učedník Války), fert. Robert Tschorn, 2000;
- Hebriuwsk (Shuliyat Ha-Lohem), fert. Emanuel Lotem, 2001;
- Sineesk (?), fert. ?, 2004;
- Koreaansk (Mailjŭ ŭi Chŏnjaeng), fert. Sang-hun Kim, 2007;
- Estysk (Sõduri Õpilane), fert. Allan Eichenbaum, 2010.[4]
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Twadde plak foar de John W. Campbell Award for Best New Writer op 'e Worldcon (wrâldkonvinsje foar science fiction en fantasy) fan 1987 te Brighton, yn Ingelân.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|