Springe nei ynhâld

The Sharing Knife: Passage

Ut Wikipedy
The Sharing Knife: Passage
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2008, New York
oarspr. útjwr. Eos
rige
rige The Sharing Knife
● foarich diel The Sharing Knife: Legacy
● folgjend diel The Sharing Knife: Horizon
kodearring
ISBN 978 0 06 13 75 330

The Sharing Knife: Passage is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Sharing Knife, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, wêrfan't de earste fjouwer boeken in trochrinnend ferhaal foarmje. Sadwaande is Passage minder goed los fan 'e oare dielen te lêzen as romans út Bujold har oare beide romansearjes, de Vorkosigan-kroniken en de Chalion-syklus. Passage is it trêde diel fan The Sharing Knife. It waard foar it earst útjûn yn 2008 en is ûnderwilens oerset yn fjouwer talen.

Bujold skreau Passage, dat (yn dit gefal) oerset wurde kin as "Trochfeart", oarspronklik as ien boek mei it fjirde diel fan The Sharing Knife, Horizon, yn 2007 en 2008. It wie in ferfolch op 'e earste beide dielen fan 'e searje (Beguilement en Legacy), dy't ek ien ferhaal foarmje. Dit ferfolch soe, foar't it opspjalte waard, de titel The Wide Green World krije, wat sadwaande ek wol as alternative namme foar de hiele romansearje brûkt wurdt. Passage is skreaun yn it personele perspektyf, en ferskynde yn 2008 by Eos, in ymprint fan útjouwerij HarperCollins Publishers. It kaam datselde jiers noch út as audioboek, en yn 2011 as e-boek.

Passage begjint op it punt dêr't Legacy ophold. Fawn, in fanke fan boerekomôf, en har man, de fjirtich jier âldere, ienhannige Marrinner Dag, hawwe it Marrinnerskamp Hickory Camp, dêr't se net wolkom wiene om't it not done is foar boeren en Marrinners om mei-inoar te trouwen, efter harren litten en binne ôfset op in houliksreis nei de súdlike see. Se geane earst by Fawn har famylje oan, dêr't har âldere broer Whit him by harren jout.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

Trijeresom sette se fierder, en mei't er mei boeren reizget, komt Dag no mear as ea tefoaren yn kontakt mei oare boeren. Hy begjint syn magy te brûken om sykten en krupsjes te genêzen, en leit dêrby kear op kear de boeren út hoe't de tsjoenderij fan 'e Marrinners persiis wurket en wat de grinzen derfan binne. Dat giet yn tsjin alles wat de Marrinners altiten dien hawwe, ntl. har sa min mooglik mei de boeren bemuoie en sa min mooglik ynformaasje oer harrensels priisjaan. Mar it is Dag dúdlik dat dat belied net wurket; krekt oarsom, it smyt in erchtinkendheid op dy't gewelddiedige konfrontaasjes feroarsaket en gearwurking yn 'e wei stiet. Sadwaande is Dag derfan oertsjûge rekke dat it tiid is om wat oars te besykjen.

Dag, Fawn en Whit meunsterje oan op in platboaiem boat dy't harren oer de rivier de Grace en de Grize Rivier nei de see ta bringe sil. De skipper is in frommeske, baas Berry Clearcreek, dy't mei har jongere bruorke en har sûplap fan in omke op 'e siik is nei har heit, har âldere broer en har ferloofde, dy't de hjerst tefoaren op 'e rivier ferdwûn binne. Whit rekket daliks alhiel besleifere fan Berry, mar sy hopet har ferloofde noch libben werom te finen. Letter krije se selskip fan twa jonge Marrinners, Remo en Barr, dy't nei in rampsillich ôfrûne slaanderij mei guon boeren yn harren kamp yn ûngenede fallen binne.

Underweis nei de see belibje se in ferskaat oan spannende en grappige eksploaten, wêrûnder in konfrontaasje mei in ôffallige Marrinner, de lieder fan in binde moardners en rôvers dy't ek ferantwurdlik blykt te wêzen foar de ferdwining fan Berry har famylje. Dag liedt de beide jonge Marrinners en in hiel espel boeren yn in oanfal op 'e rôvershoale en wit de misdiedigers troch it ferrassingselemint oermânsk te wurden. Neitiid demonstrearret er foar de oanwêzige boeren hoe't men in dielmês makket fan 'e bilbonke fan in stoarne Marrinner. It ferhaal beslút mei de oankomst fan it selskip op it plak dêr't de rivier yn 'e súdlike see útmûnet. Wylst eltsenien plannen makket foar de weromreis streamop, docht Whit dêr lang om let in wraam op Berry en kriget tawurd.

  • Bulgaarsk (Preobrazjavane), fert. Cvetana Genčeva, 2009;
  • Frânsk (Passage), fert. Benoît Domis, 2009;
  • Russysk (V Puti), fert. A. Aljeksandrova, 2009;
  • Japansk (?), fert. Ayako Ogiso, 2011.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).

Boarnen

The Sharing Knife
The Sharing Knife: Beguilement • The Sharing Knife: Legacy • The Sharing Knife: Passage • The Sharing Knife: Horizon • Knife Children