Jonathan Strahan
Jonathan Strahan | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jonathan Strahan | |
nasjonaliteit | Austraalje | |
berne | 1964 | |
berteplak | Belfast (Noard-Ierlân) | |
etnisiteit | Iersk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | redakteur, útjouwer | |
aktyf as | blogger | |
jierren aktyf | 1991 – no | |
prizen | 1× World Fantasy Award 3× Locus Award 7× Aurealis Award | |
offisjele webside | ||
jonathanstrahan.com.au |
Jonathan Strahan (Belfast, 1964) is in yn Noard-Ierlân berne Australyske redakteur fan blomlêzings en tydskriften op it mêd fan science fiction- en fantasyliteratuer. Ek wied er aktyf as útjouwer. Hy hat mei syn wurk in protte prizen en nominaasjes yn 'e wacht sleept.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strahan waard yn 1964 berne yn it Noardierske Belfast. Yn 1968, doe't er fjouwer jier wie, emigrearren syn âldelju mei him nei Austraalje, dêr't er opgroeide yn Perth, de haadstêd fan West-Austraalje. Yn 1986 studearre er mei in bachelorgraad yn 'e skiene keunsten ôf oan 'e Universiteit fan West-Austraalje.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1990 rjochte Strahan yn 'e mande mei û.o. Jeremy G. Byrne it tydskrift Eidolon op, dat as ûndertitel hie The Journal of Australian Science Fiction and Fantasy. Oant 1999 wied er dêr as ien fan 'e redakteurs en ien fan 'e útjouwers by belutsen. Hy wie ek ien fan de eigners fan útjouwerij Eidolon Books. Yn dy hoedanichheid wied er as boekeredakteur behelle yn 'e útjefte fan The Secret Life of Rubber-Suit Monsters fan Robin Pen, Going Home Again fan Howard Waldrop, The Thorn Boy fan Storm Constantine en Blackwater Days fan Terry Dowling.
Fan 1997 oant maart 1998, doe't er weromkearde nei Austraalje, wurke Strahan as redakteur en resinsint yn Oakland (Kalifornje) foar it Amerikaanske tydskrift Locus. Begjin 1999 kaam er dêr wer te wurkjen, hoewol't er yn Austraalje wenjen bleau. Datselde jiers rjochte er de útjouwerij The Coode Street Press op, dy't ien edysje fan it tydskrift The Coode Street Review of Science Fiction publisearre (dat gjin súkses waard), en teffens Antique Futures fan Terry Dowling. Fan dy tiid ôf liedt it bedriuw in sliepend bestean. Sûnt 2010 presintearret Strahan fia it ynternet, tegearre mei Gary K. Wolfe, de bekroande Coode Street Podcast.
Yn jannewaris 2002 waard Strahan by Locus promovearre ta redakteur mei tafersjoch oer alle resinsjes. Behalven yn Locus publisearre er ek literatuerkritiken yn Eidolon, Eidolon: SF Online en Foundation. Dêrnjonken wurket Strahan as redakteur fan (anno 2020 sa'n 60) blomlêzings en ferhalebondels fan science fiction- en fantasy-ferhalen, dy't publisearre binne yn Austraalje en/of de Feriene Steaten. Dêrfoar hat er in World Fantasy Award wûn, 3 Locus Awards en 7 Aurealis Awards. Fierders is er nominearre foar 62 Locus Awards, 23 Aurealis Awards, 17 Hugo Awards, 6 World Fantasy Awards, in British Science Fiction Association Award en de Philip K. Dick Award. Ek hat er 6 kear de Ditmar Award fan 'e Australyske Nasjonale Science Fiction Konvinsje wûn.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1999 troude Strahan mei de eardere Locus-redaktrise Marianne S. Jablon. Se wenje yn Perth en hawwe twa dochters, Jessica en Sophie.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- gearstalde blomlêzings
- 1997 – The Year’s Best Australian Science Fiction and Fantasy, Vol. 1 (mei Jeremy G. Byrne)
- 1998 – The Year’s Best Australian Science Fiction and Fantasy, Vol. 2 (mei Jeremy G. Byrne)
- 2004 – Science Fiction: Best of 2003 (mei Karen Haber)
- 2004 – The Locus Awards: Thirty Years of the Best in Fantasy and Science Fiction (mei Charles N. Brown)
- 2004 – Best Short Novels: 2004
- 2005 – Science Fiction: Best of 2004 (mei Karen Haber)
- 2005 – Fantasy: Best of 2004 (mei Karen Haber)
- 2005 – Best Short Novels: 2005
- 2006 – Best Short Novels: 2006
- 2006 – Science Fiction: The Very Best of 2005
- 2006 – Fantasy: The Very Best of 2005
- 2006 – Eidolon 1 (mei Jeremy G. Byrne)
- 2007 – The Jack Vance Treasury (mei Terry Dowling)
- 2007 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 1
- 2007 – Best Short Novels: 2007
- 2007 – The New Space Opera (mei Gardner Dozois)
- 2007 – Ascendancies: The Best of Bruce Sterling
- 2007 – Eclipse: New Science Fiction and Fantasy
- 2008 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 2
- 2008 – The Starry Rift
- 2008 – The Jack Vance Reader (mei Terry Dowling)
- 2008 – Eclipse 2
- 2009 – Wild Thyme, Green Magic: Stories by Jack Vance (mei Terry Dowling)
- 2009 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 3
- 2009 – The New Space Opera 2 (mei Gardner Dozois)
- 2009 – Eclipse 3
- 2010 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 4
- 2010 – Mirror Kingdoms: The Best of Peter S. Beagle
- 2010 – Fritz Leiber: Selected Stories (mei Charles N. Brown)
- 2010 – The Green Leopard Plague and Other Stories (mei Walter Jon Williams)
- 2010 – Subterranean Online, Spring Issue
- 2010 – Hard Luck Diggings: The Early Jack Vance (mei Terry Dowling)
- 2010 – Legends of Australian Fantasy (mei Jack Dann)
- 2010 – Wings of Fire (mei Marianne S. Jablon)
- 2010 – Swords and Dark Magic (mei Lou Anders)
- 2010 – The Best of Kim Stanley Robinson
- 2010 – Godlike Machines
- 2010 – The Best of Larry Niven
- 2010 – Engineering Infinity
- 2011 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 5
- 2011 – Life on Mars: Tales from the New Frontier
- 2012 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 6
- 2012 – Eclipse 4
- 2012 – Edge of Infinity
- 2012 – Under My Hat: Tales from the Cauldron
- 2013 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 7
- 2013 – Fearsome Journeys
- 2014 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 8
- 2014 – Reach for Infinity
- 2014 – Fearsome Magics
- 2015 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 9
- 2016 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 10
- 2016 – Drowned Worlds
- 2016 – Meeting Infinity
- 2017 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 11
- 2017 – Bridging Infinity
- 2018 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 12
- 2018 – Infinity Wars
- 2019 – The Best Science Fiction and Fantasy of the Year, Vol. 13
- 2019 – Infinity's End
- 2019 – Mission: Critical
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | priis | resultaat | kategory | foar |
---|---|---|---|---|
1992 | Ditmar Award | wûn | bêste fanzine (mei Jeremy G. Byrne, Robin Pen, Richard Scriven en Chris Stronach) |
Eidolon |
1993 | Ditmar Award | wûn | bêste tydskrift (mei Jeremy G. Byrne, Robin Pen, Richard Scriven, Chris Stronach en Keira McKenzie) |
Eidolon |
1996 | Ditmar Award | wûn | bêste publikaasje/fanzine (mei Jeremy G. Byrne en Richard Scriven) |
Eidolon |
1999 | Ditmar Award | nominearre | bêste Australyske tydskrift of blomlêzing (mei Jeremy G. Byrne en Richard Scriven) |
Eidolon |
nominearre | William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje | resinsjes yn Locus | ||
2000 | Ditmar Award | nominearre | bêste fanproduksje (mei Steven Paulsen) | The Coode Street Review of Science Fiction |
nominearre | William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje (mei Steven Paulsen) |
The Coode Street Review of Science Fiction | ||
nominearre | William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje | resinsjes yn Locus | ||
2001 | Ditmar Award | nominearre | William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje | resinsjes yn Locus |
2003 | Ditmar Award | nominearre | bêste Australyske fanzineskriuwer | n.f.t. |
wûn | William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje | ferskate resinsjes | ||
wûn | bêste Australyske profesjonele prestaasje | n.f.t. | ||
2004 | Ditmar Award | nominearre | William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje | ferskate resinsjes |
2005 | Ditmar Award | nominearre | bêste profesjonele prestaasje | n.f.t. |
Locus Award | 3e plak | bêste blomlêzing (mei Charles N. Brown) | The Locus Awards: Thirty Years of the Best Science Fiction and Fantasy | |
Peter McNamara Award | wûn | bêste professional yn Australyske science fiction | oeuvre | |
2006 | Ditmar Award | nominearre | bêste profesjonele prestaasje | Best Short Novels: 2005 Science Fiction: Best of 2004 Fantasy: Best of 2004 |
2007 | Ditmar Award | nominearre | bêste sammele wurk (mei Jeremy Byrne) | Eidolon 1 |
2008 | Ditmar Award | nominearre | William Atheling Jr. Award foar bêste resinsje | wurd foarôf yn The New Space Opera |
nominearre | bêste profesjonele prestaasje (mei Garth Nix, Deborah Biancotti en Trevor Stafford) |
gearstallen en promoatsjen fan 'e Australian Fantasy and SF Catalogue | ||
nominearre | bêste profesjonele prestaasje | The Jack Vance Treasury The Best Science Fiction & Fantasy of the Year Best Short Novels of 2007 | ||
wûn | bêste sammele wurk (mei Gardner Dozois) | The New Space Opera | ||
Hugo Award | nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | |
Locus Award | wûn | bêste blomlêzing (mei Gardner Dozois) | The New Space Opera | |
2009 | Aurealis Award | wûn | bêste blomlêzing | The Starry Rift |
Ditmar Award | nominearre | bêste sammele wurk | The Starry Rift | |
Hugo Award | nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | |
2010 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing (mei Gardner Dozois) | The New Space Opera 2 |
nominearre | bêste blomlêzing | Eclipse 2 | ||
wûn | bêste blomlêzing | Eclipse 3 | ||
Ditmar Award | nominearre | bêste sammele wurk (mei Gardner Dozois) | The New Space Opera 2 | |
nominearre | bêste sammele wurk | Eclipse 3 | ||
Hugo Award | nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | |
Locus Award | 3e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
wûn | bêste blomlêzing (mei Gardner Dozois) | The New Space Opera 2 | ||
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing | Eclipse 3 | |
wûn | spesjale priis: bêste professional | redaksje fan blomlêzings en tydskriften | ||
2011 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | Godlike Machines |
wûn | bêste blomlêzing (mei Marianne S. Jablon) | Wings of Fire | ||
British Science Fiction Association Award | nominearre | bêste non-fiksje (mei Gary K. Wolfe) | Notes from Coode Street Podcast | |
Ditmar Award | nominearre | bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
Hugo Award | nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | |
Locus Award | 3e plak | bêste blomlêzing (mei Lou Anders) | Swords & Dark Magic | |
2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | ||
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing (mei Lou Anders) | Sword & Dark Magic | |
2012 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 5 |
nominearre | bêste blomlêzing | Life on Mars: Tales of the New Frontier | ||
Ditmar Award | nominearre | bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
Hugo Award | nominearre | bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | ||
Locus Award | 3e plak | bêste blomlêzing | Engineering Infinity | |
nominearre | bêste redakteur | n.f.t. | ||
2013 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | Edge of Infinity |
nominearre | bêste blomlêzing | Under My Hat: Tales from the Cauldron | ||
wûn | bêste blomlêzing | The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 6 | ||
Ditmar Award | nominearre | bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe]) | The Coode Street Podcast | |
Hugo Award | nominearre | bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | ||
Locus Award | 2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
wûn | bêste blomlêzing | Edge of Infinity | ||
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing | Under My Hat: Tales from the Cauldron | |
2014 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 7 |
Ditmar Award | nominearre | bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
Hugo Award | nominearre | bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | ||
World Fantasy Award | nominearre | bêste blomlêzing | Fearsome Journeys | |
2015 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | Fearsome Magics: The New Solaris Book of Fantasy 2 |
nominearre | bêste blomlêzing | Reach for Infinity | ||
Locus Award | nominearre | bêste blomlêzing | Reach for Infinity | |
nominearre | bêste redakteur | n.f.t. | ||
Philip K. Dick Award | finalist | n.f.t. | Reach for Infinity | |
2016 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 9 |
nominearre | bêste blomlêzing | Meeting Infinity | ||
Ditmar Award | nominearre | bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
2017 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 10 |
Ditmar Award | nominearre | bêste fanpublikaasje (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
Hugo Award | nominearre | bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | ||
Locus Award | 2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
2018 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 11 |
wûn | bêste blomlêzing | Infinity Wars | ||
Hugo Award | nominearre | bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | ||
Locus Award | 3e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
2e plak | bêste blomlêzing | Infinity Wars | ||
2019 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | Infinity's End |
wûn | bêste blomlêzing | The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 12 | ||
Hugo Award | nominearre | bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
Locus Award | 3e plak | bêste blomlêzing | Infinity's End | |
3e plak | bêste redakteur | n.f.t. | ||
2020 | Aurealis Award | nominearre | bêste blomlêzing | The Best Science Fiction & Fantasy of the Year, Vol. 13 |
wûn | bêste blomlêzing | Mission Critical | ||
Hugo Award | nominearre | bêste fancast (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast | |
nominearre | bêste redakteur fan koarte fiksje | n.f.t. | ||
Locus Award | 2e plak | bêste redakteur | n.f.t. | |
World Fantasy Award | nominearre | spesjale priis: non-professional (mei Gary K. Wolfe) | The Coode Street Podcast |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |