Susie Walking Bear Yellowtail
Susie Walking Bear Yellowtail | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Susie Walking Bear Yellowtail | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1903 | |
berteplak | Pryor (Montana) | |
stoarn | 1981 | |
stjerplak | yn it Krieë Reservaat (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ferpleechster | |
aktyf as | minskerjochte-aktiviste | |
jierren aktyf | 1927 – 1981 | |
prizen | President's Award for Outstanding Nursing Healthcare 1962 |
Susie Walking Bear Yellowtail (Pryor (Montana), 1903 – yn it Krieë Yndianereservaat (Montana), 1981) wie in Amerikaansk ferpleechster en minskerjochte-aktiviste fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja wie de earste diplomearre ferpleechkundige fan har folk, de Krieën (Crow). Neitiid sette Yellowtail har de rest fan har libben yn foar de boargerrjochten fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yellowtail waard yn 1903 as Susie Walking Bear berne yn it doarp Pryor, yn it Krieë Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Montana. Hja wie in wees dy't opnommen waard yn it gesin fan blanke sindelingen en as bern op in Yndiaanske kostskoalle yn it Krieë Reservaat siet, dêr't hja krekt as de oare learlingen twongen waard om har lânseigen taal en kultuer op te jaan. As it iennichste bern dat it Ingelsk yn 'e macht hie, fungearre se dêr gauris as tolk. Yn har tinerjierren ferliet Yellowtail it Krieë Reservaat lykwols, mei't har pleechâlden doe ferfearen nei Oklahoma. Dêr gie se koarte tiid nei in baptistyske skoalle, foar't har pleechâlden har ynskreaune oan it Northfield Seminaarje yn Massachusetts. Hoewol't har skoaljild dêr foar har betelle waard, moast Yellowtail sels har kost en ynwenning fertsjinje mei wurk as húshâldster en berne-oppas.
Nei't se slagge wie foar har eineksamen, learde Yellowtail fierder oan 'e Boston City Hospital's School of Nursing yn Boston. Yn 1923 slagge se dêr cum laude foar har eineksamen, wêrnei't se har ûnderrjocht foltôge mei in fjouwerjierrige praktykoplieding dy't se begûn yn it Franklin County Public Hospital yn Greenfield. Yn 1927 waard Yellowtail de earste diplomearre ferpleechkundige fan Kriesk komôf en ien fan 'e earste Yndiaanske froulju yn 'e Feriene Steaten dy't it safier brocht hiene.
Aktivisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neitiid kearde Yellowtail werom nei it Krieë Reservaat yn súdlik Montana, dêr't se op 27 april 1927 troude mei de Krieske aktivist en -medisynman Thomas Yellowtail (1903-1993). Susie Walking Bear Yellowtail wurke fan 1929 oant 1931 yn it troch de Amerikaanske oerheid runde sikehûs fan it Krieë Reservaat, dêr't se holp om har eigen folk de moderne genêskunde te bringen en opsetlike malversaasjes, lykas it sterilisearjen fan Yndiaanske froulju tsjin harren wil, te beëinigjen. Fan 1931 oant 1960 reizge se as adviseur foar de Yndiaanske Sûnenstsjinst (IHS) by oare reservaten lâns. Wêr't se ek gie, almar kaam se deselde swierrichheden tsjin: grouwélige libbensomstannichheden, tekoartsjittende sûnenssoarch en it ûntbrekken fan lykfol hokker kulturele kennis by it medysk personeel.
Sa lei Yellowtail yn it grutte Navaho Yndianereservaat fan Arizona en Nij-Meksiko gefallen fêst wêrby't sike bern letterlik stoaren op 'e rêch fan harren memmen wylst dy 50 oant 60 km rinne moasten om it neiste sikehûs te berikken. Fierders koe de Yndiaanske âlderein troch it bestean fan in taalbarriêre en in kultuerkleau syn sûnensproblemen net dúdlik meitsje oan 'e behanneljende dokters. Yellowtail krong oan op herfoarmings binnen de IHS, lykas it talitten fan tradisjonele medisynmannen by pasjinten en it oanstellen fan sûnenssoarchfertsjintwurdigers yn 'e ûnderskate wenkearnen fan 'e reservaten. Yn har karriêre wie Yellowtail lid fan in grut tal kommisjes op it mêd fan Yndiaanske sûnenssoarch, sawol op pleatslik, steats- as federaal nivo. Se waard ûnder trije ferskillende Amerikaanske presidinten beneamd ta lid fan 'e Presidinsjele Rie oangeande Yndiaanske Edukaasje en Nutrysje en fan 'e Rie foar Yndiaanske Sûnens fan it Amerikaanske Ministearje fan Sunens, Underwiis en Wolwêzen.
Dêrnjonken wie Yellowtail ek tritich jier lang as froedfrou aktyf yn 'e Delling fan 'e Little Bighorn, yn it Krieë Reservaat, en fierders brocht se mei har man trije (eigen) bern en ferskate pleechbern grut. Behalven foar bettere sûnenssoarch sette Yellowtail har ek o sa yn foar better ûnderwiis foar Yndiaanske bern. Dêrnjonken wie se allegeduerigen yn 't spier om 'e Krieske kultuer út te dragen, wat se û.m. die troch har te bemuoien mei eveneminten lykas de All-American Indian Days en de Miss Indian America-skientmewedstryd, dêr't se sjaperonne by wie foar de dielnimsters. Yn 1962 waard Susie Walking Bear Yellowtail de President's Award for Outstanding Nursing Health Care ("Presidinsjele Priis foar Treflike Ferpleechkundige Sûnenssoarch") takend. Ek waard hja opnommen yn 'e Montana Hall of Fame en hinget har portret yn 'e Gallerij fan Treflike Montanen yn it Steatskapitoal fan Montana yn Helena. Yellowtail ferstoar yn 1981 yn it Krieë Reservaat, yn 'e âlderdom fan 78 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |