Springe nei ynhâld

Strjitten yn Aldehaske

Ut Wikipedy
Jousterdyk

De Strjitten yn Aldehaske:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Appelhof - wei troch in earder appelhôf,
  • Baalder - in Baalder is in hurde turf, ek wol turfarbeider. Yn de Haske begûn de feanterij yn 1720 en op grutte skaal tritich jier letter. Benammen Gitersken kamen om hjir turf te stekken.
  • Badwei - nei it swimbad yn it Nannewiid. De wei waard eartiids Sândyk en Lange Dyk neamd.
  • Baggelbak - in Baggelbak wie in grutte bak fan 2,50 mx2,50 meter wêryn it útgroeven fean fyntrape waard om letter turf fan te meitsjen.
  • Bûgel - bûgels waarden brûkt om fean ûnder wetter wei te heljen.
  • De Dolten - nei plakken dêr't fean 'dold' waard.
  • De Hege Bouwen - hegere sângrûn om eat op te ferbouwen.
  • De Ferfeaning -it proses om fan dikke feanlagen turf te meistjen.
  • Dútslândreef -
  • Fjildwei - wei út 1916 troch en lâns de fjilden
  • Grevelinkboskje - neist de Grevelinkpleats stean boskje. Grevelink wie in feanbaas yn Aldehaske.
  • Hasker Utgongen - stikken lân dy't fan Aldehaske ôf yn noardlike rjochting rûnen. Op in kaart út 1849 steane ek de Westermarder Utgongen en de Hoarnster Utgongen en de Nijehasker Utgongen neamd.
  • Haskerfinne - in finne is in stik lân by in pleats
  • Haskermieden - leechlizzend healân.
  • Haskertille - nei de tille op de krusing fan de Jousterdyk en de Haskersleat.
  • Lange Ekers - in eker is in stik lân tusken twa greppels.
  • M Jansstrjitte - Marten Jans wie feanarbeider en folksdichter út Lippenhuzen. Hy beskreaun de turfgraverij fan 1766 yn de Haske.
  • Menning - lânreed om de hynders lâns te mennen.
  • Nije Fjildwei - ûntstien nei oanlieding fan de Fjildwei.
  • Peter Tazelaarpaad - Peter Tazelaar wie seiner yn it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Siet ûnder oare yn it droppingfjild by it Lytse Nannewiid. Yn in droppingsfjild lieten Ingelske fleantugen wapen en seintastellen oan parasjutes del yn it tsjuster.
  • Pipegaal kroade om grûn fuort te bringen.
  • Plasse - yn feangebieten wienen in soad plassen, puollen en markes.
  • Reidkraach - de reiden oan de ouwers fan in sleat.
  • Rykswei - De eardere Rykswei 43, no is dat de A7.
  • Siebe de Ruiterwei - Siebe De Ruiter wie boer yn Aldehaske dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkers en wapens ferstoppe yn syn pleats. Hy waard finzen nomd troch de Dútsers en nei Crackstate op It Hearrenfean brocht. Op 17 maart 1945 waard er mei njoggen oaren, wêrûnder syn soan Durk, by Dunegea fusilearre.
  • Toel - toel is de brune feaneftige turfgrûn.
  • Tsjasker - nei de tsjasker as ienfâldich Frysk mooltsje.
  • Tsjerkepaad - paad nei de tsjerke.
  • Turfkoer - om de drûge turf thús yn te bewarjen.
  • Turfstûke - in heap om de turf te drûgjen.
  • W van Haschastrjitte - nei de geastlike 'Wibrandus van Hascha', dy't kluzener Sillige Dodo riede om nei Aldehaske te gean, wat Dodo yn 1227 ek die.
  • Wiidswâl - strjitte oan de wâlkant fan it Nannewiid.