Stikstofrûntegong

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De stikstofrûntegong

De stikstofrûntegong of stikstofsyklus is de biogemyske rûntegong en it geogemyske omsetten fan stikstof yn de loft (atmosfear), planten, de ierdboaiem en biomassa.

Omskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle organismen hawwe stikstof nedich, om't it in gearstallend diel is fan aminosoeren, aaiwiten, DNA en fan ko-ensimen.

Fan de totale hoemannichte oanwêzige stikstof op ierde (1015 ton) is 99% dêrfan yn de atmosfear. Allinne sesjale baktearjes, benammen de Syanobaktearjes, stikstofknoltsjesbaktearjes fan de famylje fan de Rhizobaciae en baktearjes fan de skaai Rhizobium yn symbioaze mei flinterblommige planten kinne stikstof út 'e loft omsette yn ammonium. Alle oare planten, bisten en de minske kinne gjin stikstof út 'e loft opnimme en binne ôfhinklik fan de fêstleine stikstof yn de biosfear.

Rûntegong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stikstofrûntegong bestiet út de folgjende prosessen:

Stikstofbining troch de minske[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it Haber-Boschproses, dat yn 1909 ta beskikking kaam, wurdt de stikstof út de loft omsetten yn ammoniak troch stikstof en wetterstof sûnder soerstof yn kontakt mei in izerkatalysator en hjitsje ûnder hege druk:

Dêrnei wurdt ammoniak brûkt en meitsje der stikstofhâldende keunstdong fan. Dêrtroch wurdt der yn Nederlân yn it jier likernôch 60 kg stikstof de hektare ekstra troch minsklik hanneljen oan de natuerlike rûntegong taheake.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]