Stikelhaaien
stikelhaaien | ||
In artistike ympresje fan in soarte út it skaai Acanthodes. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
klasse: | stikelhaaien (Acanthodii) | |
Owen, 1846 | ||
De stikelhaaien (wittenskiplike namme: Acanthodii) foarmje in útstoarne klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata). De namme "stikelhaaien", dy't poer op uterlike skaaimerken basearre is, is eins wat ûngelokkich, mei't dizze fisken mar yn 'e fierte oan echte haaien besibbe wiene. De stikelhaaien wiene in iere groep fan kaakfisken, dy't sawol mei de kreakbienfisken as mei de bienfiskeftigen oerienkomsten fertoande.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hûd fan stikelhaaien wie oerdutsen mei lytse rûne plaatsjes, dy't har yn lettere fisken ta fiskeskobben ûntjaan soene. Kwa foarm wiene dizze bisten rûchwei haaifoarmich, mei in streamline lichem, finnen yn pearen, en in sturt wêrfan't fral de boppepunt sterk útstiek. De ferwizing nei "stikels" komt fan 'e grutte, hurde en frijwol ûnbeweechbere bonkestikels, dy't alle finnen útsein de sturt stevichheid joegen. Fossilisearre finstikels en skobeftige hûdplaatsjes binne faak alles dat fan dizze fisken oerbleaun is yn âld sedimintêr stiente. Hoewol't se net ta de kreakbienfisken rekkene wurde (dêr't echte haaien ta hearre), hiene stikelhaaien wol in skelet dat fierhinne út kreakbien bestie. De finbasis bestie lykwols út bien.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste stikelhaaien ferskynden oan it begjin fan it Siluer en libben yn 'e see, mar ûnder it Devoan ûntjoegen se har foar it meastepart ta swietwetterbewenners. De klasse fan 'e stikelhaaien wurdt ûnderferdield yn trije skiften: de Climatiiformes, de Ischnacanthiformes en de Acanthodiformes. De Climatiiformes hiene bepânsere hûdplaten oer de skouders en in grut tal skerpe stikels. By de Ischnacanthiformes wiene de tosken fergroeid mei kaken. En de Acanthodiformes wiene toskleaze filterders, dy't it wetter seefden troch har kiuwen en libben fan soöplankton. De stikelhaaien stoaren oan 'e ein fan it Perm of oan it begjin fan it Trias út.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|