Springe nei ynhâld

Orgaandieren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Weefseldieren)
Orgaandieren
In reinwjirm.
In reinwjirm.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): orgaandieren (Eurmetazoa)
Buetschli, 1910

De orgaandieren of weefseldieren (Latynske namme: Eumetazoa) foarmje in rangleaze taksonomyske groep fan it ryk fan 'e dieren (Animalia) en it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa). Ta dizze groep hearren hast alle bisten, útsein de sturtselligen (Choanozoa) en de spûnsdieren (Parazoa). De sturtselligen wurde soms net iens ta de bisten rekkene, en nij ûndersyk liket út te wizen dat de orgaandieren en de spûnsdieren har los faninoar ûntwikkele hawwe út in mienskiplike foarâlderlike bistekloft. De orgaandieren kinne sadwaande definiëarre wurde as bisten mei folslein differinsjearre weefsels. Se wurde ek wolris lykslein mei de echte dieren (Metazoa), om't de taksonomyske yndieling op dit nivo noch net alhiel útkristallisearre is. De orgaandieren falle útinoar yn 'e radiaaldieren (Radiata), oftewol de kwabben en besibbe libbensfoarmen, en de twasidigen (Bilateria), dêr't alle oare bisten ta hearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.