Kaakleaze fisken

Ut Wikipedy
Kaakleaze fisken
In riviernjoggeneach (Lampetra fluviatilis).
In riviernjoggeneach (Lampetra fluviatilis).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
boppeklasse: kaakleaze fisken (Agnatha)
Cope, 1889

De kaakleaze fisken (Latynske namme: Agnatha) foarmje in boppeklasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) en de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata). It binne fisken dy't har fan 'e kaakdieren (Gnathostomata), en dêrmei fan 'e grutte mearderheid fan 'e fisken, ûnderskiede trochdat se gjin kaken hawwe. De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep komt út it Gryksk, en betsjut letterlik "gjin kaken" (fan a-, "net", en gnatha, "kaken").

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term "kaakleaze fisken" wurdt wol beskôge as in efterhelle taksonomyske oantsjutting, mei't de measte útstoarne (fossile) kaakleaze fisken har út 'e kaakdieren (Gnathostomata) ûntwikkele like te hawwen. Resint molekulêr bewiismateriaal, dat krigen is út DNA-ûndersyk, ûnderstipet lykwols yn hege mjitte de teory dat de libbene kaakleaze fisken wol deeglik in jildige taksonomyske groep foarmje. De eardere opfetting dat de tsjintwurdige groepen kaakleaze fisken inkeld in oerflakkige likenis fertoane, stjert sadwaande yn akademyske fermiddens no stadichoan út.

Untwikkeling en skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste fossilen fan kaakleaze fisken datearje út it Kambrium, en tsjintwurdich besteane der noch mar twa groepen: de njoggeneagen (Petromyzontida of Hyperoartia) en de slymnjoggeneagen (Myxini), dy't mei-inoar sa'n 120 ûnderskate libbene soarten omfiemje. Hoewol't de slymnjoggeneagen gjin echte wringe hawwe, wurde se dochs ta de wringedieren rekkene, om't har neiste sibben, de njoggeneagen, wol oer sa'n rêchbonke beskikke. Biologen ornearje dat de foarâlden fan slymnjoggeneagen oarspronklik ek in wringe hiene, mar dat dy by dizze groep neitiid wer fuortevoluëarre is.

Behalven troch de ôfwêzigens fan kaken wurde de moderne kaakleaze fisken karakterisearre troch it feit dat har finnen net yn pearen foarkomme, sa't dat by oare fisken it gefal is. Ek hawwe se sân of mear pear kiuwen, mar ûntbrekt by har yn it spiisfertarringsstelsel in as sadanich identifisearbere mage. Krekt as de measte oare fisken binne kaakleaze fisken kâldbloedich. Se hawwe in skelet dat bestiet út kreakbien, en in twakeamerich hert. Op it mêd fan 'e fuortplanting fine sawol befruchting as ûntwikkeling bûten it lichem fan 'e âlden plak. Der bestiet by kaakleaze fisken gjin âlderlike soarch.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, op dizze side.