De nijmûnigen (wittenskiplike namme: Deuterostomata of Deuterostomia) foarmje in boppestamme fan it ryk fan 'e dieren (Animalia), it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria) en de rangleaze groep fan 'e termdieren (Nephrozoa). Nijmûnigen ûnderskiede har fan har sustergroep, de oermûnigen (Protostomata), trochdat by de embryonale ûntwikkeling de earste lichemsiepening de anus wurdt, wylst dat by de oermûnigen de mûle wurdt. De lichemsiepening dy't him as twadde ûntwikkelet, ûntjout him by nijmûnigen ta de mûle; dêrfandinne de wittenskiplike namme fan dizze groep, Deuterostomata of Deuterostomia, wat yn it Gryksk "twadde mûle" bestjut.
De nijmûnigen falle as taksonomyske groep útinoar yn fiif stammen. Yn it foarste plak binne der de rêchstringdieren (Chordata) mei as subgroepen de manteldieren (Tunicata), de plasseleazen (Cephalochordata) en de wringedieren (Vertebrata), dêr't ek de minske ta heart. Oan 'e oare kant binne der twa stammen, de ikelwjirms (Hemichordata) en de stikelhûdigen (Echinodermata), dy't ornaris beflapt wurde ûnder de namme krûpwjirms (Ambulacraria). Ta de stikelhûdigen hearre û.m. de seestjerren, see-ychels en seekomkommers. Op grûn fan DNA-ûndersyk út 2003 wurde by de krûpwjirms ek de twa soarten tellende stamme fan 'e riedselwjirms (Xenoturbellida) yndield, dêr't net folle oer bekend is. In protte biologen fine it bewiis foar dizze klassifikaasje lykwols swak, en fermoedzje in nauwere relaasje mei de echte termleazen (Acoela). Ta einbeslút binne der noch de útstoarne Vetulicolia, in lytse groep nijmûnigen út it Kambrium.