Springe nei ynhâld

Stevan Sinđelić

Ut Wikipedy
Stevan Sinđelić
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Stevan Sinđelić
nasjonaliteit Osmaansk
Servysk
berne 1771
berteplak Svilajnac (Osmaanske Ryk)
stoarn 31 maaie (19 maaie A.S.) 1809
stjerplak Niš (Osmaanske Ryk)
etnisiteit Servysk
wurkpaad
tsjinsttiid 18041809
yn tsjinst fan Revolúsjonêr Servje
legerûnderdiel lânmacht
heechste rang generaal (sûnt 1805)
befel Resava Brigade
konflikt(en) Earste Servyske Opstân
treffen(s) Slach by Ivankovac
Slach by Deligrad
Slach by Čegar

Stevan Sinđelić (Syrillysk Servysk: Стеван Синђелић; útspr.: ['stɛ:van 'sinɟɛliʨ], likernôch: "stê-van syn-djuh-lytsj"; Svilajnac, 1771Niš, 31 maaie (19 maaie Alde Styl) 1809) wie in Servysk opstannelingelieder dy't ûnder de Earste Servyske Opstân (1804-1813) tsjin 'e Osmaanske oerhearsking fan syn heitelân focht. Hy wie kommandant fan 'e Resava Brigade, dy't belutsen wie by in grut tal skermutselingen mei Osmaanske troepen en ek focht yn 'e Slach by Ivankovac yn 1805 en de Slach by Deligrad yn 1806. Yn Servje wurdt Sinđelić beskôge as in nasjonale held, en stiet syn neitins benammen yn it teken fan 'e Slach by Čegar, dêr't er yn 1809 mei in grut diel fan syn ûnderhearrigen troch eigen hân omkaam.

Sinđelić waard yn 1771 berne yn it doarp Svilajnac oan 'e Morava, dat doedetiden Grabovac hiet en yn 'e Sandjak fan Smederovo lei, in provinsje fan it Osmaanske Ryk. Hy hiet eins Stevan Rakić, mar syn heit, de ambachtsman Radovan Rakić, stoar jong, en syn mem Sinđelija wertroude letter. Dêrtroch kaam har soan út har earste houlik bekend te stean ûnder de namme Sinđelić, dat letterlik "soan fan Sinđelija" betsjut.

Stevan Sinđelić yn 'e Slach by Čegar.

Foar it útbrekken fan 'e opstân wurke Sinđelić yn 'e krite fan 'e rivier de Resava foar in pleatslike Servyske ealman, in hartoch Petar. Dyselde waard yn jannewaris 1804 by de Servyske Foarstemoard yn 'e mande mei in grut tal oare Servyske eallju troch de Osmaanske janitsaren preventyf út 'e wei romme om it gefaar fan in opstân yn sintraal Servje wei te nimmen. Dy set wurke lykwols averjochts en waard krekt de lont yn it krûdfet dy't de opstân feroarsake. Troch it weifallen fan 'e lânseigen adel yn sintraal Servje waard Sinđelić ien fan 'e foaroanmannen yn 'e krite fan 'e Resava. Foar it útbrekken fan 'e opstân mette er Đorđe Petrović, better bekend as Karađorđe ("Swarte George"), dy't de algehiele lieding oer de Servyske striidkrêften hawwe soe.

Begjin fan 'e opstân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 14 febrewaris 1804 begûn de Earste Servyske Opstân tsjin 'e Osmaanske oerhearsking fan harren heitelân. Yn it lân fan 'e Resava naam Sinđelić doe de lieding oer in ôfdieling opstannelingen. It pleatslike garnizoen fan 'e janitsaren, dat fêstige wie yn Ćuprija, kaam daliks fanwegen mei de bedoeling om 'e opstân yn harren gerjochtichheid yn 'e kym te smoaren. Sinđelić waard lykwols troch spionnen fan 'e bewegings fan 'e Osmaanske troepen op 'e hichte holden, en koe dêrtroch it garnizoen tusken Svilajnac en Ćuprija yn in mûklaach lokje en ferdylgje.

Yn 1805 wie Sinđelić yn 'e mande mei Milenko Stojković en Petar Dorbrnjac ien fan 'e trije Servyske befelhawwers yn 'e Slach by Ivankovac. Yn dat treffen fesloegen de opstannelingen it leger fan 'e de Osmaanske generaal Hafis Pasja. Omreden fan it taktysk ynsjoch en oare liederskwaliteiten dy't er yn 'e striid by Ivankovac oan 'en dei lein hie, waard Sinđelić neitiid troch Karađorđe ta vojvoda (generaal) beneamd. Hy krige doe it befel oer de hiele brigade út 'e krite fan 'e Resava, dy't bestie út ynfantery. Mei de Resava Brigade naam Sinđelić 1806 diel oan 'e Slach by Deligrad. Yn 'e folgjende jierren wie Sinđelić ien fan 'e lieders fan 'e opstannelingen dy't yn 'e Delling fan de Morava in guerriljastriid tsjin 'e Osmaanske troepen fierden, en dêrby de stêden Deligrad, Ćuprija, Paraćin en Ražanj befrijden.

In tinkteken ta eare fan Stevan Sinđelić yn Niš.

Slach by Čegar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1809 krongen de opstannelingen troch nei de omkriten fan 'e wichtige stêd Niš, dêr't se opwachte waarden troch it grutte Osmaanske leger fan generaal Hurşid Pasja. De Resava Brigade groef dêr rinfuorgen by it doarp Kamenica op 'e heuvel Čegar, dêr't se oanfallen wei lansearren tsjin 'e Osmanen yn 'e fêsting Niška Tvrdjava. Eltse kear waarden se lykwols weromslein troch de folle manmachtiger fijân. Nei in belis fan twa moannen setten de Osmanen op 31 maaie (19 maaie Alde Styl) in tsjinoanfal yn, dy't bekend kommen is te stean as de Slach by Čegar.

Dêrby rekken Sinđelić en syn brigade ôfsnien fan 'e rest fan it Servyske leger. Hûnderten Osmaanske soldaten streamden de Servyske rinfuorgen yn, dêr't man-tsjin-mangefjochten útbrieken. Doe't de striid útsichtleas bliek en de Osmanen op it punt stiene om it Servyske ferset te brekken, skeat Sinđelić syn pistoal ôf yn it krûdarsenaal fan syn brigade. Hysels, al syn soldaten dy't net al sneuvele of op 'e flecht slein wiene en ek alle Osmanen yn 'e rinfuorge kamen dêrtroch om by in ûnbidich grutte ûntploffing. Neffens it ferhaal soene Sinđelić syn lêste wurden west hawwe: "Rêd jimsels, bruorren, dy't dat wol en kin! Dy't bliuwt, stjert!"

Troch de Osmaanske ynname fan 'e rinfuorgen fan 'e Resava Brigade wie de rest fan it Servyske opstannelingeleger twongen om him tebek te lûken op Deligrad. Der wurdt skatten dat sa'n 3.000 Serven en 6.000 Osmanen yn 'e Slach by Čegar sneuvelen. Hoefolle dêrfan oft it slachtoffer waarden fan 'e ûntploffing dy't Sinđelić feroarsake, is ûnbekend. Nei ôfrin fan 'e fjildslach bouden de Osmanen yn Niš yn opdracht fan Hurşid Pasja de Ćele Kula of 'Plassetoer' ('Skedeltoer'), dêr't de Osmanen de ôfsleine hollen fan 952 Servyske opstannelingen yn oanbrochten by wize fan warskôging oan 'e pleatslike Servyske befolking. Hjoed de dei binne der noch altyd 57 plassen yn 'e muorren fan 'e toer ynmitsele.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.