Springe nei ynhâld

Stef de Haas

Ut Wikipedy
Stef de Haas
politikus
echte namme Stephanus Johannus
   Martinus Maria de Haas
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 30 july 1933
berteplak Apeldoarn (Gelderlân)
stjerdatum 13 septimber 2015
stjerplak Boalsert (Fryslân)
etnisiteit Nederlânsk
partij PvdA
prizen Fryske Parsepriis, 1976
lid fan de gemeenteried fan Boalsert
amtsperioade 19741984
wethâlder fan Boalsert
amtsperioade 19841994

Drs. Stef de Haas (folút: Stephanus Johannus Martinus Maria de Haas; Apeldoorn, 30 july 1933Boalsert, 13 septimber 2015) wie in Frysk ûnderwizer en lokaal politikus fan Nederlânsk komôf, dy't yn 'e jierren tachtich geregeldwei yn it nijs kaam troch syn rol yn 'e Boalserter gemeenteried en de pleatslike ôfdieling fan de PvdA.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Haas waard yn 1933 berne yn Apeldoarn, yn in roomsk gesin. Hy studearre sosjografy oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Mids jierren sechstich sette er him nei wenjen yn Boalsert, dêr't er fan 1965 oant 1998 wurksum wie as dosint ierdrykskunde. Hy begûn oan it Jan Brugmankolleezje, dat mids jierren tachtich fanwegen in fúzje syn namme feroare yn 'e Roomsk-Katolike Skoallemienskip "Titus Brandsma". Yn 'e twadde helte fan 'e jierren njoggentich feroare de skoalle troch in nije fúzje fannijs fan namme, en kaam it it Marne Kolleezje te hjitten.

As lid fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e PvdA wie De Haas njonken syn wurk ek aktyf yn 'e gemeentlike polityk. Yn 1974 waard er mei foarkarsstimmen yn 'e Boalserter gemeenteried keazen nei't de lju him kennen leard hiene troch syn fredesaktivisme, it oantekenjen fan beswierskriften en it skriuwen fan ynstjoerde stikken. Hy behold syn sit oant 1984, en wie oanslutend oant 1994 wethâlder fan Boalsert.

De Haas stie bekend om syn dwerse opfettings, wêrmei't er de polityk libben makke en de publike tribune fol krige. Provinsjaal kaam er yn 'e jierren tachtich geregeldwei yn it nijs troch syn slepende deilisskip mei syn partijgenoate en riedslid Babs Haanstra. Yn 1976 wûn De Haas de Fryske Parsepriis.

Nei't er him yn 1994 weromlutsen hie út 'e aktive polityk, lei er him noch fjouwer jier ta op syn dosintskip oan it Marne Kolleezje, foar't er yn 1998 mei pinsjoen gie. Op 't lêst rekke er yn 'e minnichte, en moast er opnommen wurde yn it Boalserter fersoargingstehûs "Bloemkamp". Hy ferstoar yn 2015, yn 'e âlderdom fan 82 jier. Stef de Haas wie troud en hie twa bern (en, by syn ferstjerren, fjouwer pakesizzers).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Sociaal-democraat De Haas overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 16 septimber 2015.
  • Fierant, Tim, Het Scherpe Oog van Stef de Haas, yn: de Ljouwerter Krante, 25 septimber 2015.

  • Stjerberjocht fan Stef de Haas (advertinsje út namme fan it Marne Kolleezje), yn: de Ljouwerter Krante, 17 septimber 2015.
  • Stjerberjocht fan Stef de Haas.