Stasjon Abcoude
Stasjon Abcoude station Abcoude | ||
Stasjon Abcoude yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | De Rûne Feanen | |
plak | Abcoude | |
adres | Geinplein 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ac | |
iepening | 18 desimber 1843 | |
boujier | 1871 1e stasjonsgebou 1977 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 2007 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1871 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou C. Douma 1e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Rhijnspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Abcoude (Ac) is in spoarstasjon yn it Nederlânske doarp Abcoude, yn de gemeente De Rûne Feanen yn de provinsje Utert. It waard iepene yn 1843 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de iepening krige Abcoude earst in keet foar de kaartferkeap. Yn 1871 krige it doarp in echt stasjonsgebou. It rjochthoekige ûntwerp bestie oer de hiele breedte út twa ferdjippingen. Wylst ûnder de grûn romte foar de reguliere stasjonsaktiviteiten wie, wiene op de boppeferdjipping trije wenten foar de stasjonsjef, de stasjonswachter en de brêgewipper ûnderbrocht.
Yn 1977 waard der njonken it earste stasjonsgebou in nij gebou set, neffens in ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. Dat kaam om't it Amstelstasjon troch it oanlizzen fan de Amsterdamske metro twa spoaren ynleverje moast en dêrtroch ferpleatste de NS ein jierren '70 de mooglikheid om foar it treinferkear inoar yn te heljen nei Abcoude. De twa perrons by de twa spoaren moasten plak meitsje foar twa eilânperrons mei oan beide kanten in spoar. Beide perrons waarden ferbûn troch in nije tunnel. De NS wie fan doel it âlde stasjonsgebou út 1871 ôf te brekken, mar krige dêr fan de gemeente gjin fergunning foar.
Sa'n 25 jier letter waard mei de spoarferdûbeling tusken Amsterdam en Utert úteinset. Op 'e hichte fan it âlde stasjon fan Abcoude waard de Gein fia in akwadukt oer de ferdjippe oanleine spoarline hinne laat. Om't de spoaren op 'e hichte fan it stasjon dêrnei op in helling kaam te lizzen, krige Abcoude in nij stasjon sûnder stasjonsgebou dat sa'n 800 meter benoarden it âlde stasjon leit. Neidat it nije stasjon yn 2007 yn gebrûk naam waard, waard it gebouke út 1977 sloopt en waard it âlde stasjonsgebiet oprêden. It âlde stasjonsgebou út 1871 stiet dan al sûnt de sluting foar in grut part leech en rekket hieltyd fierder yn ferfal. It gebou waard lang om let yn 2015 ferkocht en is hjoed-de-dei yn gebrûk as hotel.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4000 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Abcoude – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Abcoude – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|