Springe nei ynhâld

Stadtkirche (Laage)

Ut Wikipedy
Stadtkirche
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Meklenburch-Foarpommeren
lânkring Rostock
plak Laage
adres Pfarrstraße 4, 18299 Laage
koördinaten 53° 55' N 12° 20' E
Arsjitektuer
boustyl Fanôf 1310
Webside
Side Christophorus gemeente
Kaart
Stadtkirche (Meklenburch-Foarpommeren)
Stadtkirche

De Stadtkirche (Frysk: Stedstsjerke) is in protestanske tsjerke yn Laage yn it Dútske landkreis Rostock. De iergoatyske tsjerke wurdt troch de lutherske Christophorusgemeinde (Kristoffelgemeente) brûkt, dêr't ek de doarpstsjerken fan de plakken Recknitz en Polchow ûnder falle.

De tsjerke bestiet út in skip út likernôch 1310, it koer dat om 1280 hinne boud is en in westlike toer, dy't út de 15e iuw stamt. It tsjerkegebou hie slim te lijen ûnder brannen yn 1569 en 1637 en fanwegen de Tritichjierrige Kriich duorre it oant 1669 ear't de tsjerke wer opboud wie. Nei de renovaasjes yn de 17e en 18e iuw folgde der yn de jierren 1848-1851 in grutte restauraasje, dy't it oansjen fan de hjoeddeiske tsjerke bepaalde.

De Stadtkirche is in trijskippige bakstiennen halletsjerke fan trije traveeën lang mei in rjochthoekich leger koer. By de restauraasje krigen de lingtesiden gruttere ramen en nije friezen. Sadwaande is tsjintwurdich allinne noch de eastlike muorre fan it koer mei trije lansetfinsters, hoeklisenenen en in dûbel fries oarspronklik. Ek it westlik portaal en it portaal yn it súdlike skip binne by de 19e-iuwske restauraasje fernijd.

It tsjerkeskip hat in houten ferwulft, wylst it koer in stiennen ferwulft hat. Opmerklik yn it koer binne de kapitelen fan it ribferwulft, dy't mei blêdwurk en twa minskekoppen fersierd binne.

Oargel

Yn it koer stiet in neogoatysk alter mei in skilderij fan Gaston Lenthe út it jier 1850, dat troch gruthartoch Freark Frans II (de heit fan prins Hendrik skonken is. Ek it neamen wurdich binne de brânskildere ramen út de jierren 1897-1899, benammen de fjouwer grutte bibelske foarstellings fan de noardlike en súdlike koerfinsters. Hja stelle de Ferkundiging, de Trije Keningen, de Opwekking fan de soan fan de widdo te Naïn en de Krusiging foar. Yn de tsjerke hingje twa kroanluchters; ien fan messing en ien fan smei-izer.

Tige kostber is in jûnmielskelk út 1603, dy't út in atelier yn Regensburg stamt.

De klokken út 1721 binne yn de Twadde Wrâldoarloch yn beslach nommen en omraand. Sûnt 1957 hingje der yn 'e toer wer trije nije klokken, dy't yn Apolda getten binne.

It oargel datearret út 1997 en waard mei 24 registers ferdield oer twa manualen en pedaal troch Wolfgang Nußbücker út Plau am See boud. It klassisistyske front fan it hjoeddeiske oargel stamt noch fan it yn 1795 troch Friedrich Friese I boude ynstrumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Stadtkirche Laage