Springe nei ynhâld

Naïn

Ut Wikipedy
Naïn
ניין
نين
Roomsk-Katolike 'Tsjerke fan de opwekking fan de soan fan de widdo'
Roomsk-Katolike 'Tsjerke fan de opwekking fan de soan fan de widdo'
Bestjoer
Lân Israel
distriktNoard
Sifers
Ynwennertal1.994 (2022)
Oar
Koördinaten32°37' N 35°21' E
Kaart
Naïn (Israel)
Naïn

Naïn (Hebriuwsk: ניין‎; Arabysk نين‎ ) is in doarp yn Israel. It plak wurdt yn it Nije Testamint yn it evangeelje fan Lukas neamd.

Naïn leit likernôch 20 km súdeastlik fan 'e Mar fan Tiberias en 7 km súdwestlik fan 'e berch Tabor yn in bercheftige omjouwing oan 'e súdlike grins fan Galiléa mei Samaria. Yn 'e rin fan 'e tiid naam de betsjutting fan Naïn ôf. Op in gegeven stuit wie it net mear as in buorskip, dêr't heechút in pear famyljes wennen. Oan 'e ein fan 'e 19e iuw waard Naïn omskreaun as in lyts doarp.

Yn 1880 bouden de Fransiskanen hjir in tsjerke ta neitins oan Jezus' opwekking fan 'e soan fan in widdo. Hjoeddedei komme der regelmjittich pylgers en toeristen yn Naïn.

De opwekking fan de soan fan de widdo (Lukas 7:11-16)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Opwekking fan de soan fan de widdo op in skilderij yn de kapel fan Naïn.

Neffens it evangeelje fan Lukas 7:11-17 gyng Jezus tegearre mei syn dissipels en in grutte mannichte nei Naïn. By de poarte fan Naïn kamen Jezus en syn folgers in lykstaasje tsjin, dy't it lichem fan 'e iennichste soan fan in widdo meidroech. Jezus libbe tige mei de earme widdo mei en hiet de deade jonge oerein te kommen. En wylst de rouwende widdo en de mannichte ta seagen, kaam de jonge oerein en begûn te sprekken. De lju stiene fersteld fan dit wûnder. It waard sjoen as in teken dat ûnder it folk in grut profeet wie opstien en it nijs waard gau ferspraat oer hiel Judéa en omkriten.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Naïm fan Wikimedia Commons.