Solingen
Solingen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Distrikt | Stedsdistrikt | |
Boargemaster | Tim Kurzbach (SPD) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 159,927 (2010) | |
Oerflak | 89,45 km² | |
Befolkingsticht. | 1800 / km² | |
Hichte | 53–276 m | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.solingen.de |
Solingen is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It leit benoarden Keulen, yn it suden fan it Ruhrgebiet oan de rivier de Wupper. Solingen is ûnderoaren in susterstêd fan Gouda.
Solingen wurdt wol "stêd fan messen" neamd, omdat it al fanâlds bekend is fan de fabrikaazje fan goede swurden, messen, skjirren en skearmessen, dy't makke wurde troch ferneamde firma's sa as DOVO Solingen, Wüsthof, J. A. Henckels, Böker, Eickhorn-Solingen en tal fan oare fabrikanten. Wilkinson Sword sit dêr ek. Dêrom is Solingen te fergelykjen mei Sheffield en Birmingham yn Ingelân. Sa'n 90% fan alle messen yn Dútslân wurde yn Solingen makke.
Ut de skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Solingen waard foar it earst neamd yn 1067 troch in kronykskriuwer dy't de kontrei mei "Solonchon" oantsjutte. Iere farianten fan de namme binne ek "Solengen", "Solungen" en "Soleggen", mar de namme fan no wurdt al brûkt sûnt de lette 14e en iere 15e iuw.
Solingen wie iuwenlang mar in doarpke. Yn de 15e iuw waard it in fersterke stêd. Under de Twadde Wrâldkriich waard de âlde stêd folslein ferwoastge troch alliearde bombardeminten, yn 1944 stoaren dêrtroch 1.040 minsken.
Yn de Midsiuwen joegen de swurdsmidden de namme Solingen al klank. Swurden út Solingen koenen fûn wurde yn de Angelsaksyske keninkriken fan Brittanje en de kwaliteit fan de wapens waard priizge yn hiel Noard-Jeropa en sy waarden oeral yn Europa ferhannele. Yn it lêst fan de 17e iuw brutsen in tal swurdsmidden út Solingen harren gilde-eed troch harren (geheime) smeikeunst ta te passen yn Shotley Bridge, greefskip Durham, yn Ingelân.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Slot Burg, it kastiel fan de greven fan Berg
- Rynlânsk Yndustrymuseum Hendrichs, part fan de Europeeske Rûte Yndustrieel Erfskip
- Klosterkirche, tsjerke (1690)
- Deutsches Klingenmuseum (Dútsk Messemuseum), swurden en messen út alle tiden
- Müngstenbrêge, spoarbrêge tusken Solingen en Remscheid, 107 m heech, de heechste spoarbrêge fan Dútslân.
- Botanyske Tún Solingen
Berne yn Solingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Arthur Moeller van den Bruck (23 april 1876), kultuerhistoarikus en skriuwer
- Adolf Eichmann (19 maart 1906), kriichmisdiediger
- Walter Scheel (8 july 1919), West-Dútsk bûnspresidint
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardryn-Westfalen | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||
· · |