Springe nei ynhâld

Sniebergen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Snowy Mountains)
Sniebergen
Snowy Mountains
  berchtme
De Mount Kosciuszko by sinne-opkomst.
De Mount Kosciuszko by sinne-opkomst.
geografy
diel fan de Australyske Alpen
lân Austraalje
steat Nij-Súd-Wales
Austr. Haadstedsk Terr.
sifers
heechste punt Mount Kosciuszko
hichte 2.228 m
geology
yndieling heechberchtme
kaart
Sniebergen (Austraalje)
Sniebergen
Lizzing yn Austraalje.

De Sniebergen (Ingelsk: Snowy Mountains, ynformeel ek the Snowies) foarmje it heechste berchtme fan Austraalje, sawol it lân as it wrâlddiel. Se strekke har út oer it súdeasten fan 'e steat Nij-Súd-Wales en it suden fan it Australysk Haadstedsk Territoarium, en meitsje diel út fan 'e Australyske Alpen, dy't sels wer ta it Grutte Skiedingsberchtme hearre, in rige fan bergen, heuvels en heechlannen dy't oer in ôfstân fan likernôch 3.000 km lykop rint mei de Autstralyske eastkust, fan noardlik Queenslân oant djip yn Fiktoaria. De Sniebergen foarmje it grutste part fan 'e Australyske Alpen; it oare diel bestiet út 'e Fiktoriaanske Alpen, yn Fiktoaria.

In sniegombeam deunby de beamgrins yn it Nasjonaal Park Kosciuszko.

De Sniebergen omfiemje de fiif heechste berchtoppen fan Austraalje, dy't allegear boppe de 2.100 m útkomme, mei as heechste de Mount Kosciuszko, dy't oant 2.228 m boppe seenivo rikt. Krekt as yn it heechste diel fan 'e Fiktoriaanske Alpen snijt it winterdeis in protte yn 'e Sniebergen en is it der sa kâld dat de snie ek wier lizzen bliuwt; dêrfandinne de namme fan 'e bergen. Ornaris falt snie benammen yn juny, july en begjin augustus (as it op it súdlik healrûn winter is). Tsjin 'e ein fan 'e maityd (ein novimber of begjin desimber) teit it dan wer fuort. Behalven yn 'e Sniebergen en in diel fan 'e Fiktoriaanske Alpen is der mar ien oar diel fan Austraalje dat in soartgelikense sniefal ûnderfynt, nammentlik de sintrale heechlannen fan Tasmaanje.

Saakkundigen binne fan betinken dat de Sniebergen foar de oankomst fan 'e earste Jeropeänen yn Austraalje al 20.000 bewenne waarden troch de Australyske Aborizjinals. Oant 1865 fûnen der simmerdeis yn 'e bergen grutskalige yntertribale festivals plak om it kollektyf fangen en iten fan 'e bogong-motflinter hinne. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers ferkenden om 1835 de Sniebergen, en yn 1840 wie Pawel Edmund Strzelecki de earste blanke dy't de Mount Kosciuszko beklom. Hy ferneamde de berch neitiid nei generaal Tadeusz Kościuszko, de lieder fan in Poalske opstân tsjin 'e Russyske oerhearsking yn 'e 1790-er jierren, deselde dy't earder oan 'e kant fan 'e Amerikanen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch fochten hie.

In berchmar mei op 'e eftergrûn de Mount Kosciuszko.

Letter waarden de Sniebergen troch blanke feeboeren brûkt foar fetweiderij. Der ûntstie in kultuer fan stockmen (de Australyske foarm fan 'e cowboy), dy't ferivige waard yn it ferneamde gedicht The Man from Snowy River, fan Banjo Paterson. Hoewol't frijwol eltsenien yn Austraalje dat gedicht kin, is it om utens benammen bekend fan it boek dat Elyne Mitchell derop basearre en de ferfilming fan dat boek. Behalven troch stockmen waarden de Sniebergen ek oandien troch goudsikers, dy't tusken de ein fan 'e njoggentjinde iuw en de midden fan 'e tweintichste iuw har hert ophelje koene op 'e goudfjilden fan Kiandra. Op syn hichtepunt wie dat in plak mei 4.000 ynwenners, mar sûnt de lêste bewenner yn 1974 fuortgie, is it spûkstedsje wurden.

Yn 1906 krigen de Sniebergen foar it earst in beskerme status om 'e treflike natoerskientme dêre foar it neigeslacht te bewarjen. Yn 1944 waard dy earste beskerme status omset yn it Steatspark Kosciuszko, en dat waard yn 1967 it Nasjonaal Park Kosciuszko. De Sniebergen binne (mei in diel fan 'e Fiktoriaanske Alpen) it iennichste skygebiet fan Austraalje, dêr't eltse winter fan juny oant oktober grutte oantallen toeristen op ta sette om te skyen. De skysport yn Austraalje begûn yn 1861, doe't Noarske goudsikers dy aktiviteit dêre yntrodusearren. As toeristyske attraksje op it mêd fan 'e wintersport ûntjoegen de bergen har benammen fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf, doe't der troch de oanlis fan wetterkrêftsintrales tusken 1949 en 1976 in protte blanke wurklju hinne stjoerd waarden dy't by wize fan ferdivedaasje de skysport ûntdieken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.