Slach by Kûnaksa
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Kûnaksa (Gryksk: Κούναξα, Kounaxa; mar ornaris bekend yn 'e latinisearre foarm Cunaxa) wie in militêr treffen yn 401 f.Kr. tusken opstannelingen ûnder lieding fan 'e Perzyske prins Syrus de Jongere en it leger fan syn âldere broer, kening Artakserkses II, om 'e macht yn it Perzyske Ryk fan 'e Achaimeniden. De fjildslach waard útfochten oan 'e lofterigge fan 'e rivier de Eufraat yn Mesopotaamje, 70 km benoarden Babylon, deunby it plak dêr't tolve iuwen letter Bagdad stifte wurde soe.
It treffen einige yn in taktyske ympasse, mar trochdat Syrus de Jongere kaam te sneuveljen, mei as gefolch dat de hiele reden foar de opstân weinommen waard, wie it in strategyske oerwinning foar Artakserkses II. In grutte kloft Grykske hierlingen yn 'e tsjinst fan Syrus de Jongere, dy't harsels de Tsientûzen neamden, wegeren har nei ôfrin fan 'e slach oer te jaan en setten útein mei in wapene weromtocht dwers troch it Perzyske Ryk hinne nei de kust fan 'e Swarte See. Under harren wie Ksenofon, dy't de tocht letter legindarysk meitsje soe troch syn beskriuwing yn 'e Anabasis. Dat boek is ek fierwei de wichtichste boarne foar it ferrin fan 'e Slach by Kûnaksa.
Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 404 f.Kr. urf Artakserkses II de troan fan it Achaimenidyske Perzyske Ryk fan syn heit Darius II. Syn jongere broer Syrus de Jongere lei him dêr net by del en brocht in grut leger gear foar in militêre ekspedysje om in wraam op 'e troan te dwaan. Neffens Ksenofon soed er wol 100.000 man op 'e foet brocht hawwe, mar moderne histoarisy hâlde it ornaris op likernôch 20.000 man. Dizze Perzyske troepen pleatste Syrus ûnder it befel fan 'e (Perzyske) legeroerste Ariéus. Dêrnjonken loek er ek in grut tal Grykske hierlingen oan om as karkloft de rêchbonke fan syn leger te foarmjen, mei't de Grykske hopliten doedestiden bekendstiene as guon fan 'e bêste fjochters fan 'e wrâld. Fierders brocht Syrus ek in float gear fan 35 triremen ûnder lieding fan Pytagoras de Spartaan (net te betiizjen mei de ferneamde wiskundige) en 25 triremen ûnder befel fan Tamos de Egyptner.
De Griken dy't tsjinst namen yn it leger fan Syrus kamen neitiid bekend te stean as de Tsientûzen, mar neffens Ksenofon wiene der oan it begjin fan 'e fjildtocht likernôch 12.100 fan harren, wêrûnder 10.000 hopliten, 1.600 peltasten, 300 man licht hynstefolk en 200 bôgesjitters. Neffens Ksenofon, dy't sels ien fan 'e Tsientûzen wie, hie Syrus de Griken wysmakke dat er oarloch fiere woe tsjin Tissafernes, de satraap fan 'e Perzyske provinsje Ioanje, en tsjin 'e opstannige Pisidiërs. Pas doe't se al by it Syryske Tarsus kommen wiene, djip yn it Perzyske Ryk, kaam de moard út dat it om in opstân tsjin kening Artakserkses sels gie. Dêrop ferlieten twa fan 'e Grykske legeroersten, Ksenias fan Arkaadje en Pasion fan Megara, it leger fan Syrus mei 2.600 fan harren mannen. De rest fan 'e Griken waard lykwols troch de Spartaanske generaal Kleärchus ta in fierdere opmars oerhelle.
De slach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Uteinlik berikte de legermacht fan Syrus de Jongere Mesopotaamje, it lân fan 'e grutte rivieren de Eufraat en de Tigris, dat it hert (en de nôtskuorre) fan it Perzyske Ryk foarme. De opstannige prins hie doe krapoan 30.000 man by him. By in hichte dy't Kûnaksa hiet (Gryksk: Κούναξα, Kounaxa; latinisearre foarm: Cunaxa), oan 'e lofterigge fan 'e rivier de Eufraat yn Mesopotaamje, 70 km benoarden Babylon, kaam syn broer, kening Artakserkses II, him yn 'e mjitte mei in eigen leger, dat út 40.000 man bestie. Dat wie neffens Ksenofon op 3 septimber 401 f.Kr.
Doe't syn ferkenners him berjochten dat it legermacht fan 'e kening nei-oan wie, stelde Syrus syn troepen yn slachoarder op. Hy pleatste syn Grykske hopliten oan 'e rjochterkant fan syn leger, deunby de riviersigge, dêr't se op 'e uterste lofterflank ûnderstipe waarden troch harren eigen peltasten en hynstefolk. Syrus sels naam mei in karkloft fan 600 Perzyske eallju it sintrum yn, wylst er de rest fan syn leger ûnder Ariéus op 'e lofterflank opstelde. Artakserkses II pleatste op syn lofterflank, foar de Griken oer, in tal rezjiminten fuotfolk ûnderstipe troch hynstefolk. Sels naam er it sintrum fan syn slachoarder yn, mei 6.000 man Perzysk hynstefolk, dat yn dy tiid beskôge waard as de bêste kavalery fan 'e wrâld. Om't de liny fan Artakserkses 25% sterker wie as dy fan Syrus, wied er ek safolste langer, wat betsjutte dat Artakserkses him eins lofts fan Syrus befûn ynstee fan rjocht foar him oer.
Syrus joech Kleärchus, dy't fungearre as legeroerste fan 'e Tsientûzen, doe oarders om 'e Grykske hopliten yn 'e midden fan 'e slachoarder foar it Perzyske hynstefolk oer te pleatsen. De Griken wiene Syrus syn bêste troepen, en joegen him sadwaande de bêste kâns om mei it hynstefolk fan Artakserkses ôf te weven. Neffens Ksenofon fielde Kleärchus dêr lykwols neat foar. De Grykske hopliten wiene spearfjochters, dy't harren skylden oan 'e lofterearm holden. Dat betsjutte dat de rjochterútein fan harren falanks (formaasje) altyd dutsen waard troch skylden, mar dat de lofterútein ûnbeskerme en kwetsber wie. Kleärchus hold dêrom fêst oan it oarspronklike oanfalsplan en bewissige Syrus derfan dat er "derfoar soargje [soe] dat alles goedkaam." Dat Kleärchus yn 'e posysje wie om in befel fan Syrus te wegerjen, jout oan dat Syrus syn leger net goed yn 'e macht hie, mei't it folslein tsjin 'e militêre dissipline yngie, sels yn dy tiid.
Doe't de slach losbriek, setten de Griken de oanfal yn op 'e Perzyske troepen op lofterflank fan it leger fan Artakserkses. De Grykske hierlingen wiene nûmeryk yn 'e minderheid, mar it wiene beropssoldaten, wylst it meastepart fan it Perzyske leger nei alle gedachten út hearrige boeren en hantwurkslju bestie, dy't troch Artakserkses syn eallju oproppen wiene om 'e opstân del te slaan. Doe't se de Griken yn in sletten falanks oanfallen seagen, smieten de Perzen harren wapens del en naaiden út. Nei't se op dy wize sûnder muoite mei harren direkte tsjinstanners ôfweefd hiene, draaide de Grykske falanks nei rjochts om 'e midden fan Artakserkses syn slachoarder yn 'e flank oan te fallen. Artakserkses syn hynstefolk wie ûnderwilens yn gefjocht rekke mei de Perzyske troepen fan Syrus.
Syrus de Jongere fierde persoanlik in ruteroanfal oan tsjin 'e Artakserkses en dy syn liifwachten, wêrby't er sneuvele doe't er rekke waard troch in werpspeetse. (De man dy't de speetse wurp, wie in Mitridates, dy't letter op befel fan Parysatis, de mem fan sawol Artakserkses as Syrus, eksekutearre wurde soe.) Op dat stuit wie der wat de eigentlike striid oanbelange noch neat beslist, en wat dat oangie, einige de slach yn in ympasse. Mar de dea fan Syrus betsjutte dat de hiele reden foar de opstân weinommen wie. Dat, sadree't it nijs fan syn dea bekend waard, joegen syn Perzyske troepen de striid op en flechten alle kanten út en rekken fersille. Inkeld de Grykske hierlingen hiene de dissipline om harren formaasje te behâlden, al moat dêrby oantekene wurde dat se as útlanners yn in frjemd lân ek nearne hinne koene.
De Griken hiene tsjin dy tiid de hiele rjochterflank fan it leger fan Artakserkses oan 'e kant reage, troch in grut part fan 'e troepen dêre op 'e flecht te jeien en de rest yn 'e striid te ferdylgjen. Underwilens namen oare troepen fan Artakserkses it Grykske kamp yn en ferneatigen dêr harren itensfoarrieden. De slach einige doe't de Griken foar it ferstân krigen dat Syrus dea wie en harren opmars stilholden op 'e hichten fan Kûnaksa.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsientûzen sieten no djip yn 'e problemen. Se befûnen har yn it hert fan in tige grut ryk, sûnder freonen of bûnsgenoaten, sûnder wurkjouwer en sûnder foarrieden. Se beaen dêrom oan om Ariéus, de generaal fan Syrus de Jongere, op 'e Perzyske troan te helpen, mar hy wegere dat oanbod om't er net fan keninklik bloed wie en dêrom nea troch de Perzen as kening akseptearre wurde soe. Dêrom beaen de Griken harren tsjinsten oan Tissafernes oan, in Perzyske satraap dy't ien fan 'e oanfierders fan it leger fan Artakserkses wie, mar ek dy stegere harren ôf. Op syn beurt easke Tissafernes fan 'e Griken dat se har oerjaan soene, mar de Grykske generaals wegeren dat, mei't se har alhiel gjin yllúzjes makken oer hokfoar lot harren dan te wachtsjen stie: slavernij wie it bêste dêr't se dan op hoopje koene.
De sitewaasje dêr't Tissafernes mei te krijen hie, omfieme dus in grut leger fan swierbewapene troepen dy't er mei in frontale oanfal net oerwinne koe. Nei oerlis ûnthiet er de Grykske generaals in frije ôftocht. Hy joech de Griken iten en, nei lang wachtsjen, late er harren yn noardlike rjochting fuort. Underwilens wist er Ariéus en it lytse kloftsje Perzyske oanhingers fan Syrus dat by de Griken bleaun wie, fan harren te skieden. De jûns akseptearren de Grykske generaals in útnûging om mei Tissafernes oan it miel. Dêrfoar ferlieten dyselden de Grykske formaasje en bejoegen se har yn it Perzyske kamp. Tissafernes liet harren finzen nimme en sleepte se foar de kening, dy't harren ûnthalzje liet.
Elts Perzysk leger wie troch dy set yn gaos efterbleaun en útinoar fallen, mar de Griken, dy't wend wiene om harren ofsieren oan te wizen troch it hâlden fan stimmings ûnder de sljochtwei soldaten, keazen simpelwei nije lieders (ûnder wa Ksenofon), wêrnei't se op eigen manneboet fuortmarsjearren om har in wei út 'e midden fan it Perzyske Ryk te fjochtsjen oant se úteinlik by de kust fan 'e Swarte See berikten, dêr't se troch foarbyfarrende Grykske skippen oppikt waarden. Werom yn Grikelân skreau Ksenofon oer de mars fan 'e Tsientûzen in livich ferslach, de Anabasis, wêrmei't er harren aventoer in legindaryske status joech.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |