Skulpekalkûne

Ut Wikipedy
"Stoel" Skulpekalkûnen yn museum Inkhuzen

In skulpekalkûne is in ûne yn in kegelfoarmige toer, mei in hichte fariearjend fan 15 oant 20 meter en hat in trochsneed oan de basis fan ûngefear 5 - 7 meter breed. In skulpekalkûne waard brûkt foar it meitsjen fan mitselkalk út strânskulpen (yn Nederlân skulpekalk neamd).[1] Skulpekalkûnen binne meastentiids te finen oan it wetter en foarmje faak groepkes fan meardere ûnen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wurking fan in kalkûne

It konsept fan ûnen foar kalk is in tige âld fenomeen dat al sûnt de Romeinske tiid brûkt wurdt. De Romeinen brûkten branderijen dêr't se kalkstien baarnden. Archeologen troffen yn it Dútske Eifelberchtme yn Iversheim, tichtby Bad Münstereifel, resten fan seis kalkûnen. De ûnen hienen in trochsneed dan ûngefear trije meter breed. Yn Londen is út geskriften op te meitsjen dat stienkalkbaarnderijen al sûnt de 13e iuw soargen foar loftfersmoarging. Der waarden yn Londen benammen seekoalen brûkt, dy't bekend stean om har minne kwaliteit. De earste berjochten oer it gebrûk fan skulpekalkûnen yn Nederlân binne út de 14e iuw út it Greefskip Hollân. Yn Hasselt waard al foar 1500 skulpekalk baarnd. Tichtby Winterswyk waarden fan ein 19e iuw oant begjin 20e iuw twa stienkalkûnen brûkt, dêr't kalk baarnd waard. Yn Ubachsberg yn Súd-Limburch stiet de kalkûne dy't yn dizze provinsje it lêst yn gebrûk wie: pas yn 1969 dôve it fjoer foarfêst. De heechtiiddagen fan de kalkûnen leinen nei 1860 mei de útfining fan de "Stoel" Skulpekalkûnen, lykas dy no noch te sjen binne yn Inkhuzen. Der wienen op mear as 100 lokaasjes skulpekalkûnen yn gebrûk. Nei de Twadde Wrâldoarloch gie it minder mei de skulpekalkûnen. Grutskalige sluting en ôfbraak fan ûnen hie meardere oarsaken, de grutste oarsaak fan de efterútgong wie de destiids tanimmende ymport fan goedkeapere stienkalk út oare lannen en boppedat de opkomst fan de semintyndustry. Troch de konkurrinsje fan bûtenlânske lofthurdzjende stienkalk (kalkstienten út kalkstiengroeven lykas ek Muschelkalkstien) koe de produksje fan skulpekalk yn Jeropa net mear út. Der wurdt noch wol mei loftpoeierkalk of loftkalk mitsele, mar net mear mei skulpekalk.

It kalkbaarningsproses[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skulpen bestean út kalsiumkarbonaat (CaCO3, Kalk). Kalk (CaCO3) wurdt oant in temperatuer fan boppe de 1000 °C yn in kalkûne hjit makke. Hjirby ûntleedt dizze kalk yn kalsiumokside (CaO), dêr't koalsoergas (CO2) by ûntwykt. It ûntstiene materiaal falt as poeier út inoar en wurdt leske kalk neamd. Leske kalk hie (en hat) in soad tapassings. Meastentiids waard de poeierkalk nei blussen mei wetter (leskje) as bynmiddel yn mortels brûkt yn de bou.

Oerbleaune Nederlânske skulpekalkûnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad kalkûnen waarden yn de rin fan de tiid sloopt, omdat se net mear brûkt waarden en romte meitsje moasten foar nijbou. Ien skulpekalkbaarnarnderij is yn syn hiele hear en fear oerbrocht fan Akersloot nei it Suderseemuseum yn Inkhuzen, yn in oare baarnderij yn Huizen sit in restaurant. Ek yn Katwyk oan See, Hasselt en Dedemsvaart en op oare plakken stean - meast oan in farwetter - noch skulpekalkûnen. Yn in soad oare kalkûnen sitte tsjintwurdich musea.

Yn de omjouwing fan Dedemsvaart waard eartiids in soad turf wûn. De turf waard mei skippen nei it westen fan it lân brocht, oer de Dedemsvaart, oer Hasselt en de Sudersee rjochting Inkhuzen en fierder. De turf waard dan yn it westen ôflevere by in skulpebaarnderij. Dêrnei waarden skulpen kocht (wûn) dy't dan wer as retoerlading nei Dedemsvaart en Hasselt fearn waarden om dêr Skulpekalk te baarnen. Tsjintwurdich sit yn de kalkûne it streekmuseum. Troch de wike en op nasjonale monumintedei is it museum middeis iepen.

Referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Rapport van TNO-NITG van 2002 Neffens dit rapport waarden kalkûnen oant 1990 brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: