Springe nei ynhâld

Siuwsk-Flaanderen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Siuwsk Flaanderen)
De lizzing fan Siuwsk-Flaanderen yn Seelân.

Siuwsk-Flaanderen (Nederlânsk: Zeeuws-Vlaanderen; Siuwsk: Zeêuws-Vlaonderen) is in lânstreek dy't it súdlike part omfiemet fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. It gebiet leit ynklamme tusken de Westerskelde en de Belgyske grins, en wie foarhinne it iennichste diel fan Nederlân dat op it fêstelân lei en dochs gjin lânferbining mei de rest fan it lân hie, mei't it yn it easten fan 'e provinsje Noard-Brabân ôfsnien wurdt troch de Skeldemûning. Yn Siuwsk-Flaanderen lizze de yndustryplakken Terneuzen en Sas-fan-Gint, de histoaryske stedsjes Hulst, Aksel en Slûs, en de bekende fiskershaven Breskens.

Yn it ferline wie de noardkust fan Siuwsk-Flaanderen ferbrokkele en bestie it gebiet fral yn it noardwesten út in grut tal eilannen, wêrby't Eastburch, dat no fier yn it binnenlân leit, oan 'e súdkust fan it súdlikste eilân sitewearre wie. Breskens, dat ek dy kusten út leit, hjit net foar neat "Breskes"; it wie dêr doedestiden al 'en duvel eilantsjes. In oar eilân wie Saamslach, dêr't Terneuzen, Aksel en de doarpen Saamslach, Hoeke en Bierfliet op leine. Dat eilân waard kolonisearre fan oare kant de Westerskelde ôf, troch lju fan it eilân Walcheren. Sadwaande is dat gebiet noch altyd protestantsk, wylst de rest fan Siuwsk-Flaanderen in sterk roomsk karakter beholden hat.

Bewesten Terneuzen bleau de Braakman, in see-earm dy't djip it lân yn snie, noch oant de fyftiger jierren fan 'e tweintichste iuw iepen. Noch fierder nei it westen ta, dêr't no de grins tusken Nederlân en Belgje is, lei foarhinne it Swin, dat fia Damme oan Brugge ta it binnenlân ynstiek, sadat it dêr oant Slûs ta iepen see wie.

Yn 'e Tachtichjierrige Oarloch lei Siuwsk-Flaanderen lange tiid yn 'e frontliny, wêrby't fral de fêstingstedsjes Aksel en Hulst geregeldwei yn oare hannen oergiene. Uteinlik bleau dit gebiet lykwols yn Steatske hannen, wylst de rest fan Flaanderen foar de Opstân ferlern gie. As resultaat fan dy útkomst waard it protestantske gebiet om Terneuzen hinne as committimus fanút Middelburch troch de Steaten fan Seelân bestjoerd, wylst de rest fan 'e streek as Steatsk-Flaanderen by de Generaliteitslannen kaam.

De offisjele streekflagge fan Siuwsk-Flaanderen.

Fan 1795 oant 1814 hearde Siuwsk-Flaanderen by Frankryk. Nei ôfrin fan 'e Frânske Tiid beävensearre de lettere kening Willem I yn 1814, noch foar syn kroaning, dat it eardere Steatsk-Flaanderen ûnder de nije namme Siuwsk-Flaanderen by de provinsje Seelân komme soe. Dy ynliving waard op 19 septimber 1814 in feit. Nei't Belgje him yn 1830 fan Nederlân ôfskaat hie, ûntjoech Siuwsk-Flaanderen him ta in wier smokkelparadys. Nei de Earste Wrâldoarloch riddenearren de Belgen dat Nederlân, troch him neutraal op te stellen, eins de Dútsers holpen hie. As fergoeding fan 'e dêrtroch litte skea easken se doe de provinsje Limburch en Siuwsk-Flaanderen op. Mei't dy easken gjin stipe krigen fan 'e Alliëarde grutmachten, rûn dat foar Nederlân mei in skamper ôf.

Siuwsk-Flaanderen leit ynklamme tusken de Westerskelde yn it noarden, dy't it gebiet skaat fan 'e eardere eilannen Walcheren en Súd-Bevelân, en de Belgyske grins yn it suden. Benoarden de tasmeljende eastpunt fan it gebiet leit yn 'e Westerskelde it Ferdronken Lân fan Saaftinge, dêr't yn 'e Midsiuwen ferskate doarpen wiene, mar dat der letter ûnder strûpt is. De eastpunt fan Siuwsk-Flaanderen wurdt troch de mûning fan 'e rivier de Skelde skaat fan it uterste súdwesten fan provinsje Noard-Brabân.

In fûgelferskrikker op koartby ynsiedde lân by Filippine.

Lange tiid wie men yn Siuwsk-Flaanderen foar kontakt mei de rest fan Nederlân ôfhinklik fan 'e beide fearen oer de Westerskelde, by Perkpolder en by Breskens, of men moast omride troch Belgje. Yn 2003 waard lykwols de nije Westerskeldetunnel yn gebrûk nommen, dy't Siuwsk-Flaanderen mei Súd-Bevelân (Terneuzen-Ellewâltsdyk) ferbûn. Sûnt is de feartsjinst Kruningen-Perkpolder út 'e feart nommen, wylst Flissingen-Breskens omset is yn in fyts- en foetfear. Midden troch Siuwsk-Flaanderen rint fierders it Kanaal fan Gint nei Terneuzen, dat de Belgyske stêd Gint in ferbining mei see jout.

Ofsjoen fan 'e gruttere plakken Terneuzen en Hulst bestiet Siuwsk-Flaanderen noch út frij tinbefolke, agrarysk gebiet. De streek omfiemet sûnt de lêste gemeentlike weryndieling, fan 2003, noch mar 3 gemeenten:

Siuwsk-Flaanderen hie yn 2013 in befolking fan rom 106.000 minsken, wat mei in oerflak fan 733,2 km² delkomt op in befolkingstichtens fan 144,6 minsken de km². It gebiet hat in sterke regionale identiteit, wêrby't de leauwens- en kultuerferskillen tusken protestanten en roomsen fan ûndergeskikt belang binne. Der bestiet in eigen streekfolksliet, dat yn 1917 skreaun waard troch ds. Jacob Pattist en J. Vreeken as reäksje op 'e Belgyske gebietseasken. Op 'e nijjiersresepsje fan 2009 presintearren de trije Siuwsk-Flaamske gemeenten mei-inoar in streekflagge, dy't in offisjele status krigen hat.

Yn Siuwsk-Flaanderen wurde fan âlds trije ûnderskate dialekten sprutsen. Fan west nei east binne dat it West-Siuwsk-Flaamsk (of Lân-fan-Kadsânsk), it Lân-fan-Akselsk en it East-Siuwsk-Flaamsk (of Lân-fan-Hulstsk). Dêrfan wurde it West-Siuwsk-Flaamsk en it Lân-fan-Akselsk ta it Siuwsk rekkene. Dy beide dialekten foarmje tegearre de Súdsiuwske dialektgroep, dy't de oergong foarmet mei it Westflaamsk fan Belgje, dêr't it Siuwsk in dialektkontinuum mei hat. It East-Siuwsk-Flaamsk is gjin Siuwsk, mar in Eastflaamsk dialekt, dat mear besibbe is oan it Brabânsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.