Springe nei ynhâld

Westerskeldetunnel

Ut Wikipedy
Hendrik Bulthuis Akwadukt
Ynrit Westerskeldetunnel
Ynrit Westerskeldetunnel
Lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Seelân
plakFlagge fan Terneuzen Terneuzen,
Flagge fan Ellewoutsdijk Ellewoutsdijk
giet ûnderWesterskelde
dykN62
Algemiene gegevens
koördinaten51° 22' N, 3° 47' E
boujier1999-2003
iepening2003
kosten€ 750 miljoen
behearderSeelân
Eigenskippen
typetoltunnel
lingte6.6 km
breedte2 × 11 m
rydstripen2x2
tolJa
(tolfrij foar auto's en motors)
Oars
bysûnderhedenlangste dyktunnel yn Nederlân
Kaart
Westerskeldetunnel (Seelân)
Westerskeldetunnel

De Westerskeldetunnel is in tunnel fan 6,6 kilometer lang yn de provinsjale wei N62 ûnder de Westerskelde troch, tusken Ellewoutsdijk en Terneuzen. It is de langste tunnel foar it weiferkear fan Nederlân.

De Westerskeldetunnel is 6,6 km lang en hat oan de súdkant, oer in lingte fan 1200 meter, in weigedielte mei in skeanteflak an 4,5%. De maksimale trochrydhichte is 4.30 meter. It djipste punt berikt de tunnel ûnder de Pas fan Terneuzen, 60 meter ûnder seenivo. Yn de tunnel jildt in maksimumsnelheid fan 100 km/u. Dat wurdt kontrolearre middels trajektkontrole. De tunnel is net geskikt foar fuotgongers en fytsers.

De Westerskeldetunnel is in boarre tunnel en bestiet út twa buizen mei in trochsneed fan 11 meter dy't mei in tunnelboarmasine groeven binne. Elke buis hat romte foar twa rydstreken; in flechtstreek ûntbrekt. Om de 250 meter binne de tunnelbuizen oan elkoar keppele mei dwersferbinings. Normaal binne de doarren nei de dwersferbinings skoattele, by in kalamiteit wurde de doarren automatysk ûntskoattele. It ferkear op de linkerrydbaan yn de oare tunnelbuis wurdt dan stillein sadat minsken feilich de oare tunnelbuis yn rinne kinne.

De tunnel is iepene op 14 maart 2003. Sûnttiids binne de autofeartsjinsten FlissingenBreskens en KruiningenPerkpolder fan de Provinsjale Stoomboattsjinsten yn Seelân opheft.

De bou fan de tunnel en de oanlis fan de taliedende wegen koste 725 miljoen euro (ekskl. BTW). De tunnel wurdt foar in perioade fan tritich jier eksploitearre troch de N.V. Westerscheldetunnel; sûnt 1 july 2009 is de tunnel eigendom fan de Provinsje Seelân. Foarhinne wie de NV foar 95,4% eigendom fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat (as oandielhâlder fan de Nederlânske steat) en foar 4,6% fan de provinsje Seelân. Op 17 juny 2008 waard bekend makke dat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat de 95,4% fan de oandielen oan de provinsje Seelân ferkeapje soe.

Foar de eksploitaasje fan de Westerskeldetunnel is op 1 oktober 1998 de Tunnelwet oannomd. Dêr stiet ûnder oare yn beskreaun foar hokker perioade der tol heft wurdt en wurde regels jûn foar it fêststellen fan de tariven.

Tolpoartsjes

Tol foar de tunnel wurdt heft yn Borssele foar beide rydrjochtingen. Helptsjinsten en militêre kolonnes binne frijsteld fan tol. Mei yngong fan 30 desimber 2024 is de tunnel tolfrij foar persoane-auto's en motoaren. It oare motorisearre ferkear bliuwt tol beteljen oant 2033.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: