Springe nei ynhâld

Ellewoutsdijk

Ut Wikipedy
Lizzing Ellewoutsdijk

Ellewoutsdijk (Siuwsk Ellesdiek), is in doarp yn de gemeente Borsele, yn de provinsje Seelân. Oant 1 jannewaris 1970 wie it in selsstannige gemeente. It doarp is mei syn 410 ynwenners (2010) de lytste kearn fan de gemeente.

It doarp leit oan de Westerskelde, yn de súdlikste punt fan Súd-Bevelân, net fier fan de noardlike ynrit fan de Westerskeldetunnel. Oan de Westerskelde leit in lytse jachthaven, in tijhaven, dy't by eb drûchfalt. Ten suden fan it doarp, efter de seedyk leit in earder fort út 1837. Dit fort wie oait bedoeld as ferdigening fan de Skelde en is hjoeddeisk eigendom fan Feriening Natoermonuminten.

In opfallend plak yn de buorren hawwe twa hearehuzen yn in parkeftich lânskip, dy't troch de ambachtshear fan Ellewoutsdijkboud binne op it terrein fan in yn de Twadde Wrâldoarloch ferwoaste bûtenplak.

Op de fûneminten fan de let-goatyske doarpstsjerke waard yn 1950/51 it nije Tsjerkje fan Ellewoutsdijk boud. Meidat it sa'n lytse gemeente wie, kaam se yn 2001 by de gemeente Driewegen en kaam it tsjerkje leech te stean. Sûnttiids wurdt it brûkt foar oekumenyske tsjerketsjinsten en foar ferskate dialekt-aktiviteiten.