Springe nei ynhâld

Sint-Willibrordustsjerke (De Lemmer)

Ut Wikipedy
Sint-Willibrordustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Lemmer
adres Skâns 49
koördinaten 52° 50'N 5° 42'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Willibrord
Arsjitektuer
arsjitekt Nicolaas Molenaar
boujier 1901
boustyl Neogotyk
Webside
Webstee H. Kristoffelparochy
Kaart
Sint-Willibrordustsjerke (De Lemmer)
Sint-Willibrordustsjerke

De Sint-Willibrordustsjerke op De Lemmer is in oan de apostel Willibrordus wijde roomsk-katolike tsjerke. It is ien fan de tsjerken fan de Hillige Kristoffelparochy, dêr't roomsk Bakhuzen, Balk, De Jouwer, Sint-Nyk, Sleat en Wâldsein by oansletten binne.[1]

De tsjerke is in neogotyske pseudobasilyk mei fjouwer traveeën út 1901 dy't in âldere tsjerke út 1767 ferfong. It bouwurk waard ûntwurpen troch arsjitekt Nicolaas Molenaar, in learling fan Pierre Cuypers. Foar de bou moast in pleast op it plak ôfbrutsen wurde.[2] De Willibrordustsjerke is yn 1993 restaurearre.

Ynterieur

It haadalter fan wyt mergel waard levere troch atelier Mengelberg út Utert en is in ûntwerp fan de arsjitekt fan de tsjerke. Oan wjerskanten fan it tabernakel steane Bonifatius (lofst) en Willibrord (rjochts). De bylden fan fan Marije en Joazef yn de sydalters stiene ek al yn foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke.

De ramen yn it koer datearje út 1923 en binne neffens in ûntwerp fan Joep Nicolaas makke troch it atelier H. Derix út Kevelaer. De trije finsters yn 'e midden hawwe âld- en nijtestamintyske foarstellings, wylst op de bûtenste finsters hilligen foarstelle. De acht brânskildere ramen yn de sydskippen út 1945 hawwe foarstellings fan Jezus en binne makke troch Joan Colette.

De krúswei fan de tsjerke wurdt foarme troch oaljeferfskilderijen fan in ûnbekende Dútske skilder en datearret út 1840.

By de yngong fan de tsjerke waard út tankberens dat it doarp De Lemmer yn de Twadde Wrâldkriich sparre waard foar grutskalige ferneatiging yn 1946-1947 in muorreskildering makke. De bylden binne ynspirearre op it ferskinen fan Marije oan trije bern yn Fátima. De balustrade fan it sjongkoar binne fersierd mei foarstellings fan Jezus en de apostels.

Yn 2001 binne de muorreskilderings fan de tsjerke, dy't oarspronklik riker beskildere wie, op 'e nij beskildere.

It oargel waard yn 1978 boud troch de firma Flentrop.

De pastory njonken de tsjerke is yn 1908 ûnder lieding fan Herman Kroes út Amersfoart. Oan de oare kant fan de tsjerke stiet Us Thús, it parochyhûs.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: