Sint-Nikolaas fan Tolentyntsjerke (Wytmarsum)
Nikolaas fan Tolentyntsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
plak | Wytmarsum | |
adres | Arumerwei 68 | |
koördinaten | 53° 06' NB, 5° 28' EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Nikolaas fan Tolentyn | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | A.J. van Schaik | |
boujier | 1902 | |
boustyl | Neogotyk | |
Webside | ||
Titus Brandsmaparochy | ||
Kaart | ||
De Nikolaas fan Tolentyntsjerke is in roomske tsjerke oan 'e Arumerwei yn Wytmarsum. It is de iennige roomske tsjerke fan Nederlân dy't oan Nikolaas fan Tolentyn wijd is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar katolike Wytmarsumers wie it oant it ein fan 'e 19e iuw in oardel oere rinnen nei Boalsert om de misse by te wenjen. Om 't de tsjerke dêr te lyts wie, moasten hja dêr ek nochris de misse steande folgje. Dêrom fregen hja om in eigen tsjerke en foar dat doel waard yn 1898 in hûs mei in stik grûn oankocht, dêr't ynearsten de misse opdroegen waard. Op 2 july 1902 waard de earste stien lein foar in tsjerke mei in oangrinzgjend kleaster foar Augustynske bruorren om de parochianen te betsjinjen.
De tsjerke, de pastorije en it kleaster binne neffens in ûntwerp fan A.J. van Schaik út Utert boud. Timmerman T. Kloosterman út Snits naam de bou foar 48.560 gûne oan. Yn 1903 wiene tsjerke en kleaster foltôge en yn dat jier waard ek it kleaster bewenne troch acht Augustynske bruorren. It wie it earste maljuskleaster yn Fryslân nei de reformaasje. It duorre noch oant 1938 dat it heechalter troch aartsbiskop Johannes de Jong konsekrearre waard. It tal bruorren wie yn 'e Twadde Wrâldoarloch al oant 25 tanommen.
Nei de oarloch waard by it kleaster it foarmingssintrum 'Vinea Domini' (de Wyngert fan 'e Heare) boud. De earste Fryske eucharistyfiering waard op 13 desimber 1964 fierd, twa wiken nei't it Fatikaan de folkstaal tastie.
Mei't de bruorren oan it begjin fan 'e jierren 1960 it kleaster ferlitten en nei it suden fan it lân werom gyngen, waard it kleaster oernommen troch de Susters fan Leafde fan Schijndel. Hja namen ek de soach foar âlderen en siken oer en der waard in nij bejaardehûs boud dat iepen stie foar alle religy's.
Sluting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêrnei sette de delgong fan it rike roomske libben yn. It kleaster moast yn 1974 de doarren slute en it foarmingssintrum moast yn 1984 fusearje mei De Oorsprong yn Sint-Nyk. Ek it bejaardesintrum moast yn 1987 fusearje mei Avondrood yn Makkum, dat fiif jier letter opgie yn 'e Stifting Soarchsintrum De Greidhoeke. Dêrmei rekken de susters harren bestjoerlike taken kwyt. Undertusken wurke de Wytmarsumer parochy gear mei dy fan Makkum en Warkum, dy't sûnt 2014 mei dy fan Boalsert opgien binne yn 'e Titus Brandsmaparochy.
In plan yn 2016 om in asylsikerssintrum foar 200 asylsikers yn it kleaster ûnder te bringen gie net troch. It doarp fersette him om 'e nocht tsjin de komst fan it asylsintrum, mar de wegering fan 'e eigner fan it eardere gemeentehûs om dat foar it personiel fan it COA te ferkeapjen, makke in ein oan 'e plannen.[1][2]
Ferkeap
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke en it kleaster waarden yn 2019 ferkocht oan in Belgyske belizzingsfirma.
De parochy brûkt it foarste diel fan 'e tsjerke foar missen, wylst de rest mei it oangrinzgjende kleaster ferboud waard en troch in soarchynstellng brûkt wurdt..
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|