Springe nei ynhâld

Nikolaas fan Tolentyn

Ut Wikipedy
Sint Nikolaas fan Tolentino

Nikolaas fan Tolentijn (Sant'Angelo in Pontano (Macerata), ±1246 - Tolentino, 10 septimber 1305) is in Italjaanske hillige.

Nikolaas fan Tolentyn wie fan ienfâldich komôf en gie mei jonge jierren al by de oarder fan de Augustinen. Hy wie de soan fan Compagnonus de Guarutti en Amata de Guidiani, dy't op middelbere jierren noch sûnder bern wiene. Syn âlden bidden foar de tombe fan Nikolaas fan Myra foar syn tuskenkomst en doe't Amata dêrnei swier waard, neamden sy harren soan nei dizze hillige.

Nikolaas studearre yn it provinsje stúdzjesintrum fan de Marche in Ancona fan 1262 oant 1273. Hy kin omskreaun wurde as in beskieden kleasterling en pryster, fol fan kristlike neisteleafde foar syn meibruorren en oare minsken oer en trou yn it folbringen fan de ferplichtingen dy't syn religieuze profesje meibrocht. Sa gie er geregeldwei nei siken en earmen en stipe en fersoarge harren. Hy skamme him net om foar syn kommuniteit op de biddel te gean. Syn preekjen wie raak en minsken mochten tige graach oer syn geastlike lieding. Yn de benei trittich lêste jierren fan syn libben hâlde er yn Tolentino (Tolentyn) ta, dêr't er yn 1305 ek stoar en yn de augustinetsjerke byset waard. Dy tsjerke wie oarspronklik oan Augustinus wijd, mar waard it middelpunt fan de ferearing fan de Sinterklaas. De tsjerke hat fresko's dy't sênes út it libben fan dizze hillige en barrens út it libben fan Kristus foarstelle. Yn 1446 waard Nikolaas fan Tolentino troch paus Eugenius IV hillige.

By syn kanonisaasje as hillige waarden Nikolaas 300 wûnderen taskreaun, dêr't trije opwekkings út de dea by wiene.[1]

Der binne in protte ferhalen en legindes dêr't Nikolaas in rol yn hat. Ien fehaal giet oer de duvel dy't Nikolaas mei in stôk op 'e bealch jout; de stôk hat jierrenlang yn syn tsjerke te sjen west. In oar ferhaal ferhellet fan Nikolaas, fegetaarjer, dy't in rustere fûgel foarset krige; hy makke in krústeken boppe it bist dat dêrnei it finster útfleach. Doe't njoggen passazjiers op in sinkend skip om Nikolaas syn help fregen, ferskynde er yn syn swarte Augustiaanske habyt, yn in gouden ljocht, mei in leelje yn de lofter hân, wylst er mei de rjochter hân de stoarm delbêde. Teffens soe de hillige ferskynd wêze by in brân fan it paleis fan de Doge fan Feneetsje dy't er dove troch in stik segene bôle yn de flammen te smiten. Ek is der in ferslach oer it opwekken fan goed hûndert bern, dêr't guon fan mei-inoar fersûpt wiene.

Ferearing yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân binne, of hawwe west, beafearten ta eare fan Nikolaas fan Tolentyn, ûnder oaren nei de Paterstsjerke in Eindhoven.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopedia of the Middle Ages, diel 2. Troch André Vauchez, Richard Barrie Dobson, Michael Lapidge. (Chicago: Fitzroy, Dearborn, 2000)