Sint-Martinustsjerke (Oberwesel)

Ut Wikipedy
Sint-Martinustsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak 55430 Oberwesel
adres Martinsberg 1
koördinaten 50° 6' N 7° 43' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Trier
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boustyl gotyk
Webside
www.st-nikolaus-mrh.de
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke is in oan Martinus fan Tours wijd tsjerkegebou yn 'e Dútske stêd Oberwesel, Rynlân-Palts. De tsjerke stiet op it heechste punt fan 'e stêd en wurdt yn 'e folksmûle fanwegen de wite kleur ek wol de 'Wite tsjerke' (Weiße Kirche) neamd. De toer fan 'e tsjerke wie eartiids ûnderdiel fan 'e noch foar in grut part besteande stedsferdigening.

De Martinustsjerke is sûnt 2002 ien fan 'e monuminten fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe-Middenryndelling.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heechalter.

De foarrinner fan 'e tsjerke wie in troch de Trierske aartsbiskop Diether fan Nassau yn 1303 boude tsjerke fan in stift, dat yn 'e Tritichjierrige Kriich ferneatige waard.

De hjoeddeiske tsjerke waard yn 'e earste helte fan 'e 14e iuw boud. Nei de Weseler Kriich yn 1390-1391 waard de toer fan 'e tsjerke in wartoer, mei kantelen en hoektuorkes. In muorreanker oan it boppediel fan 'e toer waard nei dendrogronologysk ûndersyk datearre op 1435. De toer wurdt ôfsletten troch in achthoekige opbou foar de klokkestoel.

It oarspronklik trijeskippige ûntwerp neffens it foarbyld fan 'e Leaffrouwetsjerke fan Oberwesel (ek wol 'Reade tsjerke') waard nea yn 'e opset foltôge. Oarspronklik wie it in ienskippich gebou fan trije traveeën mei in koer fan twa traveeën en in fiifsidige ôfsluting. It letgoatyske noardlike sydskip waard yn 'e 16e iuw oanboud. Neffens de opset soe in súdlik sydskip oanboud wurde, mar dy plannen binne nea útfierd.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fresko Anne Trijeresom.

De tsjerke hat in ryk ynterieur. De opset fan it heechalter is in barok monumint út 1682 op in goatyske mensa . De twa sydalters binne oan Marije en Sint-Laurentius wijd en 18e-iuwsk. Alder binne de oerbliuwsels fan in út 1400 datearjend retabel mei de krusiging fan Kristus en de apostels en in relikenretabel út de 14e iuw mei foarstellings fan Jezus. Ek 14e-iuwsk is it sakramintshúske. De koerbanken geane op 'e 14e iuw werom. De bychtstoel en de preekstoel binne 18e-iuwsk. De beskildering fan it ferwulft yn it skip datearret út de 15 iuw. Fierders binne der oan de pilaren en muorren op ferskillende plakken fresko's te sjen. Yn it noardlike sydskip stiet in letromaansk doopfont.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1955 troch Johannes Klais (Bonn) boud. It ferfong in ynstrumint, dat yn 1729 troch Jacob Reiffert (Bad Breisig) boud en yn 1743 troch de oargelbouwer Franz Joseph Eberhardt feroare en fergrutte waard. Fan dat ynstrumint bleau allinne de oargelkas oer, dêr't it boppewurk yn sit. It ynstrumint hat 27 registers en trije transmisjes op trije manualen en pedaal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:St. Martins-Kirche (Oberwesel)