Sint-Martinustsjerke (Hallum)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Grutte- of Sint-Martentsjerke
Hallum, Grutte- of Sint-Martenstsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
plak Hallum vlag.svg Hallum
adres Tsjerkepaad
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Aldste diel 1100
boustyl Gotyk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 15618
webside Prot. gemeente Mariëngaarde

De Grutte- of Sint-Martentsjerke is ien fan de twa tsjerken dy't de protestantske gemeente Mariëngaarde yn it doarp Hallum ryk is. De twadde tsjerke fan protestansk Hallum is De Hoekstien oan de Langebuorren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âldste diel fan de oan Martinus fan Tours wijde tsjerke is kapel oan de noardlike kant fan it skip. Dy noardlike kapel, dy't ek wol Lytse Toer neamd wurdt, baarnde yn 1153 ôf en waard yn 1155 wer yn oarder makke. Noch jimmeroan binne dêr noch dowestiennen yn it muorrewurk te sjen. It goatyske skip mei noch romaanske skaaimerken kaam yn 1275 ree en mooglik jildt dat ek foar de súdlike oanbou. Foar de bou waard de dowestien fan de oarspronklike tsjerke op 'e nij brûkt.[1] It fiifsidige koer waard yn de 14e iuw oanboud, mar yn de twadde helte fan de 19e iuw fernijd. De steunbearen moasten yn de 18e iuw tafoege wurde.

De Sint-Martentsjerke hie yn de 15e iuw al in toer, dy't yn de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers yn 1464 yn brân stutsen waard. Op 26 april 1804 stoarte de âlde toer by wurksumheden yn. Mei de toer stoarten ek trije klokken del, mar se bleaune hiel. It ynstoarten fan de toer ferwoastge ek it westlike part fan de tsjerke en it Hinsz-oargel út 1768 gyng folslein ferlern. Yn 1806 waard de toer wer opboud en ynstee fan in sealtek no mei in spits bekroand.[2] Op de gevelstien boppe de doar fan de toer stiet de folgjende tekst te lêzen:

Gevelstien yn toer
Gestigt MDCCCVI
Treed niet onachtzaam hier voorbij,
Maar leer o sterveling van mij
Hoe gij zieraad met nut moet paren;
Want daar 'k en wind en tijd u toon,
Daar ik het dorp strek als ten kroon,
Doe 'k rustdaags u voor 's Heeren troon
Ook in den tempel Gods vergaren.

Yn de toer hingje twa klokken: de grutste klok waard yn 1542 troch Geart fan Wou en Johannes ter Steghe getten. De twadde klok stamt út 1648 en is getten troch Jacob Noteman.[3] Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken út de toer helle, mar yn 1946 kamen de klokken werom.[4] De tredde klok is net bewarre bleaun.

De lêste restauraasje fan it ynterieur fan de tsjerke fûn plak yn 2011-2012. By dy restauraasje hat alles fan it plak west en der waarden sa'n fjouwerhûndert munten fûn. Nei de restauraasje fan it ynterieur folge de restauraasje fan it oargel.[5]

Yn it ramt fan de lêste restauraasje waard in boek skreaun oer de tsjerke en in CD makke fan it restaurearre oargel.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur hat in houten tonferwulft en it measte meubilêr datearret út de 17e of 18e iuw.

De preekstoel út 1773 waard troch Willem Groeneveld út Ljouwert boud, it houtsnijwurk foar de kânsel waard troch Dirk Embderveld levere. De bylden op de hoeken fan de stoel stelle de fjouwer evangelisten en harren symboalen foar. Op it klankboerd is in ingel mei in papierrol oanbrocht dêr't de wurden Want Siet ik Verkondig U Groote blijdschap op steane.[6]

Oargel

Yn de tsjerke hingje roubuorden foar Gijsbert Arendsma van Idsinga (ferstoarn 1760) en Duco Martena van Burmania (ferstoarn 1775), oarspronklik ôfkomstich út de tsjerke fan Marrum. Ienfâldiger is it rútfoarmige rouboerd fan Andriese Lucia van Bronckhorst († 1666).

De tsjerke is trije 17e iuwske hearebanken ryk.

Under de flier lizze in santichtal grêfserken. Tidens de restauraasjewurksumheden kamen se foar it ljocht, mar nei't se yn kaart broch waarden ferdwûnen se wer ûnder de flier.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ynstoarten fan de toer yn 1804 moast it Hinsz-oargel ferfongen wurde. Yn de jierren 1809-1811 boude Albertus van Gruisen út Ljouwert in nij oargel foar de tsjerke. Okkerdeis waard it oargel troch Bakker & Timmenga út Ljouwert restaurearre. It instrumint krige it oarspronklike klankbyld werom en in tal feroarings oan it oargel dy't yn de rin fan de tiid oanbrocht wiene waarden weromdraaid. It selsstannige pedaal fan Willem Hardorff út 1871 bleau lykwols beholden. Op 24 oktober 2014 waard it restaurearre oargel wer yn gebrûk nommen. [7]

It oargel is fersierd mei de bylden fan it leauwen, de hope en de leafde (haadwurk). Sintraal op it rêchwurk stiet kening David, flankearre troch musisearjende putto's.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: