Springe nei ynhâld

Sint-Kastorbasilyk (Koblenz)

Ut Wikipedy
Sint-Kastorbasilyk
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Koblenz
adres Kastorhof 4
koördinaten 50° 21' N 7° 36' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Kastor fan Karden
status basilica minor
Arsjitektuer
boujier 817-836
boustyl romaanske arsjitektuer
Webside
Side Parochymienskip Koblenz-binnenstêd
Kaart
Sint-Kastorbasilyk (Rynlân-Palts)
Sint-Kastorbasilyk

De Sint-Kastorbasilyk is in roomsk-katolike tsjerke yn it sintrum fan 'e Dútske stêd Koblenz. De tsjerke datearret fan 'e jierren 817-836 en stiet by de Deutsches Eck, in lântonge tusken de rivieren de Mûzel en de Ryn. De tsjerke is in foarbyld fan romaanske arsjitektuer en fan belang om't sawol it eksterieur as it ynterieur foar in grut part oarspronklik bleaun is en der yn 'e tsjerke skiednis skreaun waard.

Tegearre mei oare tsjerken yn 'e stêd is de Kastortsjerke tige byldbepalend foar de stêd. Foar de tsjerke leit de saneamde Kastorboarne, in tsjûge út de tiid fan 'e Napoleontyske krigen. De tsjerke krige fan paus Jehannes Paulus II op 30 july 1991 de status fan basilyk.

De Kastorkerk foarmet tegearre mei de Hillich Herttsjerke, de Leaffrouwetsjerke, de Sint-Joazeftsjerke en de Sint-Menastsjerke de Pfarreiengemeinschaft Koblenz-Innenstadt Dreifaltigkeit,

Sûnt 2002 is de basilyk ûnderdiel fan de it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe Midden-Ryndelte.

Yn 'e Romeinske tiid stie op it plak fan 'e tsjerke in castellum, in Romeinsk fort. Yn 2008 waarden resten fan in 4 meter brede en 2,5 meter djippe grêft fûn, dy't om it fort lei. Likernôch oant it jier 400 stie der in fanum (timpel) op it plak, dêr't tsjintwurdich it koer fan 'e tsjerke is. Op it plak fan 'e timpel waard yn 'e Frankyske tiid om it jier 600 hinne in tsjerkhôf oanlein, dat oant yn 'e midden fan 'e 12e iuw yn gebrûk wie.

Rizza-skryn

Aartsbiskop Hetto fan Trier liet mei stipe fan kening Loadewyk de Fromme de tsjerke bûten de doedestiidske stedsgrinzen bouwe, dy't op 12 novimber 836 ynwijd waard. Foar dy gelegenheid waarden de reliken fan 'e hillige Kastor oerbrocht nei Koblenz. De sillige Rizza fan Koblenz joech foar de bou har erfdiel yn Kobern om 'e ûnderhâldskosten fan 'e tsjerke te dekken. Ek tsjintwurdich wurde har reliken yn in skryn mei dy fan Kastor yn it noardlike sydskip fan 'e tsjerke bewarre.

Yn it jier 842 waard yn 'e tsjerke it Frankyske Ryk ferdield ûnder de trije soannen fan Loadewyk de Fromme. Dêrmei ûntstie it Ferdrach fan Verdun, dat it ryk opdielde yn it West-Frankyske Ryk, Loataringen en it East-Frankyske Ryk. It stift waard in plak dêr't keizers en kenings harren skeel byleine. De tsjerke waard by in oerfal fan Wytsings yn 842 hielendal ferneatige, mar fuort dêrnei wer opboud.

Yn it jier 1338 wie de lêste grutte moeting fan foarsten yn 'e tsjerke. Op in Ryksdei yn Koblenz waard tusken keizer Loadewyk de Beier en Edwert III fan Ingelân in bûn sletten.

Stjerferwulft.

It middenskip en de krusing fan 'e tsjerke krige tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw goatyske stjerferwulften.

Ynterieur.

Oant 1802 wie de Kastortsjerke in kollegiale stiftstsjerke. Foar de westlike gevel en oan 'e súdlike kant wiene eartiids stiftsgebouwen, dêr't ek in kleastergong wie mei oan it koer in tsjerkhôf. Yn 'e Frânske tiid waard mei de sekularisaasje it stift opheft en de gebouwen mei de kleastergong ôfbrutsen. De Kastortsjerke bleau lykwols as parochytsjerke sparre.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1848-1850 neffens plannen fan de Prusyske arsjitekt Johann Claudius von Lassaulx restaurearre. Yn 'e tsjerke brocht Joseph Anton Nikolaus Settegast fresko's oan en de barokke feroarings waarden ferwidere. Under lieding fan de arsjitekt F.W. Maeckler waard yn 'e jierren 1890-1895 it eksterieur restaurearre en de portalen fernijd. Yn 'e jierren 1930 waard it ynterieur op 'e nij renovearre.

De Sint-Kastortsjerke rekke by de swiere bombardeminten op de stêd op 6 novimber 1944 slim skansearre. In pear moanne letter folgen mear skansearrings troch artilleryfjoer, doe't de Amerikanen yn maart 1945 de stêd ynnamen. It stiennen gebou en de ferwulften bleaune lykwols sparre. Nei de Twadde Wrâldkriich folge it ophelpen fan 'e tsjerke, dat yn 1955 foltôge wie. In pear jier letter folge de bou fan in nij oargel yn it dwersskip, dat yn 2013 demontearre waard om yn Itaalje wer opboud te wurden. De tuorren waarden yn 'e jierren 1980-1983 restaurearre. In lêste grutte renovaasje fan it ynterieur fûn yn 'e jierren 1985-1990 plak.

It hjoeddeiske haadoargel waard yn 2014 troch Hugo Mayer út Heusweiler boud en op 2 novimber ynwijd en yn gebrûk nommen. De oargelkas is in gearwurkingsûntwerp mei de oargelbouwer fan 'e arsjitekt Ulrich Hahn út Aken. It ynstrumint hat 52 registers op fjouwer manualen en pedaal. De bou fan it oargel koste 1,1 miljoen euro, dêrfan is 400.000 euro troch jeften byinoar sammele.

Njonken it haadoargel beskikt de Sint-Kastor oer in koeroargel út 1990, dat troch deselde oargelbouwer boud is. It koeroargel hat 11 registers op twa manualen en pedaal en mechanyske traktueren.

Op 30 july 1991 krige de tsjerke fan paus Jehannes Paulus II de rang fan basilyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.