Sint-Fransiskustsjerke (Boalsert)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint-Fransiskustsjerke

De Sint Fransiskustsjerke is in grutte parochytsjerke yn Boalsert, dy't wijd is oan de katolike hillige Fransiskus fan Assisy. De tsjerke waard yn 1934 boud op it plak dêr't in eardere tsjerke, ek wijd oan Fransiskus stie. It ûntwerp is fan de út Nymwegen ôfkomstige arsjitekt H.C. fan de Leur.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke en parochy binne ûntwurpen yn de ekspressionistyske bakstienarsjitekteur fan de Frânsman Paul Bellot. De tsjerke is in krústsjerke, dêr't de transepten deselde hichte hawwe as it skip. Oan de bûtenkant binne de gevels sober útfierd. Yn de noardwant fan it skip befynt him de oarspronklike "earste stien" fan de ôfbrutsen Fransiskustsjerke út 1846 fan arsjitekt Molkenboer. Oan de noardside fan it front stiet in hege achtsidige toer, bedekt mei in koperen spits. Oan de súdside is in lytsere toer, sakristy, koaromgong en bysakristy binne útboud oan de efterside fan de tsjerke. Yn de tsjerke is de dragende konstruksje fan de bôgen sichtber litten, het dekbeskot is ôftimmere mei blau ferve hout. Wat opfalt binne de grutte bôgen dy't krúslings de fliering oerbrêgje. De preekstoel is fan stien mitsele. It grutte oargel op de sangsouder komt fan de eardere Sint Martinustsjerke oan de Grutte Dijlakker te Boalsert.

Basilyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 novimber 2016 is troch de Romeinske Kongregaasje foar de Godlike Earetsjinst út namme fan paus Franciscus oan de Fransiskustsjerke de earetitel fan basilica minor takend. De ferheffing ta basilyk sil barre yn in proklamaasjefiering op in noch net bekende datum.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. St. Franciscuskerk Bolsward wordt Basiliek Niis Bisdom Grins-Ljouwert d.d. 10 febrewaris 2017