Springe nei ynhâld

Shadowfell

Ut Wikipedy
Shadowfell
algemiene gegevens
auteur Juliet Marillier
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy, jongereinliteratuer
1e publikaasje 2012, New York
oarspr. útjwr. Knopf
rige
rige Shadowfell-trilogy
● foarich diel
● folgjend diel Raven Flight
kodearring
ISBN 978-0 37 58 71 962

Shadowfell is in fantasy-roman foar jongerein, skreaun troch de Nijseelânske auteur Juliet Marillier. De titel betsjut: "Skaadberch" of "Berch fan de Skaden". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, fertelt it ferhaal fan 'e jonge Neryn, in mei boppenatuerlike talinten bejeftige famke yn in lân dêr't lju om sokke dingen ferfolge wurde. Shadowfell is it earste diel fan 'e Shadowfell-trilogy. De roman waard yn 2012 publisearre troch de Amerikaanske útjouwerij Knopf. Marillier wûn der yn 2013 in Tin Duck Award mei yn 'e kategory bêste spekulative fiksje. It boek waard yn 2012 yn it Nederlânsk oerset troch Selma Soester en ûnder de titel Verboden Magie publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.

It lân Alban wurdt regearre troch de wrede kening Keldec, dy't syn trewanten derop útstjoerd om eltsenien dy't boppenatuerlike jeften hat, te deadzjen. Slimmer noch binne de 'breinskrabers', tsjoenders dy't yn opdracht fan 'e kening wurkje, en dy't troch feroarings yn 'e psyche oprjochte lju ta gewillige tsjinners fan 'e kening meitsje of ta bernskens bringe kinne. Yn dat lân binne Neryn en har heit al ferskate jierren op 'e flecht, sûnt har beppe, dy't itselde soarte boppenatuerlike talinten hie as sy, it slachtoffer wurden is fan in breinskraber. Hoewol't it de tsjoender net slagge om beppe ta in tsjinneresse fan 'e kening te meitsjen, wie it âld minske neitiid harsels net mear, en libbe se noch mar koarte tiid.

Neryn en har heit swalkje sûnt dy tiid troch it lân, wêrby't se de Oftwingers, de elitesoldaten fan 'e kening, dy't nei Neryn op 'e siik binne, hieltyd mar in stap foarbliuwe. As Neryn har heit oan 'e westkust fan Alban by in oanfal fan 'e Oftwingers omkomt, bliuwt hja lykme-allinne efter, mei't har mem al stoarn is doe't se noch lyts wie, en har âldere broer earder al om hals brocht is. De iennichste reden dat Neryn it diskear sels net ek ôfleit, is dat in ûnbekende man, de mysterieuze Flint, har op 'e tiid helpt om te ûntkommen. Flint biedt oan har fierder te helpen, mar Neryn fertrout him net, en beslút om op eigen manneboet troch te reizgjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

No't se alhiel allinnich op 'e wrâld is, beslút Neryn om nei de Skaadberch (Shadowfell) te gean, yn it bercheftige noarden fan it lân. De Skaadberch is in namme dy't troch de ynwenners fan Alban inkeld flústere wurdt, mei't it de basis is fan 'e lêste rebellen tsjin 'e tiranny fan Keldec. It bestean derfan is lykwols sa mei riedsels omklaaid, dat de measte lju it as in myte beskôgje. Dwers troch de wyldernis giet Neryn, mei't se har net op 'e wegen doar te weagjen, troch waar en wyn en noed en gefaren.

No't se op harsels is, wurdt se oanhâldend besocht troch it Goedfolk, de boppenatuerlike wêzens fan Alban. Dy wêzens hawwe in útsûnderlike feardichheid om harren foar de minsken te ferbergjen, mar it is no krekt Neryn har talint om se sjen te kinnen wêr't se ek mar binne. Hoewol't Neryn harren warskôget om by har wei te bliuwen, om't se net oaren mei har yn it ferdjer stoarte wol mochten de Oftwingers har te pakken krije, kieze guon fan it Goedfolk der út frije wil foar om har te helpen.

Underweis nei de Skaadberch kriget Neryn te meitsjen mei profesijen en beproevings en moetet se in machtich wêzen dat de Master fan de Skaden blykt te wêzen. Hja rekket slim siik en wurdt inkeld fan 'e dea rêden trochdat Flint wer opdûkt om har mei te nimmen nei in sideplak dêr't er har fersoarget oant se opbettere is. Neryn wit dat se nimmen mei har plannen fertrouwe moatte soe, mar der is wat yn har dat der nei langet om him yn betrouwen te nimmen.

Krektsa liket Flint har syn fertrouwen te skinken as er fertelt dat er as ien fan 'e lieders fan 'e Oftwingers in ynfloedrike posysje beklaait oan it Keninklik Hof. Neryn wifket tusken ôfkear en eat dat tige op leafde liket as er boppedat bekent dat er in breinskraber is, wierskynlik de lêste yn Alban mei dat talint dy't noch oplaat is op 'e wize sa't dat bedoeld wie, om geastlik sike minsken te genêzen. No is er as spion foar de opstannelingen de hoale fan 'e liuw ynkrongen en liedt er in gefaarlik en iensum libben. Lang om let komt Neryn by de Skaadberch oan en wurdt dêr opnommen yn it fermidden fan 'e rebellen dy't oanfierd wurde troch Flint syn freon Regan. Shadowfell einiget as Flint ôfset om him wer by de kening te jaan, en Neryn troch syn ôfwêzigens einlings beseft dat se fan him hâldt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: