Raven Flight
Raven Flight | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Juliet Marillier | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy, jongereinliteratuer | |
1e publikaasje | 2013, New York | |
oarspr. útjwr. | Knopf | |
rige | ||
rige | Shadowfell-trilogy | |
● foarich diel | Shadowfell | |
● folgjend diel | The Caller | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 37 58 71 979 |
Raven Flight is in fantasy-roman foar jongerein, skreaun troch de Nijseelânske auteur Juliet Marillier. De titel betsjut: "Ravensflecht" of "Flecht fan de Raven". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, fertelt it ferhaal fan 'e jonge Neryn, in mei boppenatuerlike talinten bejeftige famke yn in lân dêr't lju om sokke dingen ferfolge wurde. Raven Flight is it twadde diel fan 'e Shadowfell-trilogy en as sadanich it ferfolch op Shadowfell. De roman waard yn 2013 publisearre troch de Amerikaanske útjouwerij Knopf. Marillier wûn der yn 2014 in Sir Julius Vogel Award mei yn 'e kategory bêste jeugdroman. It boek waard yn 2013 yn it Nederlânsk oerset troch Selma Soester en ûnder de titel Ravenvlucht publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Raven Flight spilet yn it optochte lân Alban (basearre op in Midsieuske foarm fan Skotlân), dêr't lju mei boppenatuerlike talinten ferfolge wurde troch de Oftwingers, de elitesoldaten fan 'e wrede kening Keldec. Yn it foargeande diel fan 'e trilogy, Shadowfell, waard ferteld hoe't de jongfaam Neryn, bejeftige mei krêften dy't se sels net begriep, nei in lange en gefaarlike reis de Skaadberch berikte, dat de basis is fan 'e lêste rebellen tsjin 'e tiranny fan Keldec. Underweis hat hja ûntdutsen dat hja in 'ropper' is, in minske dy't it fermogen hat om boppenatuerlike wêzens op te roppen en opdrachten te jaan. Hja mette ek in mysterieuze man dy't letter de Master fan 'e Skaden bliek te wêzen, ien fan 'e fjouwer hearskers oer de boppenatuerlike wrâld fan Alban, dy't har fertelde dat se de oare trije hearskers sykje moast om fan harren te learen hoe't se har talinten brûke kin.
Yn Raven Flight bringt Neryn de winter troch mei de rebellen yn 'e grotten fan 'e Skaadberch. De lieder is de garismatyske Regan, de soan fan in ealman waans famylje op befel fan Keldec útmoarde is. De ûnderbefelhawwer is de froulike kriger Tali, dy't Neryn de hiele winter troch op ûnmeilydsume wize treent om har kondysje te ferbetterjen en har te learen om harsels te ferdigenjen. De rebellen kinne yn 'e Skaadberch oerlibje troch de help fan it Goedfolk, de boppenatuerlike wêzens fan Alban, dy't harren iten en branje besoargje om 'e winter troch te kommen, mar dêrby elts direkt kontakt mije. It is Neryn dy't úteinlik, troch har jeften as ropper, it Goedfolk út syn sideplakken wit te krijen, sadat der in nea earder sjoene gearwurking tusken minsken en Goedfolk ûntstiet.
Der komt berjocht dat de ynfloedrike ealman Lannan de rebûlje stypje wol, mar allinnich as it plan om Keldec ôf te setten uterlik op 'e twadde Midsimmergearkomste nei no útfierd wurde sil. Dat set in tiidslimyt op al it dwaan en litten fan 'e rebellen. Foar Neryn begjint no in wedrin tsjin 'e klok om 'e oare trije hearskers fan it Goedfolk te finen en te learen om har talinten te brûken. Sadree't it maityd wurdt, set se dêrom ôf om it Aldwiif fan 'e Eilannen te sykjen, wêrby't Regan Tali meistjoerd om har te beskermjen. Tali, dy't temûk fereale is op Regan en foartiid altyd mei de rebellelieder op- en útgien wie, is dêr alhiel net bliid mei, mar geandewei de reis berikke Neryn en sy in ferstânhâlding en úteinlik reitsje se sels befreone.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Mei oanwizings fan it Goedfolk fan 'e Skaadberch is it Aldwiif fan 'e Eilannen net dreech te finen, hoewol't it wol problematysk is om har te berikken: se blykt ta te hâlden op it meast westlike fan 'e Westlike Eilannen, fier de see op. Dêr ienris oankommen, moat Neryn earst in swiere beproeving ûndergean ear't it Aldwiif deryn tastimd om har yn 'e lear te nimmen. Nei't se alles leard hat dat it Aldwiif fan 'e Eilannen har leare kin, keare Neryn en Tali werom nei it fêstelân. It is hast midsimmer en se reitsje behelle yn 'e feestdrokte fan al it folk dat nei de Midsimmergearkomste fan 'e kening reizget. Troch omstannichheden wurdt Tali oppakt troch de Oftwingers, mar mei help fan Neryn en harren freon Flint, in rebel dy't by de Oftwingers tsjinnet, wit se te ûntkommen.
Dêrnei reizgje Neryn en Tali daliks troch nei it ûndergrûnske paleis fan 'e Hear fan it Noarden, de twadde fan 'e trije hearskers fan it Goedfolk dy't Neryn besykje moat. Dêr komt Neryn foar in nij probleem te stean: de Hear hat him nei it ferstjerren fan syn dochter weromlutsen yn in betsjoende sliep en is net wekker te krijen. Oan Neryn de taak om in manear te finen om dat dochs foarinoar te krijen. As se úteinlik har doel berikt hat, stimt de Hear fan it Noarden deryn ta om har te learen wat er kin. Sawol Neryn as Tali meie graach yn syn paleis wêze en meitsje der freonen mank it Goedfolk, mar oan harren tiid dêr komt abrupt in ein as ien fan 'e wjukte ferkenners fan 'e Hear in groep ferwûne en oansleine rebellen weromkearen sjocht nei de Skaadberch. Neryn en Tali sette halje-trawalje ôf dêrhinne, en krije by harren oankomst it berjocht dat Regan omkommen is by in konfrontaasje mei in ealman dy't trou is oan kening Keldec. It falt dan ta oan 'e troch fertriet ferskuorde Tali om 'e lieding oer de opstân oer te nimmen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|