Springe nei ynhâld

Semsliny

Ut Wikipedy
De Semsliny tekene op in kaart út 1792

De Semsliny is de grins tusken de Nederlânske provinsjes Grinslân (benammen de krite Westerwolde) en Drinte. De rjochte grins rint fan it Huis ter Haar by Musselkanaal nei Wolfsbergen. Feitlik folget de grins fan Musselkanaal oant likernôch Stasjon Stadskanaal in wizige fariant fan de yn it earstoan fêststelde Semliny, mei de namme Koningsraai. Op dat plak makket de grins, in hast net te fernimmen knik.

De grins is yn 1615 fanwege de Steaten fan Drinte en Grinslân útset troch Johan de la Haye en Johan Sems. It fêststellen fan de grins waard nedich omdat yn dy jierren mei de ferfeanting úteinsette. Foar de 17e iuw wie de sompige krite min of mear sûnder wearde en wie it bepalen fan de krekte grins de muoite net wurdich west. In ekstra reden wie dat beide provinsjes Ter Apel hawwe woenen en se dat skeel út de wei hawwe woenen.

Op 2 maart 1615 wie de kaart mei de grins klear en de measten wiene it der oer iens. De Grinslanners hiene lykwols beswieren tsjin it taheakjen fan Ter Apel oan Drinte, mei it argumint dat it kleaster dêre ea by it bisdom Münster heard hie en nea by dat fan Prinsbisdom Utert, dêr't Drinte ea earder ta hearde, as part fan it Oversticht. Dat Johan Sems gong der wer oer gear en kaam oktober 1615 mei in kaart wêrop Ter Apel by Grinlân hearde. Dat noaske Drinte wer net.

In 1630 bepaalde steedhâlder Ernst Casimir dat de krite in gemeenschappelijke weide (Latyn compascuum) wêze soe. Sadwaande wie it mei skeel ynearsten dien. Pas yn 1817 waard de grins tusken de Barkelazwet, de grins tusken de Pekela's en Westerwolde, en de Dútske grins foarfêst fêstlein. Kening Willem I ferlei de grins fan de Barkelazwet ôf, dêr't oant 1969 de swette tusken de gemeenten Wildervank en Onstwedde de Semsliny rekken, mear nei it westen ta oant Musselkanaal, om dêrwei eastlik te rinnen en dan ûnder de Munnikedijk lân en de Runde bydel de Dútske grins te berikken. Kening Willem I syn rin fan de grins hjit de Koningsraai[1].

Fan de Semsliny wurdt wolris sein dat er streekrjocht nei de Martinitoer rint, mar út in mjitting út 1954 fan de Asser lânmjitter J. de Ruiter blyk dat it ferlingde fan de line de toer op 532 meter mist[2].

Wêrom't de grins nei Sems ferneamd is en net nei De la Haye is onduidelijk.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Golden Raand, Landschappen van Groningen; fan Meindert Schroor en Jan Meijering; Boekvorm uitgevers Assen 2007, ISBN 9789077548233 , s. 42 en s. 90
  2. Cultuurhistorisch beheer: Een projectleider aan het woord