Springe nei ynhâld

Searjemoardner

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Searjemoard)
De 'Bloedgrevinne' Elizabeth Báthory (1560-1614), dy't ein 15e, begjin 16e iuw yn wat no Slowakije is nei skatting mear as 650 famkes fermoarde.

In searjemoardner is in persoan dy't trije of mear minsken apart faninoar, by ferskillende gelegenheden, fermoarde hat, wêrby't de moarden plakfine oer in perioade fan mear as in moanne tiid. De oarsaken fan searjemoarden moatte hast altyd socht wurde yn 'e geastlike ôfwikings fan 'e dieder. Hoewol't de media en de film- en tillefyzjeyndustry it foarkomme litte as is it ferskynsel 'searjemoardner' wat nijs, hawwe der nei alle gedachten altyd al searjemoardners west, allinnich waarden spesifike gefallen yn it ferline selden goed dokumintearre. Saakkundigen binne fan betinken dat leginden oer wearwolven en fampieren wierskynlik weromgeane op oantinkens oan eardere searjemoardners. Yn 'e tweintichste iuw fûn 76% fan alle bekende gefallen fan searjemoarden yn 'e Feriene Steaten plak.

De redens dy't searjemoardners foar de troch harren begiene misdriuwen oandrage, hawwe almeast te krijen mei in abnormale psychologyske befrediging. It dúdlike tuskenskoft tusken de iene moard en de oare wurdt yn plysjejargon in 'ôfkuolperioade' neamd. Hoewol't de measte saakkundigen pas fan in searjemoardner sprekke as der trije of mear minsken apart faninoar fermoarde wurde oer in perioade fan mear as in moanne tiid, negearje guon gesachhawwende autoriteiten op dit mêd, wêrûnder de Amerikaanske federale resjerzje FBI, it kritearium fan trije of mear moarden, en sprekke al by twa fan sokke moardgefallen fan in searjemoardner.

Hoewol't psychologyske befrediging ornaris it motyf is foar it begean fan searjemoarden, en hoewol't de measte gefallen fan searjemoard ek in foarm fan seksueel kontakt mei it slachtoffer omfiemje, seit de FBI dat de motiven fan searjemoardners ek lulkens, it nimmen risiko's, finansjeel gewin en it sykjen nei oandacht wêze kinne. De moardgefallen wurdt yn 'e regel besocht of foltôge op in fêste wize (in modus operandi), dêr't saakkundigen daliks de dieder oan weromkenne. De slachtoffers hawwe hast altyd beskate dingen gemien, bygelyks âlderdom, uterlik, geslacht of ras. It is hiel ûngewoan as in searjemoardner dy't earst bgl. swarte manlju ta slachtoffer makke, ynienen oerstapt nei bgl. blûne froulju.

H.H. Holmes, ien fan 'e earste dokumintearre searjemoardners út 'e Feriene Steaten, dy't ûnder de Wrâldtentoanstelling fan 1893 yn in hotel yn Chicago teminsten 27 moarden útfierde.

Searjemoard is net itselde as massamoard, wêrby't in grut tal minsken by ien inkele gelegenheid ombrocht wurdt. In oar oanbesibbe begryp is spreekilling (útspr. "sprii-killing"), wêrby't ferskillende moarden efterinoar (yn 'e regel op deselde dei) begien wurde op ferskillende lokaasjes. Der bestiet neffens guon saakkundigen lykwols in oergongsfoarm tusken in searjemoardner en in spreekiller, wêrby't ferskate groepkes moarden begien wurde oer in perioade fan in pear wiken of in pear moannen sûnder dat der in dúdlike ôfkuolperioade tuskenyn sit.

Histoarysk kriminologen binne fan betinken dat it ferskynsel 'searjemoardner' fan alle tiden is, mar dat yn it ferline spesifike saken mar selden goed dokumintearre waarden. Se hawwe ek suggerearre dat de leginden oer boppenatuerlike meunsters, lykas wearwolven en fampieren, ynjûn waarden troch de dieden en/of de oantins oan miskende searjemoardners. It ierst bekende gefal fan in searjemoardner die him yn 144 f.Kr. yn Sina foar, doe't Liu Pengli, in folle neef fan keizer Jing, ta prins fan Jidong ferheft waard. Neffens de Sineeske histoarikus Sima Qian (145-86 f.Kr.) teach Liu der mei guon fan syn slaven of mei banditen op út om willekeurige boargers te fermoardzjen en harren besittings te stellen. Hoewol't dat rûnom bekend wie, doarst net ien it oan 'e keizer te melden oant 23 jier letter, doe't ûntdutsen waard Liu ûnderwilens teminsten al 100 minsken ombrocht hie. Om't er in neef fan 'e keizer wie, waard Liu lykwols net eksekutearre, mar fan syn aadlike status ûntdien en ferballe.

Yn 'e fyftjinde iuw makke de Frânske ealman Gilles fan Rais, in eardere striidmaat fan Jeanne d'Arc, him skuldich oan 'e ferkrêfting fan en moard op bern fan sljochtwei boeren, foar it meastepart jonges, dy't er ûntfierde út 'e doarpen yn 'e omkriten fan syn kastiel. Der wurdt rûsd dat Rais tusken de 140 en 800 slachtoffers makke hat. De Hongaarske ealfrouwe Elizabeth Báthory, byneamd de Bloedgrevinne, fierde in soartgelikens skrikbewâld en moat wol 650 famkes en jonge froulju deamartele hawwe foar't se yn 1610 arrestearre waard en fanwegen har aadlike titel net de deastraf krige, mar foar de rest fan har libben yn iensume opsluting finzen holden waard.

Op it Yndyske subkontinint wie foarôfgeande oan 'e Britske kolonisaasje de thugī-kultus aktyf, dy't yn elts gefal al fan 'e fjirtjinde iuw ôf bestien hawwe moat, en mooglik al fan 'e tolfde iuw ôf. De thugs, de oanhingers fan dy kultus, hongen in ekstreme foarm fan it sjaktisme oan, ien fan 'e haadtûken fan it hindoeïsme, wêrby't se om 'e goadinne Kālī tefreden te stellen strûkrôverij bedreaune dy't mank gie mei in rituële foarm fan moard troch wjirging mei giele sidene sjalen. Men hat berekkene dat der yn 'e likernôch fiifhûndert jier tusken 1340 en 1840 sa'n miljoen minsken troch de thugs fermoarde wêze moatte, wat delkomt op sa'n 2.000 yn 't jier. Ien opmerklik aktyf lid fan 'e sekte, Thug Behram, soe allinnich al 931 minsken ombrocht hawwe.

Angelo Buono jr., dy't yn 1977 en 1978 mei syn neef Kenneth Bianchi as de Hillside Stranglers yn Los Angeles teminsten 10 jonge froulju ferkrêfte en fermoarde.

It earste moderne gefal fan in searjemoardner wie dat fan 'e ferneamde Jack the Ripper, dy't tusken 1888 en 1891 yn Londen fiif oant alve prostituees fermoarde. Nettsjinsteande in ûnbidige ynset fan 'e Londenske plysje, wêrby't trouwens in protte moderne kriminele ûndersykstechniken ûntwikkele waarden, waard Jack the Ripper nea pakt. De saak-Jack the Ripper wie ek de earste moardsaak dy't troch de media sensasjonalisearre waard. Neitiid soe dat mei hast elts gefal fan searjemoard barre. Yn 'e Feriene Steaten wie H.H. Holmes, dy't yn 'e iere 1890-er jierren 27 slachtoffers makke yn syn hotel yn Chicago, ien fan 'e earste dokumintearre searjemoardners. Op it fêstelân fan Jeropa wie om dyselde tiid hinne Joseph Vacher aktyf, foar wa't de parse de bynamme 'de Frânske Ripper' betocht. Hy waard yn 1898 eksekutearre foar de moard op alve froulju en bern.

Ferneamde searjemoardners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en Bibliography, op dizze side.