Saskia Appel
Saskia Appel (Dokkum, 14 novimber 1977) is in Nederlânsk skriuwster.
Yn 2006 ferskynde har ferhaal Een politieagent vormt geen gevaar yn de bondel Duistere Parels, útjûn troch Suspense Publishing fan kollega skriuwer en útjouwer Jack Lance. Har ferhalebondel Verloren Onschuld kaam út op 1 augustus 2008 en waard presintearre op Castlefest. Dizze ferhalebondel waard útjûn by Books of Fantasy fan kollega-skriuwer en útjouwer Alex de Jong.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saskia Appel groeide op yn Damwâld. Se gie nei de Dr. Jacob Botkeskoalle yn Damwâld en dêrnei it Steedlik Gymnasium yn Ljouwert, se foltôge har middelbere skoalleoplieding VWO oan de Iepenbiere Skoallemienskip De Delta (tsjintwurdich Piter Jelles) yn Ljouwert. Yn Amsterdam studearre hja Skiednis oan de Frije Universiteit Amsterdam. Tsjintwurdich wurket hja as projektkoördinator by in útjouwerij.
Ynfloeden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saskia Appel waard sterk beynfloede troch Stephen King, Anne Rice, Isaac Asimov en H.P. Lovecraft.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2008 - Verloren Onschuld;
- 2008 - Pure Fantasy Jaarbundel III (ferskate auteurs, ferhaal: Nieuwsgierigheid kent geen tijd);
- 2008 - Pure Fantasy nr. 10 (ferskate auteurs, ferhaal: Bloemenspreuk);
- 2006 - Duistere Parels (ferskate auteurs, ferhaal: Een politieagent vormt geen gevaar;
- 2005 - Geen gebruiksaanwijzing (dichtbondel, ferskate auteurs, gedicht: Nul);
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1e plak maitiidsedysje Unleash Award 2006/2007;
- Oer-alles winner yn de kategory horror/suspense Unleash Award 2006/2007;
- 1e plak Suspensestory skriuwwedstriid 2006;
- 1e plak Anansi skriuwwedstriid 2001;
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |