Springe nei ynhâld

Stephen King

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stephen King (skriuwer))
Stephen King
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Richard Bachman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1947
berteplak Portland, Maine
wurk
taal Ingelsk
sjenre Horror, sciencefiction, skriller
útjouwer Ferskate
jierren aktyf 1974 - no
offisjele webside
http://www.stephenking.com/
Dizze side giet oer Stephen King de skriuwer. Foar oare betsjuttings, sjoch: Stephen King (betsjuttingsside).

Stephen Edwin King (Portland, Maine, 21 septimber 1947) is in Amerikaansk skriuwer fan ûnder oaren horror- en sciencefictionferhalen en thrillers. Syn boeken steane op listen fan bêst ferkochte boeken, sawol de list fan fiksje as dy fan non-fiksje. Hy is teffens filmakteur.

De ferhalen fan King befetsje meastentiids ûnopfallende personaazjes dy’t yn situaasjes telâne komme dy’t de lêzer tanimmend bang meitsje. Hy skriuwt ek literêrder wurk, sa as The Body, letter ferfilme as Stand By Me, mar ek Rita Hayworth and Shawshank Redemption en The Green Mile, letter bekend wurden as films ûnder de titels The Shawshank Redemption en The Green Mile. Ek The Stand waard nei de útjefte fan de ûnferkoarte ferzje ferfilme as in minysearje.

King waard berne op 21 septimber 1947 as soan fan Donald en Nellie Ruth Pillsbury-King. Doe’t hy noch jong wie, is syn heit by se weigien. Nellie hat Stephen en syn âldere broer David allinnich grutbrocht en de finansjele situaasje wie net altyd like roaskleurich. Se ferhuzen nei Durham yn Maine, mar se ha ek koarte skoftkes wenne yn Fort Wayne en yn Stratford (Connecticut). It falt op dat in soad boeken fan King harren ôfspylje yn de steat Maine.

King begûn as bern al te skriuwen. Doe’t er sawat trettjin jier âld wie, fûn er in doasfol âlde boeken fan syn heit yn it hûs fan syn muoike. De measte fan dy boeken befetten ferhalen yn de sjenres horror en sciencefiction. Hie wie der fuortdaliks oan ferslingere.

Fan 1966 oant 1970 studearre King Ingelsk oan de universiteit fan Maine. Dêr skreau hy in kollum yn de skoalkrante mei de titel King’s Garbage Truck. Op de universiteit moete er ek Tabitha Spruce, dêr't hy yn 1971 mei troude. King hie in ferskaat oan baantsjes om de stúdzje betelje te kinnen.

Nei't hy syn universitêre studzjes helle hie mei de titel Bachelor of Science in English en it sertifikaat om op middelbere skoallen lesjaan te meien, gie hy oan it wurk as learaar Ingelsk op in skoalle yn Hampden (Maine). Yn dy tiid wenne hy mei syn húshâlding yn in kampearwein. It wie bytiden dreech om rûn te kommen en it jild dat hy fertsjinne mei koarte ferhalen dy't publisearre waarden yn blêden foar manlju, koene se hiel goed brûke. King hie ek drankswietens, dêr't hy mear as tsien jier mei wraksele hat.

Yn dy perioade begûn King mei it skriuwen fan in oantal ferhalen. Ien fan dy ferhalen gie oer in jong famke mei boppenatuerlike krêften. Om't it ferhaal him frustrearre, smiet hy it fuort. Letter kaam hy der efter dat Tabitha it ferhaal fûn hie en út it jiskefet fiske hie. Se helle him oer om it ferhaal ôf te meitsjen ûnder de namme Carrie. Hy stjoerde it ferhaal nei in freon fan him ta, dy't by in útjouwerij wurke. Dêrnei wie King dit min ofte mear fergetten. In skoftke letter krige hy in foarútbetelling fan $2500 en waard de roman publisearre. Jierren letter soene de publikaasjerjochten ferkocht wurde foar $400.000.

Yn On Writing, in boekje oer hoe't hja skriuwe moatte soene, jout King ta dat hy tsjin dy tiid hieltyd dronken wie. Hy jout ek oan dat de alkoholistyske heit út De Shining foar in grut part op him sels basearre is, wylst hy dat jierren lang net tajûn hat.

Koart nei't it boek The Tommyknockers publisearre wie, griepen syn famylje en syn freonen yn troch ien fan syn jiskepûden op it flierkleed dat foar him lei te goaien. Dat wie om him mei syn ferslavingen te konfrontearjen. Ut de pûde kamen saken as bygelyks bierblikjes, sigarettepeuken, kokaïne, Valium® en Xanax®. Hy socht help en hy hold op fan drinken yn de letter jierren tachtich.

It sil fans fan King grif opfalle dat de relative rykdom fan syn karakters lykop giet mei syn eigen finansjele situaasje: de karakters út syn earste boeken binne minsken mei in minimaal ynkommen, dêrnei kamen karakters dy't ta de middenklasse rekkene wurde kinne, lykas leararen en skriuwers. Dat waard folge troch karakters dy't mei gemak in twadde hûs betelje kinne. Foar King syn populariteit hat dit neat útmakke.

Yn de simmer fan 1999 waard King troch in ûngemak troffen. Hy waard oanriden wylst hy oer in heuvel rûn en mear as fjouwer meter de loft yn slingere. By it delkommen miste er as by in wûnder de sydkant fan de auto en in steapel rotsblokken. Underweis nei it sikehûs krige er in klaplong. Hy hie ek syn rjochter skonk op meardere plakken brutsen en ek syn rjochter heup en fjouwer ribben. Syn knibbel lei yn twaën en hy hie ek skea oan syn rêchbonke. De bestjoerder fan de auto, Bryan Edwin Smith, waard feroardiele ta seis moanne sel ûnder betingst en hy wie it rydbewiis in jier kwyt. Syn ferklearring wie dat hy ôflaat wie troch de hûn.

King hat trije wiken yn it sikehûs lein en hy hat nei't hy út it sikehûs wei wie noch sawat seis operaasjes hân. Ek hie hy fysioterapy. Hy gie troch mei skriuwen, mar hy koe net langer as fjirtich minuten sitte om't it liif him dan te sear die. Riding the Bullet (yn it Nederlânsk oersetten as Achtbaan) is it earste boek dat hy nei syn ûngemak skreau. It is ek it earste boek dat hy publisearre as e-boek. Oant no ta is dit it populêrste e-boek dat ea ferskynd is. King hat it auto-ûngemak ek ferwurke yn syn magnum opus De Donkere Toren en yn de minysearje Kingdom Hospital

King liet de auto fan Smith troch syn advokaat opkeapje. Nei eigen sizzen om foar te kommen dat de wein op eBay telâne komme soe.

Understeld pensjoen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 2002 soe King sein ha dat hy ophâlde soe fan skriuwen nei't hy de wurken dêr't hy mei dwaande wie, klear hawwe soe. Letter joech hy oan dat de sjoernalist dêr't hy mei sprutsen hie, mear út syn wurden oannommen hie dan dat hy yn werklikheid sein hie. Hy skriuwt sûnt dy tiid wol minder, mar hy is net opholden.

King wennet yn Bangor, Maine, mei syn frou Tabitha, dy't ek boeken skriuwt. Se ha trije bern; dochter Naomi King (1970), soan Joe Hill (1972) en soan Owen King (1977). Harren beide soanen binne ek skriuwer wurden.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]