Islamitysk gebed

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Salah)
Moslims yn in moskee yn Syrje fiere de salah út.

It islamitysk gebed is it ritueel gebed sa't dat útfierd wurdt troch oanhingers fan 'e islamityske godstsjinst. It hjit yn it Standertarabysk صلاة, "kommunikaasje", wat ornaris transliterearre wurdt as salah (sekuerdere transliteraasje: ṣalāẗ) of soms as salat of salaat (de -t is yn it Standertarabysk stom, mar wurdt yn talen dy't dit wurd as lienwurd oernommen hawwe, faak wol útsprutsen). De Standertarabyske meartalsfoarm is صلوات, salawaat (sekuerdere transliteraasje: ṣalawāt). De Perzyske namme foar it islamitysk gebed is نَماز, namaaz (sekuerdere transliteraasje: namāz). It rituële islamitysk gebed (salah), dat mienskiplik en yn it iepenbier útfierd wurdt, moat net betize wurde mei in persoanlik gebed, dat yn privee-omstannichheden dien wurdt; dat hjit yn it Arabysk ذعاء, du‘ā’ ("oanropping").

It islamitysk gebed is ien fan 'e Fiif Pylders fan 'e islaam en wurdt beskôge as in religieuze plicht foar eltse moslim, oft dy no man of frou is. Foar bern dy't de puberteit noch net berikt hawwe en foar lju dy't in geastlike beheining hawwe, is de salah net ferplichte. Foar froulju dy't de regels hawwe of dy't bliede yn 'e fjirtich dagen nei't se in bern te wrâld brocht hawwe, is dielnamme oan 'e salah ferbean, om't sok blieden beskôge wurdt as in foarm fan ûnreinens. Oan it islamitysk gebed giet dan ek in rituële wasking foarôf, itsij mei wetter (wudu), of, as dat net foarhâns is (lykas yn 'e woastinen fan Araabje) mei sân (tayammum). Men wurdt achte om it gesicht te waskjen, de hannen, de earms oant de earmtakken en de fuotten oant de ankels. Yn islamityske lannen wurdt de leauwenden harren religieuze plicht tebinnenbrocht mei de aḏan, de rituële oprop ta it gebed, dy't de muezzin mei in lûdsprekker docht fan 'e minaret fan 'e moskee ôf.

It islamitysk gebed is in fysike, mentale en spirituële foarm fan oanbidding, dy't fiif kear deis, op fêststelde tiden, útfierd wurde moat mei de holle yn 'e rjochting fan Mekka, it hillichste plak fan 'e islaam. De fiif tiden binne:

  1. fajr (فجر): moarnsdage oant sinne-opgong;
  2. ẓuhr (ظهر): nei de middeisoere;
  3. aṣr (عصر): op 'e middei;
  4. maġrib (مغرب): sinne-ûndergong oant de jûnsskimer;
  5. iša’ (عشاء): nei it oanbrekken fan 'e nacht (d.w.s. as it tsjuster is).

As men troch omstannichheden in gebed misse moat, kin men dat letter op in oare tiid fan 'e dei ynhelje. Sa'n ynhelle foarm fan 'e salah hjit in qaḏa. As men op reis is en by beskate oare omstannichheden mei de salah yn ynkoarte foarm ferrjochte wurde. It wurdt ornearre dat in mienskiplik islamitysk gebed mear maatskiplike en spirituële wearde hat as in islamitysk gebed dat troch in leauwende yn isolaasje fan oaren dien wurdt. Dêrom geane in soad moslims, as dat mooglik is, foar it útfieren fan 'e salah nei de moskee, dêr't de imaam foargiet yn gebed. Dêrby steane de leauwenden yn rigen opsteld efter de imaam, dy't krekt as de leauwenden mei it gesicht nei de qibla ("preekstoel") ta stiet.

By it útfieren fan it islamitysk gebed hearre beskate lichemsposysjes dy't mank geane mei it útsprekken fan beskate fersen út 'e Koraan. Men begjint yn steande posysje mei it útsprekken fan 'e takbīr (اَللهُ أَكْبَرْ, allāhu ’akbar, "God is grut"), wêrnei't ferskate koranyske fersen folgje. Dêrnei folgje (ûnder it útsprekken fan mear takbīrs en mear koranyske fersen) in steande bûging, in twadde steande hâlding, in sittende bûging wêrby't men mei de foarholle de grûn rekket, in sittende hâlding, in twadde sittende bûging en in twadde sittende hâlding. Al dy lichemsposysjes en opsizzings mei-inoar foarmje ien rakah (of rakat, rakaat; sekuerdere transliteraasje: rak‘āẗ, mt.: raka‘āt). It oantal ferplichte (fard) raka‘āt per islamitysk gebed is 2 by de fajr; 3 by de maġrib; en 4 by de ẓuhr, aṣr en iša’. Foar sûne minsken is de salah net jildich as men net rjochtop stiet, of as men earne tsjinoan linet. As men om 'e iene of oare reden net stean kin (fanwegen lichaamlike beheindens, sykte of ferwûnings, of om't men yn in auto of op in hynder of kamiel ûnderweis is), mei it islamitysk gebed hielendal sittend útfierd wurde, wylst siken it ek hielendal lizzend útfiere meie, as se net sitte kinne.

It wichtichste doel fan it islamitysk gebed is om 'e leauwende op geregelde tiden oan God tinke te litten. Dêropta komt de kommunikaasje fan 'e leauwende mei God, wêrby't er tankberens betoant foar alle seingings yn syn libben en himsels ûnderwerpt oan 'e wil fan God. (It wurd 'islaam' betsjut letterlik "ûnderwerping".) It is dêrom saak dat immen dy't it islamitysk gebed útfiert, der mei de kop by is, en himsels net yn tinzen wei reitsje lit. Neffens de islamityske lear moat in moslim der altyd fan útgean dat it gebed dat er docht syn lêste is; dêrom moat hy of sy besykje om it sa goed mooglik út te fieren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.