Saba
| |||||
Offisjele taal | Nederlânsk, Ingelsk | ||||
Haadstêd | The Bottom | ||||
Steatsfoarm | bysûndere gemeente fan Nederlân | ||||
Gebiet % wetter |
13 km² -% | ||||
Ynwenners (2004) | 1428 | ||||
Munt | Amerikaanske Dollar (USD) | ||||
Tiidsône | UTC -4 | ||||
Nasjonale feestdei | Saba Day, earste freed fan desimber | ||||
Lânkoade | BES | ||||
Ynternet | .an/.nl (.bq) | ||||
Tillefoan | 599 |
Saba is in Nederlânsk eilân yn de Karibyske See. It is it lytste bewenne eilân fan de eardere Nederlânske Antillen. Mei Sint Maarten en Sint Eustaasjes foarmet it de SSS-eilannen. Saba is sûnt 10 oktober 2010 in "bysûndere gemeente" fan Nederlân (formiel in iepenbier lichem). Tegearre mei Bonêre en Sint Eustaasjes foarmet it hjirmei de BES-eilannen. Der wenje likernôch 1.400 minsken op Saba, dêr't de measten fan yn it haadplak The Bottom wenje. It eilân wurdt pleatslik ek wol 'De Unskansearre Keninginne' (The Unspoiled Queen) neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saba soe op 13 novimber 1493 ûntdutsen wêze troch Kristoffel Kolumbus, doe't der noch yndianen op it eilân wennen. Kolumbus neamde it eilân San Cristóbal.
In mooglike ferklearing foar de namme fan it eilân is dat dit ôfkeart waard as S. †bal en as Saba lêzen waard. In oare ferklearing kin wêze dat Saba in fariant wêze soe op it Nederlânske wurd fan skoech, omdat de wichtichste yndustry op it eilân skuonmakker wie doe’t de Dominikaan Jean-Baptiste Labat it eilân yn 1701 besocht. Ek it wurd ‘siba’, dat Arawak-Yndiaansk is foar ‘stien’ kin in ferklearing wêze.
Yn 1632 sloech in Ingelsk skip brek by Saba; de oerlibjenden wiene nei alle gedachten de earste Jeropeeske bewenners fan it eilân. Yn 1635 kleemde in Frânsman it eilân foar Loadewyk XIII fan Frankryk. Yn 1640 die de West Yndyske Kompanjy in ekspedysje nei Saba fan Sint Eustaasjes ôf om it eilân te kolonisearjen. Dy kolonisten soene yn 1664 troch Sir Henry Morgan wer fan it eilân ferjage wurde. Sûnt 1816 is it eilân lykwols Nederlânsk besit. Oerbliuwsels fan de earste delsettings binne te finen op it westlik part fan Saba, by Tent Bay.
Saba is in stik as wat kearen fan ‘eigner’ wikselle. Neist Nederlân en Ingelân hawwe ek Frankryk en Spanje gesach oer it eilân hân.
Yn de 17e en 18e iuw wie de grutste yndustrie fan Saba de eksport fan sûker en rum. Letter spile ek de fiskerij, benammen de fiskerij op kreeft, in wichtige rol yn de ekonomy fan it eilân.
Yn 1938 waard begûn mei it oanlizzen fan in dyk op it eilân. Oant dat jier bestie de ynfrastruktuer op it eilân allinnich noch mar út treppen. Yn 1960 is op it noardlike puntsje fan Saba in fleanfjildsje boud. Yn 1965 dy’t de earste telefyzje harren yntroduksje op it eilân. Elektrisiteit waard opwekt troch in generator, dochs wie der net alle dagen stream, dat wie pas fan 1970 ôf it gefal.
Yn 1969 waard de doe 23-jierrige Joseph Richardson administrateur fan Saba. Hy wie de earste net-blanke administrateur op de Nederlânske Antillen.
Saba wie oant 1983 ta in ûnderdiel fan it eilângebiet de Boppenwynske eilannen, wêr’t ek Sint Eustaasjes en Sint-Marten ta behearden. Yn 1983 krige it in selsstannige status as eilângebiet en in eigen sit yn de steaten.
Op 1 septimber 2009 makke Saba bekend fuortendaliks út de Nederlânske Antillen stappe te wollen. Dit fanwegen it barren dat Saba net langer wachtsje woe op de ûntwikkelings om de takomst fan de Nederlânske Antillen hinne.[1] Neffens steatssekretaris Bijleveld fan it Keninkryksrelaasjes wie it foar Saba lykwols juridysk net mooglik om op dat stuit út de Antillen te stappen.[2]
Op 10 oktober 2010 waarden de Nederlânske Antillen opheft, wêrtroch Saba, lykas Sint Eustaasjes en Bonêre, as iepenbier lichem in soarte fan bysûndere gemeente fan Nederlân waard.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saba leit 30 kilometer súdwestlik fan Sint-Marten. It eilân hat in trochsnee fan likernôch 4,5 kilometer en in oerflak fan 13 kante kilometer. Saba bestiet út in deade fulkaan, Mount Scenery, mei fjouwer lavakoepels. De hellings rinne steil de kanten fan de see op. De kust bestiet út rotsen. De fulkaan is 877 meter heech, en dêrmei it heechste punt fan it Keninkryk der Nederlannen. It klimaat is tropysk fochtich, it eilân is begroeid mei sekundêr reinwâld. Noardlik fan Saba leit in lyts ûnbewenne rotseilân dat ek by it eilângebiet heard: Grien Eilân.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wenje likernôch 1.400 minsken op Saba. Sa’n twatredde fan de befolking hat de Nederlânske nasjonaliteit, mar 43% hjirfan is op it eilân berne. Fan de ynhiemske befolking is sawat de helte blank. Dat binne neikommelingen fan de earste Siuwske kolonisten of fan Skotske en Ierske seerôvers dy’t yn de rin fan de tiid op it eilân wenje kamen. De oare, swarte, helte fan de befolking binne neikommelingen fan slaven dy’t troch de Nederlanders fan Afrika út oanfiert waarden. Dêrneist ferbliuwe der sa’n 200, benammen Amerikaanske, studinten dy’t studearje oan de Universiteit fan Saba. Fierder binne der in protte eilânbewenners ôfkomstich fan oare lannen en eilannen út it gebiet.
Opfallend oan de efternammen fan de ynwenners fan Saba is dat in kwart hjirfan Johnson of Hassell hjit.
De befolking wennet ferspraat oer fjouwer doarpen:
- The Bottom; mei 462 ynwenners (telling út 2001)
- Windwardside; mei 418 ynwenners
- Zions Hill; mei 283 ynwenners
- St. Johns; mei 186 ynwenners
Yn tsjinstelling mei de ABC-eilannen wurdt der op de SSS-eilannen, dat ek op Saba, Ingelsk sprutsen. Op Saba is 88% fan de minsken it Ingelsk de memmetaal, foar 5% is dat Spaansk en foar mar 2% is dat it Nederlânsk. Oant in pear jier werom waard der op de skoallen op Saba yn it Nederlânsk les jûn, hjoed de dei is it in ferplicht fak op skoalle. Sadwaande behearsket it grutste part fan de befolking it Nederlânsk wol.
De ynwenners fan Saba binne oer it algemien Roomsk-Katolyk. Ek is der yn Wesleyaanske Hilligens Mienskip op it eilân. Fierder binne der lytse groepen Joaden, Moslims, Sândeiske-adfentisten en Anglikaansken te finen.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilânbestjoer bestiet út in bestjoerskolleezje (fiif sitten) en in eilânried (fiif sitten).
Saba hat ien sit yn de Steaten fan de Nederlânske Antillen.
Eilânried
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Utslach fan de eilânriedsferkiezings fan 20 april 2007 | ||||
---|---|---|---|---|
Partij | Partijlieder | Stemmen | Persintaazje | Sitten |
Windward Islands People's Movement (WIPM) | Rolando Wilson | 448 | 73,81 | 4 |
Saba Labour Party (SLP) | Akilah Levenstone | 159 | 26,19 | 1 |
Opkomst | - | 607 | 85,61 | 5 |
Gearstelling eilânried:
- Chris Jonhson - WIPM
- Bruce Zagers - WIPM
- Carl Buncamper - WIPM
- Rolando Wilson - WIPM
- Akilah Levenstone - SLP
Histoarysk ferrin sitferdieling eilânried | |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 2007 | 2003 | 1999 | 1995 | 1991 | 1987 | 1983 |
Windward Islands People's Movement (WIPM) | 4 | 3 | 4 | 2 | 4 | ? | ? |
Saba Labour Party (SLP) | 1 | 0 | 1 | - | - | - | - |
Saba United Democratic Party (SUDP) | - | 2 | - | - | - | - | - |
Saba Democratic Labour Movement (SDLM) | - | - | - | 3 | 1 | ? | ? |
Totaal | 5 | 5 | 5 | 5 | 5 | 5 | 5 |
Bestjoerskolleezje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gesachhawwer: Sydney Sorton
- Deputearde: Chris Johnson - WIPM
- Deputearde: Bruce Zagers - WIPM
- Eilânssekretaris: Menno van der Velde
Steatkundige herfoarmings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 5 novimber 2004 keazen de ynwenners fan Saba foar rjochtstreekse bannen mei Nederlân.
Utslach referindum fan 5 novimber 2004 | ||||
---|---|---|---|---|
Opsje | Stimmen | Persintaazje | ||
A: Rjochtstreekse bannen mei Nederlân | 555 | 86,05 | ||
B: Underdeel bliuwe fan de Nederlânske Antillen | 85 | 13,18 | ||
C: Unôfhinklikheid | 5 | 0,78 | ||
Blanko en net-jildige stimmen | 21 | - | ||
Opkomst | 666 | 77,80 |
Uteinlik berikke Saba (lykas Bonêre en Sint Eustaasjes) op 11 oktober 2006 oerienstimming mei Nederlân oer in nije status as in ‘bysûndere gemeente’ fan Nederlân. Dit giet oan it ein fan 2008 yn.
Yn desimber 2006 waard bekend dat Noard-Hollân Saba, Sint Eustaasjes en Bonêre by die provinsje ha wol.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Saba leit mar ien dyk, The Road (De dyk). Dizze dyk hat in totale lingte fan 14 kilometer en komt by elts plak op it eilân del. De konstruksje hjirfan waard dien troch Josephus Lambert Hassell, in autodidakt op it gebiet fan it bouwen fan diken. De konstruksje fan de dyk waard dien tusken 1938 en 1961. Pas yn 1947 soe de earste auto op it eilân oankomme.
Yn 1963 waard in lyts fleanfjild oan de noardkant fan it eilân boud. It fleanfjild, mei de namme Juancho E. Yrausquin Airport, hat in lanningsbaan fan 400 meter en hat dêrmei de koartste lanningsbaan foar kommersjeel gebrûk op de wrâld. Hjirtroch binne mar trije type fleantúgen geskikt om op it eilân te lânen. Der wurdt geregeld fan Sint-Marten ôf, troch de Windward Island Airways (Winair), op it eilân flein.
Yn 1972 waard in pier boud yn Fort Bay om it foar boaten makliker te meitsjen op it eilân te kommen. De fearboaten Dawn II en The Edge reizgje beide trije kear yn de wike fan Sint-Marten nei Saba.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn St. Johns steane in basisskoalle, de Hillige Hert Basisskoalle en in middelbere skoalle, de Skoallemienskip Saba.
It eilân hat sûnt 1988 in medyske fakulteit, it SABA University School of Medicine, dy’t benammen in protte studinten út de Feriene Steaten lûkt. In de perioaden dat der les joen wurdt wenje der likernôch 300 minsken mear op Saba as oars.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynwenners fan Saba libje foaral fan it toerisme. De measte toeristen, hjoed de dei binne dat der sa’n 25.000 yn it jier, binne dei-toeristen dy’t moarns fan Sint-Marten út oankomme op it eilân, de fulkaan, mei harren 1064 treden, beklimme en middeis wer fuort geane. Op Saba binne ek in pear dûkskoallen festige.
Oant 1993 wienen der sân rieskoallen op it eilân. Dizze rieskoallen garandearren dat de minsken yn in wike tiid in riebewys helje koenen. Nei weromkear yn Nederlân koe dit riebewys omwiksele wurde foar in Nederlânsk riebewys. Doe’t Nederlân yn 1993 hjir in ein oan makke krige de ekonomy fan Saba in flinke klap.
Op it eilân wurkje 220 amtners. Dat betsjut dat likernôch 16% fan de ynwenners amtner is.
De Nederlânske yngenieur Frans Brugman hat yn fiif jier tiid alle autintike hutsjes fan Saba yn kaart brocht en op de kompjûter ynfiert. Hy ûntduts dat de Ingelsken in soarte fan foarfabrisearre húskes meitsje liten yn Kanada, dy’t dêrnei nei Saba taskipt waarden. De hutsjes foldogge net mear oan de easken fan de befolking.
Op Saba wurdt mei de Nederlânske Antilliaanske Gûne betelle, mar ek de Amerikaanske dollar wurdt oer it hiele eilân akseptearre.
Natuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Saba libje relatyf folle flearmûzen. Der wenje sân soarten flearmûzen op Saba, dit binne de Monophyllus plethodon, de Artibeus jamaicensis, de Ardops nichollsi, de Brachyphylla cavernarum, de Natalus stramineus, de Tadarida brasiliensis en de Molossus molossus.
Súdwestlik fan Saba leit de Sababank, in ûnderseeske ferheging yn de Karibyske See. Yn dit gebiet libje in protte koraalriffen, fisken, kreeften, skyldpaden en sûchbisten.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|