Zions Hill
Zions Hill, pleatslik ek wol Hell Gate neamd, is in doarp op Saba, in eilân fan de Nederlânske Antillen. Yn 2001, by de lêste folkstelling, wennen der 283 minsken yn it doarpke. Zions Hill bestiet út twa parten: Upper Hell’s Gate en Lower Hell’s Gate.
It heechste part fan Zions Hill, Upper Hell’s Gate, leit op in hichte fan likernôch 450 meter. Hjirmei is it plakje it heechste doarp fan it Keninkryk fan de Nederlannen. De tradisjonele hutten, dy’t rûnom op Saba te finen binne, stean hjir tsjin de berch oan. Dizze huzen binne diels op peallen boud.
It leechste part fan Zions Hill, Lower Hell’s Gate, leit op in hichte fan likernôch 30 meter. Dit part jout in goed útsjoch oer de Karibyske See. Eartiids wie hjir ek in swevelmyn, mar hjoed de dei is dy net mear iepen.
Fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Zions Hill stiet ien tsjerke, de Hillige Roazekrânstsjerke (Holy Rosary Church). Dizze stiennen roomsk-katolike tsjerke is boud yn 1962. Dit gebou docht ek tsjinst as mienskipssintrum wêr’t troch besikers de lokale Saba Drank, ek wol Spaanske Drank of Saba Krûd, in pleatslik makke rum, dronken wurde kin.
By it doarp heart ek it leger lizzzende Flat Point. Op dit stikje grûn is it lytse fleanfjildsje fan Saba boud, Juancho E. Yrausquin Airport, it lytste kommersjele fleanfjild op de wrâld.