Sababank
De Sababank is in rjochthoekige ûnderseeske ferheging mei in ôfflakke boppekant. De bank leit sa’n 3 oant 5 kilometer súdwest fan Saba en likernôch 25 kilometer westlik fan Sint Eustaasjes. De Sababank hat in lingte fan 60 oant 65 kilometer en in breedte fan 30 oant 40 kilometer, it totale oerflak dêrmei is 2200 kante kilometer. De wetterdjipte leit tusken de 20 en 40 meter oer it grutste part fan de bank.
Atol
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sababank hat in tal kenmerken fan in typysk atol, yn dy foarm is it ien fan de grutste atollen op de wrâld. De natuerlike rykdommen fan de Sababank omfetsje organismen as koraalriffen, fisken, kreeften, skyldpodden en sûchdieren.
Gifbank
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in part fan de Sababank, de Gifbank, wurdt net fiske. Dit is omdat de fisken yn dit part fan de Sababank ynfektearre binne mei siguatera, in fergiftige stof dy't him troch it fiedselweb hinne opsteapelt. Dit fergif ynfektearret earst de fisk en wurdt dan oerdroegen op de minske. Gruttere âldere fisken fan in soarte wurde makliker ynfektearre as jongere yndividuele fisken fan deselde soarte.
Fiskers fiskje net yn dizze seksje fan de Sababank en de omkriten hjirfan. Al generaasjes lang is bekend dat yn it ferline in protte minsken fergiftige binne troch fisken op te iten dy’t yn dit gebiet fong binne. Hoefolle fergiftigingen plak fûn ha troch it iten fan fisken út dit gebiet is net wis.
Jurisdiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likernôch in tredde fan de Sababank makket ûnderdiel út fan it eilângebiet fan Saba, wylst twatredde ta de Ekonomyske Fiskerij Sône (EFS) by de Nederlânske Antillen heart. De jurisdiksje tsjinoer de fiskerij yn de territoriale wetters fan Saba is yn hannen fan it Bestjoerskolleezje fan Saba.
Oalje en gas
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De geologyske skiednis fan de Sababank jout oanwizings dat de Sababank kommersjeel brûkt wurde kin om oalje en gas te winnen. Yn 1977 en 1982 hawwe der ekspedysjes west, mar beide kearen waard der gjin wichtige mannichte oalje en gas ûntdutsen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sababank spilet al lange tiid in wichtige rol yn de ekonomy fan Saba en de Nederlânske Antillen.
Saba Resources N.V. hat yn it ferline de Sababank útliend oan oaljebedriuwen dy’t de bank eksplorearren. Hoewol't der gjin oalje fûn waard smiet it dochs in protte jild op. Dit soarte ûndernimmings leveret ek winst op foar de befolking fan Saba. It smiet ek in soad tydlik wurk op.
It gemiddelde netto ynkommen út de fiskerij fan Saba is likernôch $500.000 it jier. Hjirfan komt sa’n 95% fan de Sababank ôf.