Reitsje-de-Wolkens-Oan
Reitsje-de-Wolkens-Oan | ||
Reitsje-de-Wolkens-Oan yn 1877. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maȟpíya Ičáȟtagya of Maȟpíya Íyapat’o | |
oare namme | Touch-the-Clouds | |
berne | ±1838 | |
berteplak | ? | |
stoarn | 5 septimber 1905 | |
stjerplak | oan de Cherry Creek (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Minnikonzjû | |
jierren aktyf | 1870 – 1905 |
Reitsje-de-Wolkens-Oan (Lakota: Maȟpíya Ičáȟtagya, útspr.: [maχ'pi:ja i'ʧa:χtaɡja] of Maȟpíya Íyapat’o, útspr.: [maχ'pi:ja i:'japatˀo]; Ingelske oersetting: Touch-the-Clouds; ±1838 – 5 septimber 1905) wie in opperhaad fan 'e Minnikonzjû-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy stie bekend om syn dapperens op it slachfjild, syn lichemskrêft, syn feardichheid as taktikus en syn oanlis foar diplomasy.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reitsje-de-Wolkens-Oan moat berne wêze tusken 1837 en 1839, as de jongste soan fan it ynfloedrike Minnikonzjû-opperhaad Inkele Hoarn en dy syn frou Stiet-op-'e-Grûn. Ien fan syn âldere bruorren wie de haadman Bûnte Wapity, dy't yn 1890 ien fan 'e slachtoffers fan it Bloedbad fan Wounded Knee wêze soe, en syn folle neef wie it ferneamde Oglala-opperhaad Mâl Hynder, waans libben oft er yn 1870 rêde doe't in man dy't fan Gjin Wetter hiet him besocht dea te sjitten by in rûzje om in frou. As folwoeksene stie Reitsje-de-Wolkens-Oan bekend om syn langte en krêft (dêr't er ek syn namme oan tanke). Neffens in beskriuwing fan 'e Amerikaanske luitenant Henry R. Lemly, dy't him yn 1877 mette, soed er rom 1.95 m lang en hast 130 kg swier west hawwe sûnder dat der ûns fet oan him siet.
Kriger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin 1870 wie Reitsje-de-Wolkens-Oan as kriger ûnder syn folk yn heech oansjen kommen te stean en joech er lieding oan syn eigen Minnikonzjû-troep. Ferskate kearen fierde er Minnikonzjû-krigers oan by oerfallen op buorfolken lykas de Krieën (Crow) en de Sjosjoanen (Shoshone). Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 hold Reitsje-de-Wolkens-Oan him ôfsidich, en bleau er mei syn troep by it Cheyenne River Agintskip. Nei de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn juny 1876, wêrby't it 7de Kavaleryrezjimint fan generaal George Armstrong Custer fierhinne útrûge waard, bepleite er by de Yndiaansk agint en de pleatslike Amerikaanske legerkommandant de saak fan 'e neutraal bleaune Minnikonzjû. De Amerikanen wiene der lykwols fan oertsjûge rekke dat de Yndianen yn it reservaat temûk de opstannelingen stipen, dat der waard risselwearre om 'e reservaatbefolking alle wapens en hynders te ûntnaderjen.
Ein septimber 1876, doe't Reitsje-de-Wolkens-Oan lucht krige fan 'e plannen fan it leger, late er in útbraak út it reservaat troch de Lakota fan 'e Minnikonzjû- en Sâns Ark-substammen, dy't sa halje-trawalje organisearre waard dat de tipy-peallen efterlitten wurde moasten. De oankomst fan dizze flechtlingen en harren opperhaden yntrodusearre in wat evenrediger elemint yn 'e lieding fan 'e frije Lakota bûten de reservaten. Yn oktober 1876 befochten se mei-inoar de Amerikanen yn ûnderskate skermutselingen by de nije wei oan 'e rivier de Tongue lâns. Nei't Mâl Hynder en Sittende Bolle mei harren troepen nei earnewêr oars ôfset wiene, holden Reitsje-de-Wolkens-Oan en oare haadlju fan 'e Minnikonzjû petearen mei de Amerikaanske generaal Nelson A. Miles, om te ûnderhanneljen oer in mooglike oerjefte. Nei in fiif dagen duorjend ûnderhâld mei it ynfloedrike âlde Brulee-opperhaad Bûnte Sturt, stimde Reitsje-de-Wolkens-Oan yn febrewaris 1877 ta yn in oerjefte, en ried er op 14 april fan dat jier mei syn troep nei it Bûnte Sturt Agintskip yn noardwestlik Nebraska, dêr't er syn gewear oanbea oan 'e Amerikaanske generaal George Crook.
Likernôch in healjier lang wenne Reitsje-de-Wolkens-Oan freedsum yn 'e neite fan it Bûnte Sturt Agintskip, dêr't de Amerikanen him kennen learden as "in earbere en freedsume Yndiaan, in goed man, dy't neat hawwe moast fan fijannichheden, en in fredesstifter wie," sa't de tolk Louis Bordeaux it ûnder wurden brocht. It leger helle him sels oer om tsjinst te nimmen as ferkenner, en makke him ta sersjant. Reitsje-de-Wolkens-Oan syn skoandere relaasjes mei de blanken kamen oan 'e ein fan 'e simmer lykwols slim yn 'e knipe doe't it leger yn augustus hawwe woe dat er harren holp by it befjochtsjen fan 'e Nez Persé, dy't út harren reservaat brutsen wiene en besochten om nei Kanada ta te ûntkommen, en doe't yn septimber yn syn oanwêzichheid syn neef Mâl Hynder yn Amerikaanske finzenskip deade waard.
Opperhaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn oktober 1877 besocht Reitsje-de-Wolkens-Oan de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., as lid fan in Lakota-delegaasje. Letter dyselde moanne, doe't it Bûnte Sturt Agintskip ferpleatst waard, joegen hy en syn troep har by it Reade Wolk Agintskip, fan 'e Oglala. Hy tsjinne dêrop in oanfraach yn om wer nei it Cheyenne River Aginstkip weromkeare te meien, dêr't syn Minnikonzjû-sibben taholden, en yn febrewaris 1878 waard dat him tastien.
De rest fan syn libben brocht Reitsje-de-Wolkens-Oan troch yn it Cheyenne River Reservaat, útsein in útstapke yn 1898 nei Omaha, yn Nebraska, dêr't er frege waard foar de Trans-Mississippi and International Exposition. Yn 1882 waard er keazen ta ien fan 'e seis tradisjonele regearjende opperhaden fan 'e Minnikonzjû, en yn dy hoedanichheid ûntjoech er him ta ien fan 'e wichtichste en ynfloedrykste lieders fan syn stamme en sette er him mei hert en siel yn foar de rjochten en de takomst fan syn folk. Hy ferstoar op 5 septimber 1905 oan 'e igge fan 'e Cherry Creek yn it Cheyenne River Reservaat fan Súd-Dakota. Hy wie teminsten twaris troud en hie ferskate dochters en yn elts gefal ien soan, Amos Charging First, dy't him opfolge as opperhaad.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |