Springe nei ynhâld

Puffin Books

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Puffin Plus)
Puffin Books
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1940
oprjochter Allen Lane
eigner Pearson PLC
mem Penguin Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.puffin.co.uk

Puffin Books is in Britske útjouwerij fan berneboeken, dy't fêstige is yn Londen. It is in ymprint fan Penguin Books. Sûnt de sechtiger jierren is Puffin de grutste berneboeke-útjouwer fan it Feriene Keninkryk en ien fan 'e grutste en meast foaroansteanden yn 'e hiele Angelsaksyske wrâld.

Yn 1939, fjouwer jier nei de oprjochting fan 'e Britske útjouwerij Penguin Books, waard it idee foar in spesjale berneboeke-ymprint berne doe't redakteur Noel Carrington oan Penguin-eigner Allen Lane foarstelde om in rige printeboeken foar bern te publisearjen, basearre op 'e felkleure boekjes dy't doedestiden massaprodusearre waarden foar bern yn 'e Sovjet-Uny. Lane seach dêr daliks brea yn, en it earste printeboek waard yn 1940 útbrocht ûnder in nije ymprint dy't Puffin Books kaam te hjitten. De namme, dy't "seepappegaai" betsjut (in clownesk fûgeltsje dat bern grif oanspriek), wie in logyske fuortsetting fan 'e al besteande ymprints Penguin ("pinguin") en Pelican ("pillekaan"). In selde soarte namme hie Puffin syn lettere ymprint foar jongfolwoeksenen, it yn 'e santiger jierren yn ûnbrûk rekke Peacock ("pau").

De printeboeken wiene in grut súkses, en in protte dielen fan 'e rige ferskynden oant yn 'e jierren santich as werprintingen. Yn 1941 ferskynde de earste fiksje by Puffin, yn 'e foarm fan it boekje Worzel Gummidge, fan skriuwster Barbara Euphan Todd. De earste haadredaktrise fan Puffin Books, Eleanor Graham, lavearre de ymprint troch de swierrichheden fan 'e fjirtiger jierren hinne, doe't troch de krapte yn en nei de Twadde Wrâldoarloch papier op 'e bon moast. Yn 'e fyftiger jierren fêstige Puffin foargoed syn namme mei de útjefte fan sokke klassikers as The Lion, the Witch and the Wardrobe, fan C.S. Lewis, en Charlotte's Web, fan E.B. White. Teffens publisearre Puffin yn dy tiid boeken mei berneferskes.

Graham waard yn 1961 opfolge troch Kaye Webb, dy't de fûnskatalogus fan 151 titels by har oanstelling útwreide oant 1.213 titels yn 1969. Under har lieding krige Puffin de rjochten yn hannen op klassikers as Mary Poppins, Dr. Dolittle en The Hobbit, wylst yn 'e jierren santich nije bestsellers as Charlie and the Chocolate Factory, fan Roald Dahl, en Watership Down, fan Richard Adams, by Puffin ferskynden. Webb sette fierders yn 1967 útein mei de Puffin Club, in soarte fan boekeklub foar bern. Yn 't earstoan wie dy tige súksesfol, mei op it hichtepunt wol 200.000 leden, mar tsjin 1987 wie it in ferlieslijende operaasje wurden dy't sadwaande omfoarme waard ta de Puffin Book Club dy't inkeld noch fia it leger ûnderwiis aktyf wie. Oan 'e Puffin Club wie ek it tydskrift Puffin Post ferbûn, dat jierrenlang fjouwer kear jiers ferskynde, en nei in hiaat fan ferskate desennia yn 2009 nij libben ynblaasd waard.

Yn 'e tachtiger jierren profitearre Puffin te'n folste fan it nije fenomeen fan film-spin-offs, wêrby't berneboeken publisearre waarden op basis fan Hollywood-films. Puffin gie doe sadwaande nauwe bannen oan mei de Walt Disney-studio's en ferskate oare filmprodusinten. Yn dyseldichste snuorje kaam ek it ferskynsel op fan aventoereboeken op basis fan kompjûterspultsjes. Teffens sette Puffin yn 'e tachtiger jierren útein mei in nije ymprint foar jongfolwoeksenen, dy't de namme Puffin Plus krige, mar yn 2010 omneamd waard ta Razorbill ("alk"). Sûnt de njoggentiger jierren hat Puffin ek wurk útjûn fan wrâldstjerren as Kylie Minogue en Madonna.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Further reading en External links, op dizze side.