Springe nei ynhâld

Prins Edwardeilân

Ut Wikipedy
Prins Edwardeilân
Prince Edward Island
flagge wapen
Latyn: Parva sub ingenti
("De lytsen beskerme troch de grutten")
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting PE
lân Kanada
status (jier) provinsje (1873)
haadstêd Charlottetown
grutste stêd Charlottetown
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 140.204 (2011)
befolkingstichtens 24,8 / km²
oerflak 5.660 km² (ynkl. wetter)
5.660 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -4
webside www.gov.pe.ca

Prins Edwardeilân (Ingelsk: Prince Edward Island; Frânsk: Île-du-Prince-Édouard), gauris (ûnoffisjeel) ôfkoarte ta PEI of P.E.I. (de offisjele ôfkoarting is PE), is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it uterste súdeasten fan it lân, dêr't it mei Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân gauris beflapt wurdt ûnder de namme fan de Kustprovinsjes (the Maritimes). Teffens heart it ta Atlantysk Kanada. Wat oerflak oanbelanget is Prins Edwardeilân de lytste provinsje fan Kanada, mei mar 0,1% fan it nasjonaal grûngebiet. De haadstêd en teffens de grutste stêd fan 'e provinsje is Charlottetown. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Prins Edwardeilân doe goed 140.000 ynwenners, wat delkomt op 0,4% fan 'e totale Kanadeeske befolking.

Prins Edwardeilân is ferneamd nei de Britske prins Edwert, hartoch fan Kent en Strathearn (1767-1820), de fjirde soan fan kening George III, en de heit fan keninginne Fiktoaria. De lânseigen Mikmak-Yndianen neame it eilân Abegweit of Epekwitk, wat rûchwei betsjut: "lân dat skûlet mank de weagen". Prins Edwardeilân hat ferskate bynammen, wêrûnder Garden of de Gulf ("tún yn 'e baai", ferwizend nei de lizzing yn 'e Saint Lawrencebaai of Gulf of Saint Lawrence). Ek wurdt it wol it "Berteplak fan 'e Konfederaasje" of de "Widze fan 'e Konfederaasje" neamd, fanwegen de Konferinsje fan Chalottetown, yn 1864, wêrby't besletten waard ta de oprjochting fan 'e Kanadeeske Konfederaasje.

It gloaiende lânskip fan Prins Edwardeilân.

Prins Edwardeilân hat in oerflak fan 5.660 km², dat frijwol folslein út lân bestiet. De provinsje beslacht it eilân mei deselde namme en in stikmannich folle lytsere eilantsjes, en leit yn 'e Saint Lawrencebaai, noardeastlik fan Nij-Breunswyk, noardwestlik fan Nij-Skotlân en westlik fan Kaap Bretoneilân. De see-ingte oan 'e súdkant, dy't Prins Edwardeilân skiedt fan it fêstelân fan Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân, hjit de Strjitte fan Noardumberlân. Sûnt 1997 is Prins Edwardeilân mei Nij-Breunswyk ferbûn troch de Confederation Bridge. It haadeilân sels hat in langwerpige foarm, wêrby't de beide úteinen nei it easten en westen wize. It bestiet út gloaiend heuvellân mei in kustline fan strannen, dunen, reade sânstiennene kliffen en op beskate plakken sâltwettersompen. Der binne twa befolkingssintra: Charlottetown, dat oan 'e súdkust, op likernôch in trêdepart fanôf de eastpunt fan it eilân leit, en Summerside, ek oan 'e súdkust, mar 40 km westliker.

De oarspronklike bewenners fan Prins Edwardeilân binne de Mikmak, dy't der al taholden doe't de earste Jeropeaan der foet oan lân sette. Dat wie de Frânske ûntdekkingsreizger Jacques Cartier, yn 1534. Prins Edwardeilân waard neitiid in ûnderdiel fan 'e Frânske koloanje Akadia, en krige de namme Île Saint-Jean ("Sint-Janseilân") taparte. Yn 1745, ûnder de Eastenrykske Súksesjeoarloch, waard it doetiidske haadplak fan it eilân, Port-la-Joye, ferovere troch Britske koloniale troepen út Nij-Ingelân, dy't it plakje platbaarnden en it eilân besetten. Mei help fan 'e Akadiaanske boargermilysje en de Mikmak wisten Frânske troepen yn 1746 de Nijingelanners te ferdriuwen. Yn 1758 waard it eilân lykwols foargoed troch de Britten ferovere, en yn 1763 moast Frankryk einlings frijwol al syn besittings yn Noard-Amearika opjaan.

Neitiid kaam it eilân, dat de Britten yn dy tiid St. John's Island neamden, by de koloanje Nij-Skotlân te hearren, oant it yn 1769 in aparte koloanje waard. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch waard Prins Edwardeilân yn 1775 oanfallen troch Amerikaanske kapers út Massachusetts. Nei de oarloch setten har party Amerikaanske loyalistyske flechtlingen, dy't oan 'e kant fan 'e Britten meifochten hiene, op it eilân nei wenjen. Ein 1798 waard de lytse koloanje offisjeel omneamd ta Prince Edward Island.

De rivier de Cardigan, eins in smelle tijstream.

Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech Prins Edwardeilân him ta in modieus fakânsje-oard foar aventoerlike Fiktoriaanske aadlike fermiddens, dy't omseagen nei in elegant ûntwyk yn 'e neite fan 'e see. Yn septimber 1864 waard op it eilân de wichtige Konferinsje fan Charlottetown holden, wêrby't besletten waard ta de oprjochting fan 'e Kanadeeske Konfederaasje. Dat barde yn 1867, mei Ontario, Kebek, Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân as earste dielsteaten. Prins Edwardeilân sels sleat him der pas yn 1873 by oan, nei't plannen om selsstannich te bliuwen, of sels om lid te wurden fan 'e Feriene Steaten, op 'e non rûn wiene.

Yn 'e tweintichste iuw krige de provinsjale ekonomy fan Prins Edwardeilân ûnder de Grutte Depresje in flinke knau. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch libbe de sitewaasje fierhinne op, mar fan 'e jierren santich ôf rekke de ekonomy wer yn it ûnleech, mei grutte migraasje nei Ontario as gefolch. Tusken 1993 en 1997 waard de Confederation Bridge oanlein, wêrfan't de namme ferwiist nei de Konferinsje fan Charlottetown. Dat wie de earste fêste ferbining fan it eilân mei it Kanadeeske fêstelân.

Prins Edwardeilân hat in provinsjaal parlemint mei 27 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt bestjoerd troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Prins Edwardeilân yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 4 fan 105 sitten (3,8%), en yn it Legerhûs troch 4 fan 308 sitten (1,3%).

In fiskershaven op Prins Edwardeilân.

De provinsjale ekonomy fan Prins Edwardeilân wurdt dominearre troch de lânbou, de fiskerij en it toerisme. Swiere yndustry komt op it eilân frijwol net foar. It wichtichste lânbougewaaks is de jirpel, dêr't jiers 1,3 miljoen ton fan produsearre wurde. Likernôch 25% fan alle Kanadeeske konsumpsjejirpels komt út Prins Edwardeilân. De provinsje is ek in grut produsint fan poatjirpels, dy't nei mear as tweintich ûnderskate lannen eksportearre wurde. De fiskerijsektor stipet fral op 'e fangst fan kreeften en it kweken fan oesters en moksels.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Prins Edwardeilân doe 140.204 ynwenners, wat 3,2% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 2011 24,8 minsken de km². De mearderheid fan 'e Prins Edwardeilanners is fan Noardjeropeesk etnysk komôf, mei as wichtichste groepen Skotten (39,2%), Ingelsen (31,1%), Ieren (30,4%), Frânsen (21,1%), Dútsers (5,2%) en Nederlanners (3,1%). (Dizze persintaazjes binne op ôfkomstich fan selsidentifikaasje by de folkstelling fan 2011, wêrby't men op it mêd fan ôfstamming meardere etnisiteiten ynfolje koe.)

De kust fan Prins Edwardeilân by Cavendish.

Saakkundigen binne fan tinken dat eins hast 50% fan alle Prins Edwardeilanners fan Skotsk komôf binne, en as dat persintaazje kombinearre wurdt mei dy fan 'e Ieren en Welsen moat krapoan 80% fan 'e ynwenners fan Keltyske ôfstamming wêze. De grutste net-Westerske etnyske minderheid wurdt foarme troch de Sinezen (1,3%). Oare etnyske minderheden binne de lânseigen Mikmak-Yndianen (0,7%), dy't benammen op it westlike diel fan it eilân wenje, en de Frânsktalige Akadianen (2,2%), dy't ôfstamje fan 'e iere Frânske kolonisten en fral konsintrearre binne om Miscouche hinne, yn it súdwesten.

Op it mêd fan godststjinst bestiet mear as 93% fan 'e befolking fan Prins Edwardeilân út kristenen, wêrûnder 47% roomsen en 46% protestanten. De grutste protestantske denominaasjes binne de feriene protestantske United Church of Canada (20%), de presbyterianen (6%) en de anglikanen (5%). Ateïsten en agnosten foarmje 6,5% fan 'e befolking.

De fjoertoer op it eilantsje Panmure.

Prins Edwardeilân hat eins gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar it Ingelsk fungearret as de de facto offisjele taal. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2006 is dat ek de memmetaal fan in grutte mearderheid (93,8%) fan 'e befolking fan 'e provinsje. It Frânsk wurdt as memmetaal sprutsen troch rom 5.300 minsken (4,0%), wêrûnder sa'n 3.000 Akadianen. Yn grutte wie yn 2006 it Nederlânsk de trêde taal fan Prins Edwardeilân, mei 865 sprekkers (0,6%), folge troch it Dútsk, it Spaansk, it Sineesk, it Arabysk en it Hongaarsk, allegear mei mear as hûndert sprekkers. It lânseigen Mikmak waard op Prins Edwardeilân noch sprutsen troch 90 minsken (0,1%).

Prins Edwardeilân hat in seeklimaat dat deun tsjin in lânklimaat oanskoarret. Yn july en augustus, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis fan 23 °C, en yn jannewaris en febrewaris, de kâldste moannen, is dat –3,3 °C. It eilân kriget jiers trochinoar 855 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 285 sm snie. Tusken desimber en april stoarmet it geregeldwei, mei dêrûnder ek sniestoarmen. By 't maityd bliuwe de temperatueren leech oant it see-iis yn 'e Saint Lawrencebaai raand is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
               Kanada
Flagge fan Kanada
provinsjes
Alberta • Britsk-Kolumbia • Kebek • Manitoba • Nijfûnlân en Labrador • Nij-Breunswyk • Nij-Skotlân • Ontario • Prins Edwardeilân • Saskatchewan
territoaria
Yukon • Noardwestlike Territoaria • Nûnavût
· · Berjocht bewurkje