Pontyske boskmûs
Pontyske boskmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Apodemus ponticus | ||||||||||||
Sviridenko, 1936 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige |
De Pontyske boskmûs (Latynske namme: Apodemus ponticus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn Súd-Ruslân en de Kaukasus.
Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Om persiis te wêzen strekt it ferspriedingsgebiet fan 'e Pontyske boskmûs him út oer de Súdrussyske Koeban-regio (fanôf de See fan Azov oant de Kaukasus), en fierders oer Abgaazje, Georgje, Súd-Osseesje, Armeenje, Azerbeidzjan, eastlik Turkije (mei it Pontusberchtme dêr't er nei neamd is) en mooglike it noardwesten fan Iraan en it uterste noarden fan Irak.
Besibskip en taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It wurdt wierskynlik (mar net wis) achte dat de Pontyske boskmûs eins in ûndersoarte (of mooglik sels in synonym) fan 'e grutte boskmûs (Apodemus flavicollis) is. De reden foar de ûndúdlikheid is dat it eardere Izerne Gerdyn yn 'e tweintichste iuw lange tiid de ferliking fan eksimplaren ûnmooglik makke. Foar de Pontyske boskmûs wurdt inkeld ek wol de namme Apodemus fulvipectus brûkt, mar dat is yn wurklikheid in synonym foar de Perzyske boskmûs (Apodemus witherbyi).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Sûchdieresoarte
- Kjifdier
- Mûseftige
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Nagorno-Karabach
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Turkije