Grutte boskmûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Grutte boskmûs
Apodemus flavicollis (Ratiborice).jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: mûseftigen (Muridae)
skaai: boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus flavicollis
Melchior, 1834
IUCN-status: net bedrige

De grutte boskmûs of gielhalsboskmûs (Latynske namme: Apodemus flavicollis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat yn hast hiel Jeropa foarkomt, en teffens yn dielen fan westlik Aazje. Yn Nederlân hat er in bedrige status en libbet er mar op in pear plakken; yn Fryslân komt er hielendal net foar. De grutte boskmûs is nau besibbe oan 'e (mar justjes lytsere) boskmûs (Apodemus sylvaticus), dêr't er lang mei betize waard. Pas yn 1894 waard er erkend as in aparte soarte.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Algemien foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fersprieding fan 'e grutte boskmûs.

De grutte boskmûs is lânseigen yn it grutste part fan Jeropa, útsein noardlik Ruslân, noardlik Finlân, noardlik en westlik Skandinaavje, Iislân, Ierlân, Skotlân en noardlik Ingelân, Portegal, sintraal en súdlik Spanje, westlik Galysje, Kataloanje, westlik Frankryk, it grutste part fan Flaanderen, hast hiele Nederlân, Apúlje (de hakke fan 'e Lears fan Itaalje) en hast alle eilannen yn 'e Middellânske See behalven Korfû. Yn it easten komt er yn Ruslân oant foarby de Oeral yn westlik Sibearje foar, mar net 'e Koeban. Yn it Heine Easten libbet er yn 'e súdwestlike Kaukasus en by de kusten fan Lyts-Aazje lâns oant yn 'e Levant. Yn it Sagrosberchtme fan Iraan en yn súdlik Ingelân en Wales besteane grutte populaasjes dy't isolearre binne fan 'e rest fan it ferspriedingsgebiet. It wurdt wierskynlik achte dat de Pontyske boskmûs (Apodemus ponticus), út 'e Kaukasus en de Koeban, eins in ûndersoarte fan (of mooglik sels synonym mei) de grutte boskmûs is (de grins tusken de beide soarten is it eardere Izerne Gerdyn, dat ferliking fan eksimplaren lange tiid ûnmooglik makke).

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân komt de grutte boskmûs inkeld algemien foar yn 'e Vijlener bosken fan Súd-Limburch en yn 'e eastpunt fan 'e Achterhoeke. Mar sûnt likernôch 2005 liket er in opmars begûn te wêzen út Dútslân wei nei it westen ta, wêrby't er almar faker oantroffen wurdt yn it Grinslânske Westerwâlde en yn eastlik en súdeastlik Drinte. Fierders hawwe der isolearre (mar befêstige) waarnimmings west op 'e noardlike Feluwe, yn Twinte en yn Midden-Limburch. Yn Fryslân komt de grutte boskmûs (noch) net foar. Om't syn fersprieding yn Nederlân sa krap is, stiet er op 'e Nederlânske Reade List foar bedrige bistesoarten.

In grutte boskmûs is hast net te sjen mank fallene blêden.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte boskmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8½-12½ sm, mei in sturtlingte fan 9-13 sm en in gewicht fan 20-50 g. Hy liket tige op 'e bosk- of heidemûs (Apodemus sylvaticus), mar hat in wat langere sturt, in justjes grutte postuer en gruttere earen en eagen. Boppedat weagje grutte boskmûzen trochinoar hast oardel kear safolle as boskmûzen. It hier is by de grutte boskmûs op 'e rêch gielbrún oant readich brún en op 'e búk is it frij helder wyt. Der rint in skerpe demarkaasjeline tusken dy beide kleuren oer de fangen. Om 'e hals hinne hawwe grutte boskmûzen almeast in ûnûnderbrutsen bân fan gielich hier, dy't har oan har alternative namme fan gielhalsboskmûs holpen hat.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de grutte boskmûs de troch tiken feroarsake Frühsommer-meningoensefalitis oan 'e minske oerbringe kin, wylst er sels ymmún is foar dy sykte. Ek kinne grutte boskmûzen dragers wêze fan it Dobrava-firus, in foarm fan it hanta-firus.

Grutte boskmûzen binne goede klimmers.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutte boskmûzen libje foar it meastepart yn wâlden, wêrby't se faak yn it bysûnder oan 'e wâldsiggen te finen binne. Yn bercheftige kontreien is dat minder it gefal en bewenje se alle dielen fan in wâld yn gelikense mjitte. Fierders libje se ek gauris yn gebieten mei in protte strewelleguod, hagen, wyngerds en/of plantaazjes. Hy jout de foarkar oan streken mei grutte nutedragende beamsoarten as de iik en de hazzenutebeam. Hy kin him ek mank minsklike bewenning ophâlde, yn parken en grutte tunen. De grutte boskmûs weaget him minder as de boskmûs op iepen terrein. Yn 'e Alpen komt er oant boppe de beamgrins foar. Yn útsûnderlik strange winters wol er wol ris beskûl sykje yn huzen.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte boskmûs is it hiele jier troch aktyf en hâldt gjin wintersliep, al jouwe soms in stikmannich eksimplaren har winterdeis op in protsje del om warmte te sparjen. Grutte boskmûzen binne nachtdieren dy't noch better klimme en springe kinne as de boskmûs, en fan gefolgen wurde se faak yn nêstkasten oantroffen. As er oppakt wurdt, kin de grutte boskmûs in stik lûdroftiger protestearje en agressiver fan him ôfbite as de boskmûs, hoewol't er foar soartgenoaten oer krekt in stik minder agressyf is.

In grutte boskmûs fongen yn in mûzestap.

It territoarium fan 'e grutte boskmûs is trochstrings grutter as dat fan 'e boskmûs. Mantsjes hawwe in territoarium dat oprinne kin fan 5.000 m² oant soms wol 5 ha. Loslitten eksimplaren kearden fan in ôfstân fan 1 km sûnder swierrichheden werom nei it plak dêr't se fongen wiene. Hoewol't se goed grave kinne en dat ek gauris dogge (bgl. om itensfoarrieden oan te lizzen), dolle grutte boskmûzen mar komselden har eigen hoalen. Ynstee meitsje se gebrûk fan hoalen dy't makke binne troch mollen, wylde kninen, wrotmûzen of sels dassen. Ek brûke se wol besteande hoekjes en herntsjes yn it lânskip, lykas rotsspjalten en loaze romten ûnder beamwoartels en rotsen. Ek nêstkasten dy't bedoeld binne foar fûgels wurde faak troch grutte boskmûzen kreake.

De sosjale struktuer is noch net alhiel dúdlik, mar it tinken is dat grutte boskmûzen polygaam binne. De peartiid begjint in pear wike earder as by de boskmûs, en rint fan maart oant oktober. Nei in draachtiid fan likernôch 3½ wike wurde dan 2-3 kear jiers 3-8 jongen smiten, dy't 18 dagen lang by de mem drinke. Grutte boskmûzen plantsje har yn ferhâlding ta oare mûzen frij stadich fuort; inkeld de jongen dy't yn 'e maityd smiten wurde, kinne har datselde jiers noch fuortplantsje – de oaren wurde pas oan it begjin fan 'e folgjende maityd geslachtsryp. De populaasjetichtheid is ferlykber mei dy fan 'e boskmûs, en berint trochinoar 1-100 de ha. Grutte boskmûzen hawwe yn it wyld in trochsneed libbensferwachting fan 4 moannen, mei in maksimum fan oardel jier. Yn finzenskip kinne se 5 jier âld wurde. De wichtichste rôfdieren dêr't de grutte boskmûs foar oppasse moat, binne ferskate soarten ûlen, de foks, martereftigen lykas de harmeling, de wezeling en de beamotter, en, as er him te deunby minsklike bewenning weaget, de hûskat.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In grutte boskmûs yn 'e snie, yn Finlân.

Grutte boskmûzen frette yn haadsaak alderhanne soarten sied (benammen fan gerssoarten) en nuten, fral fan beammen as de iik, hazzenutebeam, bûk, esk, linebeam, hagedoarn en eskdoarn. Dêrnjonken meie se ek wol fruchten en beien, blomknoppen, poddestuollen en moas. Fierders steane ek ynsekten, tûzenpoaten, spinnen, reinwjirms en slakken op it menu. Grutte boskmûzen lizze faak grutte itensfoarrieden oan; sa is yn Ruslân ris in foarrie ûntdutsen dy't 4 kg ikels, 4 kg hazzenuten en ¼kg sied omfette.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte boskmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en de populaasje yn 'e measte lannen stabyl is. Fanwegen syn krappe foarkommen yn Nederlân stiet er hjir lykwols op 'e Nederlânske Reade List foar bedrige bistesoarten. De namme Apodemus arianus is in synonym foar de grutte boskmûs.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, J., It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.