Pontianustsjerke (Marsum)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pontianustsjerke
Marsum, Pontianustsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
plak Marsum
adres Buorren 20
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Aldste dielen ± 1200 (tsjerke); toer 13e iuw
webside PKN-Bitgum e.o.

De Pontianustsjerke oan de Buorren is in protestanske tsjerke op it hichste punt fan de terp fan Marsum.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste dielen fan de yn de roomske tiid oan paus Pontianus wijde tsjerke datearje út likernôch 1200 en binne boud fan dowestien en kleastermoppen. Foaral oan de noardlike kant fan de tsjerke is it muorrewurk fan dowestien bewarre bleaun. Ek binne dêr noch twa tichmitsele romaanske finsters te sjen en hoe heech de oarspronklike tsjerke west hat. Yn de 15e iuw krige de tsjerke mei de doe noch lytse heechlizzende ramen yn de súdlike muorre foar it earst gotyske finsters. Om 1770 waarden in grut part fan de tsjerke fernijd en it tsjintwurdige koer út giele bakstien boud.

De oarspronklik fan kleastermoppen boude toer is 13e iuwsk en waard oan de súdlike en westlike kant mei gieltsjes ommantele. Lykas oare Fryske tsjerken wie de toer oarspronklik mei in sealtek ôfsletten. Healwei de 19e iuw waard it sealtek ferfongen troch de hjoeddeiske spits op de toer. Yn de toer is in smei-izeren oerwurk út 1500, de twa wizerplaten binne fan 1646.

Oersjoch ynterieur

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynrjochting út it ein fan de 17e iuw is noch foar in grut part oanwêzich. Foar de iken preekstoel oer steane twa hearebanken út 1670 en 1671. In tredde hearebank út de 18e iuw stiet yn it koer.

Yn de toer hingje twa klokken fan Hans Falck, dy't getten binne yn 1618.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1804 boude Albertus van Gruisen in nij oargel yn de Marsumer tsjerke. Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 1984. It oargel hat 16 registers, ferdield oer haadwurk en rêchwurk en oanhongen pedaal.

Tsjerklike gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanôf 14 desimber 2003 foarmen de herfoarme gemeente fan Marsum, de herfoarme gemeente fan Bitgum en Ingelum en de grifformearde gemeente fan Bitgummole in Samen op Weg-federaasje. Dat rûn op 17 febrewaris 2013 út op in fúzje fan de gemeenten.[1]

Om't it foar de protestanske gemeente jimmeroan dreger waard de fjouwer monumintale tsjerkegebouwen te ûnderhâlden, waard de Marsumer tsjerke yn 2013 tegearre mei dy fan Bitgum en Ingelum oerdroegen oan twa stiftings. De stifting "De krobbe derút" draacht sûnt soarch foar it ûnderhâld en behâld fan de Pontianustsjerke. De protestanske gemeente bliuwt it gebou brûken foar tsjerketsjinsten.[2][3][4]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: