Pontianus (paus)
Pontianus (paus) | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
stjerdatum | 235 | |
stjerplak | Sardynje | |
paus fan Rome | ||
amtsperioade | 230-235 | |
foargonger | Urbanus I | |
opfolger | Anterus | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke |
Pontianus (Latynsk foar "brêgeman"; † 235) waard op 21 july 230 keazen as biskop fan Rome.
Pontianus folge paus Urbanus I op. Op dat stuit wie Hippolytus noch jimmeroan tsjinpaus. Wylst keizer Sevearus Aleksander oangeande religieuze saken tolerant west hie, makke syn opfolger Maksiminus Traks mei geweld in ein oan it skisma fan Hippolytus. Hy liet paus Pontianus tegearre mei tsjinpaus Hipolytus mei oare tsjerklike lieders arrestearje. Se waarden ferballe nei Sardynje en dêr yn 'e minen finzen set dêr't se twangarbeid dwaan moasten.
Fanwegen dy straf koe Pontianus min oars as op 28 septimber 235 ôftrede om sa romte te meitsjen foar in nije paus. Dy datum fan ôfgean is de ierst bewiisde krekte datum yn de skiednis fan de pausen. Neffens de Liber pontificalis ferstoar Pontianus noch itselde jier fanwegen de ûnminsklike behanneling dy't er yn de minen fan Sardynje ûndergean moast.
Syn omskot waard troch paus Fabianus nei Rome helle en yn de Kalikstus-katakombe begroeven. Pontianus wurdt as earste pauslike martler as hillige fereare.
De dei dêr't Pontianus op betocht wurdt is 13 augustus. Syn feestdei wie eartiids op 19 novimber, mar is no mei dy fan de tsjinpaus Hippolytus fêststeld op 13 augustus. Syn grêfplaat waard pas yn 1909 werom fûn.
De Marsumer Pontianustsjerke waard oarspronklik wijd oan paus Pontianus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Cäcilia von Rom
|