Springe nei ynhâld

Pinksterblom (gebrûk)

Ut Wikipedy

Pinksterblom is in folksgebrûk dat yn de 19e iuw noch dien waard yn Boalsert, Frjentsjer, Makkum, Harns, Molkwar en op Skylge. Op of om Pinksterblom waarden fraai oppronke famkes of frjemd toaide jonges as pinksterblom by de huzen del laat.

Yn Makkum wie de Pinksterblom in jonkje, troch de fabryksarbeiders op in ljedder meidroegen, ûnder in fersierd koepelfoarmich timpeltsje. By de omgong hearden ferskes; dy fan Boalsert en Skylge binne oerlevere. Tanksij publikaasje troch Jaap Kunst is it Skylger lietsje Hier komt onze fiere Pinksterbloem yn hiel Nederlân bekend. Op in skilderij út 1817 fan Nicolaas Baur fan Harns is in groepke Pinksterblomgekken te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: