Springe nei ynhâld

Pieter Baukes Rijpma

Ut Wikipedy
Pieter Baukes Rijpma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter Baukes Rijpma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 maaie 1829
berteplak Penjum (Fryslân)
stjerdatum 31 july 1895
stjerplak Penjum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút 1854
karriêre-ein 1864
wichtige prestaasjes
PC: 5× earste priis

Pieter Baukes Rijpma (Penjum, 9 maaie 1829 – dêre, 31 july 1895) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw fiif kear de PC wûn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rijpma waard yn 1829 berne yn Penjum, yn 'e doetiidske gritenij Wûnseradiel. Mei Rients D. Yntema, dy't ek út Penjum kaam, en Willem Klazes Boorsma fan Tsjummearum wûn Rijpma op 9 july 1854 de fyfde edysje fan 'e PC yn Frjentsjer. Dat wie tagelyk de earste PC dêr't de winners fan oerlevere binne. De wedstryd waard doe noch ferkeatst op it Ald Keatsfjild, bûten de Frjentsjerter greften, dat no de strjitte is tusken de Stasjonsbrêge oer it Van Harinxmakanaal en Saakstra's Brêge oer de Alde Trekfeart.

Yn 1858, doe't de PC ûnderwilens ferpleatst wie nei it Sjûkelân, yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, wûn Rijpma de wedstryd op 'e nij, diskear mei in folslein út Penjum ôfkomstich partoer, dat fierders bestie út Rients D. Yntema en Rijpma syn neef Pieter Ulbes Rijpma. Nei't yn 1859 de PC net trochgean koe fanwegen in pokke-epidemy, wûn Rijpma it wichtichste keatsbarren fan it jier noch trije kear efterinoar, yn 1860, 1861 en 1862. Op 1 augustus 1860 en 31 july 1861 died er dat wer yn 'e mande mei Rients D. Yntema en Pieter Ulbes Rijpma, en op 30 july 1862 mei Rients D. Yntema en Hielke F. Post fan Kimswert.

Yn totaal garre Pieter Baukes Rijpma 15 punten op foar it Ivich Keatsklassemint. Yn 1864 hold er op mei keatsen. Hy kaam yn 1895 yn 'e âlderdom fan 66 jier yn syn wenplak Penjum te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: